Dimitré Dinev

Publisearre op 10 april 2014

JANTSJE POST – 

‘It wurd as thús’, achtergrûnynformaasje oer Dimitré Dinev
‘Yn de frjemdte skriuwe, bestjut: nei deselde loft, deselde sinne, deselde stjerren, deselde moanne sjen as de autochtoanen, deselde loft ynademje, yn deselde natuer libje, mar net ûnderwurpen wêze oan deselde wetten as harren,’ skriuwt Dimitré Dinev yn syn essay In der Fremde schreiben. Libje as yllegaal, útbuit en ferhûddûke wurde, mar dochs de humor en de moed net ferlieze, dat is wat Dinev oerbringt yn syn ferhalen. ‘De feitlike frjemdte is dêr wêr’t men elk momint ôfskood wurde kin.’  Sintrale téma’s yn it wurk fan Dinev binne minsken oan ’e râne fan de maatskippij en it bestean fan flechtlingen.

En Dinev wit sels wat it is. Hy is yn 1968 berne yn it Bulgaarske Plovdiv, gong dêr nei it gymnasium en publisearre yn it Bulgaarsk, Russysk en Dútsk. Yn 1990 flechte er foar it kommunistyske rezjym nei Eastenryk, dêr’t er jierren as yllegaal libbe en de kost fertsjinne mei allerhande gelegenheidsbaantsjes. Hy studearre filosofy en Russyske letterkunde yn Wenen. Yn 2003 krige er it Eastenryks steatsboargerskip. Syn wurk (filmskripten, toanielstikken, essays, koarte ferhalen en in roman) wurdt yn de Dútske literêre wrâld hiel goed ûnfongen. Syn roman Engelszungen helle yn 2003 de Dútse bestsellerlisten.

‘Gjin wûnder’ is it lêste ferhaal yn de bondel Ein Licht über dem Kopf (2005, útjouwerij Deuticke, Wenen). De oersetting is te lêzen yn nûmer 2 fan de Moanne.

 

 

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels