Bartle Laverman: eksperiminteel sûnder eksperimint

Publisearre op 28 juni 2013

ABE DE VRIES –

Leave lea

leave lea
as se dy letter
nei Murns ta bringe
ûnder de klokkestoel
om as grûn fan Gaasterlân
útspield te wurden nei de Mar,
oppikt fan fûgels ûnderweis,
meand troch it feintsje
dat noch berne wurde moat:
sa moai teplak
fertsjinnet feest:
in freeslik âlde resinsint,
ommers ‘God plukt de bloemen
maar laat het onkruid staan’,
sil stammerjend en flybkjend
in Boerefers foardrage,
de blaaskapel fan hokfoar doarp
toeteret de krieën út de beammen,
mar foaral dy rige freonen,
artistike potsemakkers,
dûnsjend op de Deademars
fan Frédéric Chopin!

dû hearst it lea:
ik hâld fan dy!
ik ha it bêste mei dy foar
in goeie grap kin ik wol oer
mar kom net oan mei
kankerfiten:
dan giest langút
nei Goutum yn it fjoer!

*

Bartle Laverman (1948) syn nijste bondel hjit Foar elke man in eigen pake en is ferskynd by Hispel, de útjouwerij fan syn skriuwersmaat en generaasjegenoat Piter Boersma (1947). Ik nim oan, mar it stiet der net by, dat de skets ‘It oeuvre fan Bartle Laverman’ achteryn de bondel fan de hân fan Boersma is. Neffens dy skets fan twa siden bringt de bondel ‘in nij aspekt’ yn it oeuvre fan Laverman, nammentlik ‘lange ferheljende fersen dy’t rjocht dogge oan de útspraak fan David Hume dat dichters beropsligers binne dy’t haltyd besykje om harren belidenissen foar wier troch gean te litten!’

Lange fersen fynt men yn de bondel lykwols net folle: fan de tweintich fersen binne der mar fjouwer langer as ien side. Ferheljend binne de fersen al, dat wol sizze: as men de koartrigelige gedichten gewoan achterinoar útskriuwe soe, dan is it risseltaat flot lêsber proaza.

Boppesteand fers jout in goed idee fan Laverman syn dichtstyl. Dy is, lykas sein, koartrigelich, mar ek anekdoatysk, iroanysk en bytiden kritysk oer it kulturele heitelân. Op dy wize dichtet Bartle Laverman al sûnt syn debút yn 1969. Ik nim oan dat Laverman himsels as dichter rekkenet ta de ‘eksperimintelen’, alteast, Piter Boersma begjint dêr al dalik oer yn de earste rigel fan syn skets: ‘Tusken 1968 en 2013 hat Bartle Laverman in lyts poëtysk oeuvre opboud dat opfalt troch syn eksperiminten.’

No falt it mei dat ‘eksperimint’ wol in slach ta yn dizze bondel, wol ik leauwe. Ik lês yn boppesteand fers in gearmjoks fan anekdoate, optinksel en foarútsjoch, mei as opfallendste stylelemint it Anne-Feddema-útropteken. Laverman is net in ‘taaldichter’, lit it gedicht net opwaakse út de taal. It idee foarmet de grûnslach fan syn fersen. Dêr is yn prinsipe neat mis mei, mar by Laverman liedt it yn Foar elke man in eigen pake ta in poëzij dy’t net folle ferrassingen bringt. Eksperiminten bin ik alteast net tsjinkaam. Nei ien kear lêzen is men der wol sa’n bytsje mei klear.

Bartle Laverman, Foar elke man in eigen pake (Hispel, Wiuwert 2012).

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels