Dreyfus-Hulde yn Fryslân

SYTSKE VELTMAN & ALBERT VAN DER MEER – 

Yn 2013 kaam de literêre thriller An Officer and a Spy út fan de Ingelske skriuwer Robert Harris. It boek is yn it Nederlânsk oerset as De Officier. De ferneamde regisseur Roman Polanski makket dêr no in film fan. It ferhaal giet oer de Frânske offisier Alfred Dreyfus – bekend fan de Dreyfus-affêre yn Frankryk ein 19e iuw – mar de haadpersoan fan dat spannende en realistyske wurk is eins it haad fan de militêre ynljochtingetsjinst majoar Georges Picquart. Wy – Sytske Veltman en Albert van der Meer – ha dy thriller mei in soad nocht lêzen en tochten fuortendaliks werom oan de simmer fan 2006. It wie doe hûndert jier lyn dat Dreyfus definityf rehabilitearre waard. Yn Parys stiet yn de Marais it Musée d’art et d’histoire du Judaïsme. Dêr seagen wy op in útstalling ta ús fernuvering in moaie oarkonde út Ljouwert foar Dreyfus út it jier 1899. Wêrom dy Dreyfus-hulde út Ljouwert? En wa wiene al dy Fryske froulju dy’t harren namme ûnder de oarkonde set hiene?

 

Dit artikel einiget eins ek as in thriller dy’t net goed ôfrint.

 

De earste advertinsje foar de Dreyfus-hulde stiet yn de Ljouwerter Krante fan woansdei 20 septimber 1899. Allen, Mannen en Vrouwen, die met ons van meening zijn, dat de te Rennes gevallen beslissing een onschuldige heeft getroffen, vinden gelegenheid om door het zetten hunner handteekening of door het verleenen van hun naam sympathie te betuigen aan Kapitein Dreyfus en zijne wakkere Vrouw.” De Friezen kinne harren hantekening sette oant en mei moandei 25 septimber by Gerharda Henriëtte Matthijssen yn har ‘Salon van Moderne Kunst’ oan it Ruterskertier te Ljouwert. De bedoeling is dat der neist in lange list mei hantekeningen in moaie oarkonde komt, dy’t nei de famylje Dreyfus yn Frankryk stjoerd wurdt. It falt op dat de advertinsje fan it Fryske aksjekomitee ûnderskreaun is troch allinne mar froulju, troud en net troud. It is in nijsgjirrich rychje. Neist de al neamde Gerharda Henriëtte Matthijssen (1830-1907) sjogge wy de nammen fan Christina Maria Gerardina de Wijs (1851-1938), Alida Adriana Menalda-Holleman (1864-1945), Catharina Brouwer-Bloembergen (1873-1954), Wilhelmina Louise Petronella van Valkenburg-Burger (1869-1900), Johanna Alida Cornelia Arnolda Greebe (1874-1955), Alida Gratama (1874-1929) en Margaretha Cornelia Henriette Beucker Andreae (1864-1932).

Wat bynt dy Ljouwerter dames eins? Se komme net út in otterdoks kristlik fermidden. Tsjerklike minsken stiene ornaris oan de kant fan it wetlik gesach. Reade famyljes komme ek net fuortendaliks yn byld. Foar de sosjalisten yn Fryslân wie Dreyfus grif tefolle in rike man út it militêre establishment. Dúdlik is it dat benammen sosjaal belutsen liberale dames hjir anneks mei wiene. Liberalen stiene foar frijheid en it rjocht. Hja fûnen dat it Frânske regear de rjochtssteat as ynstelling yn gefaar brocht. De Fryske dames ha absolút ek de krigele mefrou Lucie Dreyfus stypje wollen. It binne miskien freondinnen dy’t inoar kenne fan ferienings lykas ‘Voor Vaderland en Oranje’, kursisten fan it ‘atelier de photographie pour dames’ of klanten fan mefrou Matthijssen. Hja hie yn Ljouwert oan it Ruterskertier in Fine Art Gallery. Se stiet ek bekend as fotografe, skilderes en tekenlearares. Net allinne keunst en kultuer hiene har belangstelling, ek op it sosjale mêd wie Matthijssen wakker aktyf. Yn 1866 wie se de oprjochtster fan de dameskommisje fan it Ljouwerter Sinteklaasfeest. Earmere bern ha dêr nei alle tinken profyt fan hân. Oan ’e ein fan har libben is se nei Amsterdam ferhuze en dêr is se stoarn yn 1907.

It giet dus benammen om net al te earme froulju út foaroansteande Ljouwerter boargerlike famyljes. De dûmnysdochter Christina de Wijs wie learares Frânsk oan de middelbere famkesskoalle yn de Grutte Tsjerkestrjitte, Johanna Greebe trout mei de Frjentsjerter remonstrantske dokter Jacob d’Ailly. De lettere Amsterdamske boargemaster Arnold d’Ailly is harren soan. Alida Menalda is de frou fan mr. Cornelis Benjamin Menalda, griffier fan de Fryske Steaten. Margaretha Beucker Andreae makket diel út fan it Fryske patrisiaat. Har heit wie in betûft jurist en hat boargemaster west fan de Fryske haadstêd. De heit fan Wilhelmina van Valkenburg wie direkteur fan de RHBS oan it Saailân te Ljouwert, en har man Frederik Alexander van Valkenburg besiet de bekende levertraanfabryk yn de Doelestrjitte. Tige nijsgjirrich fierder is de bankiersdochter Catharina Brouwer-Bloembergen. Heit Reitze Bloembergen Ezn. komt noch foar de Liberalen yn de Earste Keamer. Yn itselde jier as dat de oarkonde makke is, trout se mei Antonie Jacob Bothenius Brouwer, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Hy hat Frânsk studearre yn Frankryk en skriuwt ek de ‘Buitenlandsche Overzichten’. Neist syn artikels oer de Boere-oarloch yn Súd-Afrika skriuwt Brouwer yn dy jierren yn syn krante wiidweidich en fol fjoer oer de Dreyfus-affêre. Alida Gratama is ek al in bankiersdochter. De bank fan heit Tjepke en omke Gajus stie oan de Twibaksmerk. ‘Zo solide als Gratama’, hjitte it rûnom. Dat foel ôf yn de praktyk, de bank rekket yn 1904 fallyt. Alida ferhuzet dan nei famylje yn Manchester.

Wêrom dizze Dreyfus-hulde krekt yn 1899? De Dreyfus-saak spilet al sûnt 1894. Alfred Dreyfus (1859-1935) wie in Frânske offisier dy’t beskuldige waard fan spionaazje foar Dútslan. Yn de prullebak fan de Dútske ambassade te Parys wiene papieren fûn oer geheime Frânske militêre saken. Benammen nei de ferlerne oarloch tsjin Dútslan yn 1870-’71 lei dat hiel gefoelich. Konkrete bewizen tsjin him binne der eins net. Dreyfus krijt lykwols de skuld, want hy is as kaptein ferbûn oan de generale stêf. It hânskrift fan de geheime dokuminten soe lykje op dat fan him. Boppedat komt hy út Elzas-Lotharingen, in part fan Frankryk dat nei de oarloch fan 1870-’71 nei it buorlân gien is. Grif hat ek in rol meispile dat Dreyfus in Joad is en boppedat net ûnbemiddele. Hy komt út in rike tekstylfamylje en syn frou út in fermidden fan diamanthannelers. Yn it nasjonalistyske Frankryk fan de 19e iuw spilet it antysemitisme net swak by. Dreyfus as sûndebok, sis mar. Hy wurdt yn it iepenbier te skande makke en ferband nei Duvelseilân. It nij beneamde haad fan de militêre ynljochtingetsjinst Georges Picquart – de haadpersoan út de roman – ferdjippet him yn de saak. Hy krijt yn ’e gaten dat net Dreyfus skuldich is, mar de militêr Ferdinand Walsin-Esterhazy. Dat pynlike feit wol der by de legertop perfoarst net yn. Der wurde sels nije bewizen fabrisearre om dúdlik te meitsjen dat Dreyfus in spion is. Picquart wurdt fuortpromovearre nei Afrika en bedarret ek noch foar in skoftsje yn de finzenis. Letter docht bliken dat in meiwurker fan de ynljochtingetsjinst, majoar Hubert-Joseph Henry, dokuminten ferfalske hat om Dreyfus de skuld te jaan. Dy falsifikaasjetechnyk komt lykwols út en in dei nei syn arrestaasje en bekentenis docht Henry himsels yn de sel tekoart. Der wurde – al sit Dreyfus finzen op Duvelseilân, hiel fier fuort – noch altiten geheime stikken fûn yn de prullebak fan de ambassade. Dreyfus kin de dieder net wêze, de spionaazje giet ommers gewoan troch. Sels hat er ek altiten sein dat hy ûnskuldich is.

De famylje Dreyfus lit it der net by sitte. Benammen syn frou Lucie en âldere broer Mathieu sette alles op alles om him frij te krijen, en oefenje hieltyd mar wer druk út op parse, regear en parlemint. Stadichoan komme der mear skriuwers, gelearden en progressive politisy dy’t de kant fan Dreyfus kieze. De bekendste is de skriuwer Emile Zola. Hy publisearret op 13 jannewaris 1898 syn ferneamde stik ‘J’Accuse’ – ik beskuldigje – yn de krante L’Aurore. Der soe sprake wêze fan rjochterlike dwalings en swakke bewizen. Zola krijt no ek in proses oan ’e broek en pykt út nei Ingelân. Mar it tij is net mear te kearen. It hiele lân rekket ferskuord tusken Dreyfusards en anti-Dreyfusards. By de antygroep hearre de militêren, behâldende politisy en de katolike tsjerke. Om de saak net eskalearje te litten, komt der yn 1899 in nij proses yn Rennes en Dreyfus wurdt fan Duvelseilân helle. De militêre rjochters oardielje Dreyfus op ’e nij skuldich, mar om in boargeroarloch te foarkommen wurdt er lykwols al rillegau troch it regear frij litten. Definityf rehabilitearre wurdt hy earst yn 1906.

