‘Wat zal daar nog verder uit die Dreyfusgeschiedenis voortkomen?’

SYTSKE VELTMAN & ALBERT VAN DER MEER – 

Op 2 oktober 1899 skriuwt Frits Holleman in lange brief oan syn dochter Alida yn Ljouwert. De heit komt krekt werom fan in reiske nei Frankryk. Fuortendaliks nei it refyzjeproses fan Alfred Dreyfus hie er in hoartsje yn Rennes west. Hy moat goed op de hichte west ha mei de Fryske Dreyfus-oarkonde, want Holleman ferhellet as in eachtsjûge wiidweidich oer de ferneamde affêre. In komitee fan liberale Ljouwerter dames – mei ûnder oaren Alida Menalda-Holleman – hie it kreaze keunstwurk yn deselde snuorje nei de famylje Dreyfus stjoerd.

Yn it artikel ‘Dreyfus-hulde yn Fryslân’ (de Moanne, maart 2015) mienden wy dat dy Fryske oarkonde út it Musée d’Art et d’Histoire du Judaïsme te Parys stellen wie. Dat blykt wat oars te lizzen. De huldeblyk is yn 2008 weirekke op in útstalling oer de Joadske kaptein by de Yeshiva-universiteit te New York. Der wiene fierder noch wat losse eintsjes oan dizze affêre en by tafal soms kamen wy nije en wakker nijsgjirrige ynformaasje tsjin.

 

Samuel Vreedenburg
Wy sette útein mei de likernôch sânhûndert hantekeningen by de Fryske oarkonde. Mei tank oan it ûnbidich grutte krante-argyf Delpher kamen wy der troch âlde nûmers fan it Haarlem’s Dagblad (4 oktober 1899) en it Nieuw Israëlietisch Weekblad (NIW; 6 oktober 1899) efter dat sa’n 355 hantekeningen út Harns kamen. De Harlinger Courant (1 oktober 1899) hâldt it foar Ljouwert op in lytse twahûndert nammen. Dat fernuvere ús yn earste ynstânsje. De hulde wie benammen in idee fan Ljouwerter liberale froulju. Harren nammen steane allegearre ûnder de oarkonde. Yn de advertinsjes fan de Ljouwerter Krante stie suver as in slotnoat dat de ynwenners fan Harns in hantekening sette koene by S. Vreedenburg. Wy hiene ús dan ek net om him bekroade. Dat hie al moatten. It blykt te gean om de Joadske papier- en boekhanneler Samuel Vreedenburg (1830-1916), in bestjoerder yn it Joadske libben dêr. Neffens it NIW setten foaroansteande boargers as wethâlders, leden fan de gemeenterie, ûnderwizers en dûmnys harren hantekening. Oft boargemaster Johan Hora Adema (1843-1938) dat dien hat, fertelt it ferhaal net. Soe dy huldeblyk dochs wat te krijen hân ha mei it stypjen fan de Joadske saak en foar de eigen Joadske ynwenners fan Harns yn it bysûnder? Yn 1899 libben dêr sa’n 216 Joaden. By de Dreyfus-saak spilet it antysemitisme – foaral yn Frankryk sels – net swak by. Yn Fryslân wurdt dêr net folle fan fernommen. Eksplisyt komt it yn alle gefallen net oan de oarder.

It NIW jout de katoliken in trewinkel oer de snút. Gjinien katolike ynwenner fan de Fryske havenstêd hat syn of har namme set. Bjusterbaarlik is dat net fansels. Yn it katolike suden fan ús lân rekken listen pro-Dreyfus soms sels wei. Roomske minsken stiene oeral oan de kant fan de anti-Dreyfusards. Om noch even werom te kommen op it tal hantekeningen, in pear hûndert binne dus ‘mar’ set yn de Fine Art Gallery fan mefrou Matthijssen te Ljouwert. Los fan it feit dat in soad Friezen neat yn de haadstêd te sykjen hiene, sil sa’n keunsthannel dochs wol in hege drompel betsjut ha. Boppedat hiene de lju mar in lyts wike de tiid om harren namme te setten.

 

Joadske flechtlingen
De Dreyfus-affêre yn kombinaasje mei de Hogerhuis-saak hie al wol de nedige oandacht fan de Harnzers. De widdo Hogerhuis bygelyks wenne mei har dochter Klaske in hoartsje yn Harns. In oare haadrolspiler – de bekende sosjalist Tjeerd Stienstra – behearde oant 1896 it Volksgebouw. Op sneintejûn 27 febrewaris 1898 wie der yn dat Volksgebouw in grutte protestgearkomste oer ‘de zaak Dreyfus en de zaak der 3 gebroeders Hogerhuis; waarin ze overeenkomen en waarin ze verschillen’. Ien fan de sprekkers wie Ferdinand Domela Nieuwenhuis. De oerienkomst is fansels dat justysje yn beide gefallen ûnskuldigen feroardiele en fêstsette. De ferskillen binne grutter. Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis wiene earme Friezen, Dreyfus in bûtenlânske bourgeois, en ek nochris in militêr. Boppedat wie hy in Joad en Domela hie guon foaroardielen tsjinoer dy befolkingsgroep. De sympaty fan ‘ús ferlosser’ gie by eintsjebeslút folle mear út nei de trije Bitgumer bruorren. De Hogerhuis-kwestje wie benammen in saak fan de sosjalisten en dy hiene ûnderling noch rebûlje. Domela tsjinoer Troelstra, sis mar. De liberale boargerij stie wat huverich oan de kant en sette leaver, en grif makliker, in hantekening foar it Frânske slachtoffer. Oer Vreedenburg en syn boekhannel oan de Foarstrjitte 89 – hy hie earder as keapman in saak yn galanteryen – falt fierder net sa’n soad te fertellen. It stedsargyf yn it Hannemahûs hat der eins gjin fierdere ynformaasje oer.

Oer syn soan Marcus Vreedenburg (1867-1940) ha wy lykwols al mear ynformaasje fûn. Lykas syn heit en mem wie hy warber yn it Joadske ferieningswêzen te Harns. En it soe ús net fernuverje as benammen hy aktyf in bulte hantekeningen ophelle hat. De Joadske saak hie him wakker yn ’e besnijing. Yn de jierren 1891 en 1892 wie hy al warber om jild yn te sammeljen foar Joadske flechtlingen dy’t fanwegen de pogroms út Ruslân en Russysk Poalen nei Nederlân kamen. Eins in nochal ûnbekend en net goed útsocht haadstik yn de Nederlânsk-Joadske skiednis. Wy ha it dan oer de asylsikers fan de 19e iuw en yn dy tiid wie dat praktysk gjin saak foar it regear. Boargers en Joadske organisaasjes soargen foar opfang en benammen foar jild en klean. Dêr wie grut ferlet fan. Kear op kear lit it komitee yn de Ljouwerter Krante fan him hearre: “De gedwongen uittocht uit Rusland neemt volgens de geloofwaardigste berichten dagelijks grooter verhoudingen aan. Als niet alle voorteekenen ons misleiden, dan zal in de naaste toekomst een overstelpende stroom van diep betreurenswaardige bannelingen en emigranten langs den weg van ons land en naburige landen veiliger woonplaatsen opzoeken… Waarlijk, de zaak dezer ontelbare vertwijfelde zwervelingen kan niet warm genoeg aanbevolen worden… Wie geeft genoeg, om dag aan dag tal van behoeftige bannelingen van kleeding, voedsel en dikwijls ook van reispenningen te voorzien?” (LC, 17 july 1891). It Ljouwerter komitee foar de Russyske flechtlingen makket yn advertinsjes dúdlik dat Marcus Szn. Vreedenburg út Harns op eigen manneboet mei kollektes jild ynsammele hat yn de gemeenten It Bilt en Frjentsjerteradiel. By dy organisaasje komme wy al nammen tsjin dy’t wy letter wer sjogge by de Fryske froulju fan de oarkonde út 1899: Menalda, Bloembergen en Gratama. Jild krijt it komitee ûnder oaren fan ‘GHM’ fanwegen de tentoanstelling fan moderne keunst. Dy inisjalen steane fansels foar Gerharda Henriëtte Matthijssen, inisjatyfnimster fan de Ljouwerter Dreyfus-aksje.

Samuel Vreedenburg ferkeapet de winkel en ferhuzet yn 1901 fuortendaliks nei de dea fan syn frou Betje Glazer tegearre mei syn soan Marcus nei Amsterdam. Vreedenburg jr. set dêr in gruthannel yn papier op. In part fan de famylje wennet al yn Mokum. De heit leit noch wol neist syn frou begroeven op it Joadske tsjerkhôf te Harns. Pynlik feit – hielendal yn it ramt fan de Dreyfus-affêre – is dat twa dochters fan Samuel Vreedenburg letter yn de Twadde Wrâldoarloch ombrocht binne troch it Dútske bewâld: Rebecca (1859-1943) yn Auschwitz en Beeltje (1874-1943) yn Sobibor. Sarah de Vries (1869-1943), frou fan Marcus Vreedenburg, stjert dêr ek. Soan Samuel Marcus (1904-1992) – toskedokter te Amsterdam – dûkte mei frou en soantsje krekt op ’e tiid ûnder en oerlibbe sa de oarloch. Max Samuel Vreedenburg (1933) libbet noch en wennet yn Bussum.