De refyzje-saak te Rennes is yn 1899 ek de oanlieding foar de Ljouwerter Dreyfus-hulde. De affêre hat yn de Ljouwerter Krante hieltyd in soad omtinken krigen yn de ‘Buitenlandsche Berichten’ en ‘Per Telegraaf’. Boppedat wiene der oeral yn Nederlân aksjes oan ’e gong foar Dreyfus, bygelyks yn Leiden, Rotterdam en Grins. Yn dy snuorje spile yn Fryslân ek de Hogerhuissaak, in juridyske dwaling mei trije Bitgumer bruorren, dy’t wol fergelike is mei de Dreyfus-affêre. Dat sil sûnder mis fan ynfloed west ha. Mear as 700 Friezen sette harren hantekening. Yn dat opsicht is de aksje dus in sukses. De oarkonde, mei Goatyske letters en yn de linkerhoeke it wapen fan de provinsje Fryslân, wurdt kalligrafearre troch Johannes Wenning út Ljouwert. Der heart in moaie reade learen map by dy’t makke is yn it atelier fan Carl Benjamin Bretschneider. De Frânske tekst is sûnder mis skreaun troch Bothenius Brouwer fan de Ljouwerter Krante.

It keunstwurk wurdt oanbean oan mefrou Dreyfus, “die voor haar en haar man eene vertroosting moge zijn en voor hunne kinderen eene uiting te meer van onwankelbaar vertrouwen in de onbesmette eer van hem, wiens naam zij dragen”. Oerset út it Frânsk stiet der yn de oarkonde: “De ondergeteekenden, allen inwoners van de provincie Friesland, Nederland, smartelijk verrast door het vonnis van den krijgsraad te Rennes, waarbij een onschuldige veroordeeld werd, voegen hunne stemmen bij die, welke in alle deelen der wereld zijn opgegaan om te protesteeren tegen deze betreurenswaardige verkrachting van het heiligste recht in iederen beschaafden staat. Zij spreken als hunne innige, onwankelbare overtuiging uit, dat kapitein Dreyfus het slachtoffer geworden is van een duister complot, welks weefsel, voor ieder zichtbaar, aan den versluierden blik der rechters te Rennes ontsnapt schijnt te zijn. Pijnlijk aangedaan door het leed, hetwelk kapitein Dreyfus en zijne wakkere vrouw hebben geleden, hun moed, hun energie en hun toewijding bewonderende, overtuigd, dat het licht volkomen, schitterend zal doorbreken, veroorloven zij zich hun de uitdrukking aan te bieden van hun hooge achting en eerbiedige sympathie.” En dan folgje de hantekeningen fan de Fryske froulju.

It gehiel sjocht der kreas út en de Friezen kinne it keunstsinnige dokumint yn de galery fan Matthijssen noch oant sneon 30 septimber 1899 bewûnderje. Dêrnei giet de oarkonde nei mefrou Dreyfus, dy’t op dat stuit yn Carpentras húsmannet. De famylje is tige op it skik mei it huldeblyk út Fryslân. Lucie Dreyfus skriuwt in tankbriefke nei juffer Matthijssen: “De heer en mevrouw Alfred Dreyfus hebben het prachtige album ontvangen, dat hun op zoo gracieuze wijze door de inwoners van de provincie Friesland is aangeboden. Zij zijn bijzonder getroffen door deze betuiging van achting en sympathie en brengen hun zeer hartelijken dank aan de onderteekenaars van dit protest ten gunste van het recht en der waarheid.” De hantekening fan har man stiet der ek ûnder. De Ljouwerter Krante fan 7 oktober 1899 seit dêr dit fan: “Het handschrift van dezen is krachtig, sober, zonder aarzeling. In plaats van de ‘S’ aan het einde van den naam, een korte, stevige haal schuins naar beneden, – de onderteekening van een man, die energiek is, niet van tierelantijntjes houdt en zijn zaken kort en bondig af doet.”

Dit artikel einiget eins ek as in thriller dy’t net goed ôfrint. De Fryske oarkonde út Ljouwert is nammentlik te Parys stellen yn 2008! Neffens de kurator fan it Musée d’art et d’histoire du Judaïsme, Anne-Hélène Hoog, is dat wichtige en kreaze dokumint noch altiten wei. It soe fansels hiel moai wêze as nei oanlieding fan dit ferhaal de Ljouwerter Dreyfus-hulde út 1899 wer boppe wetter komt. Robert Harris kin dêr dan letter wer in nije en spannende thriller oer skriuwe.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 2 (maart), side 24-27

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.