 

Komitee fan dames
Wy fûnen it opfallend dat by de Fryske oarkonde yn Parys de hulde útgie fan in komitee fan allinne mar froulju. Dat blykt net hielendal unyk te wêzen. Dat hat grif te krijen mei it feit dat de aksje net allinne foar Dreyfus bedoeld wie, mar foaral as stipe foar syn krigele frou Lucy Hadamard. Yn, mar foaral bûten Frankryk, waarden nei de negative útspraak fan de rjochtbank te Rennes, alderhanne aksjes foar it slachtoffer op priemmen set. Ien fan de earste yn ús lân – en grif it grutte foarbyld foar it Ljouwerter komitee – wie de foarstap fan deftige dames út Den Haach. Foar in grut part sieten dêr froulju fan adel by (ûnder oaren twa grevinnen Van Hogendorp); dat kinne jo yn de hofstêd ferwachtsje fansels. It Algemeen Handelsblad makket dêr al op 13 septimber 1899 gewach fan. Neist sa’n fyftich hantekeningen krijt de famylje yn Frankryk in kreas ticheltablo fan de ferneamde porsleinfabryk Rozenburg. Neffens de krante giet it om in sinnebyldich oantinken oan de affêre. It keunstwurk lit in opgeande sinne sjen, in weachskaal, in leelje (de ûnskuld fan Dreyfus), in ôfgryslike slang (de anti-Dreyfusards) en as rânefersiering in roas mei stikels.

 

Nijs út Rennes
Eins by tafal fûnen wy út dat ien fan de Ljouwerter dames fan it Fryske adres, Alida Adriana Menalda-Holleman, fan 1894 ôf in deiboek byhâlde. Dat egodokumint is no yn it besit fan beppesizzer Alida Beekhuis te Amsterdam. Spitigernôch stie der neat oer de ferneamde affêre yn. Frou Beekhuis hie noch al in pak brieven fan har oerpake Frederik Arnold (Frits) Holleman (1828-1925) oan syn dochter Alida út de tiid fan de Dreyfus-saak. Der binne oars mear famyljekonneksjes mei de foaroansteande Ljouwerter menistefamylje Menalda. Hja hiene yn de Grutte Tsjerkestrjitte in renomearre wynhannel, mei noch in filiaal/depot te Harns oan de Noarderhaven. De jongere suster fan Alida, Wilhelmina Jacoba (1874-1975), wie troud mei mr. Albert Menalda (1857-1940), in âldere broer fan mr. Cornelis Benjamin Menalda, griffier fan de Fryske Steaten. Holleman hie earst in miede (meekrap)- en garansinefabrykje yn Oisterwijk. Dy alsidige en protestantske ûndernimmer hie fan alles by de ein. Hy wie grûneigner, útfiner en ek nochris in miljeuaktivist avant la lettre. Holleman makke him benammen drok om smoarch oerflaktewetter. As readekleurstoffabrikant wist er dêr út eigen ûnderfining alles fan. Hy soe ien fan de earste autobesitters fan Nederlân west ha. Mei dy auto miskien makke hy yn septimber 1899 in reiske nei Normandië en Bretagne. Sa kaam de heit fan Alida krekt nei it refyzjeproses oan yn Rennes. Hy moat perfoarst op de hichte west ha mei de Fryske hulde dêr’t syn dochter te Ljouwert mei anneks wie. Wiidweidich ferhellet Holleman yn syn lange brief fan 2 oktober 1899 oer Dreyfus en Rennes. Dêr stie de rjochtbank, yn dat hûs wenne syn frou Lucy, by dy feart waard de advokaat Fernand Labori delsketten (neffens de minsken dêr in ‘farce’), hjir stiene de soldaten yn in lange rige allegearre mei de rêch nei him ta op wei nei it gerjocht. Holleman lit de moedfearren hingje as er de minsken oer de Joadske kaptein rabjen heart. “Dat bezoek aan Rennes zal ’k nooit vergeten – wat zal daar nog verder uit die Dreyfusgeschiedenis voortkomen?…. De kellner in t hotel en de meeste franschen beweren dat dreyfus niet half genoeg straf heeft gekregen…”.

Dy en oare útspraken meitsje wol dúdlik dat in frijspraak foar Dreyfus perfoarst gjin útmakke saak wie. Hy krige yn 1899 eins fuortendaliks nei de refyzje te Rennes graasje fan de Frânske presidint. Dreyfus kaam frij, mar dat noaske him op dy wize hielendal net. In folsleine rehabilitaasje slagge earst yn 1906. Party Frânsen hiene der muoite mei. Troch krewearjen, foaral ek yn it bûtenlân, slagge dat lang om let al. De Fryske Dreyfus-hulde is dêr in moai foarbyld fan.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.