Ynternasjonale talen

Publisearre op 7 juli 2021

HENK WOLF –

Der besteane yn Nederlân nuvere ideeën oer taal en talen. Ien sa’n nuver idee is dat de Ingelske taal ‘de taal foar ynternasjonale kommunikaasje’ wêze soe. Ut en troch wiist in taalkundige ris op dyn nuvere misfetting, lykas Marc van Oostendorp yn dit stik.

Okkerdeis skreau ik op Facebook dat de minsken yn Nederlân it Frânsk, Dútsk en Ingelsk op skoalle leare – trije belangrike ynternasjonale talen. Dêr reagearre ien op, lang gjin domme jonge, mei: “Mienst dat serieus?” Yn syn eagen wie allinne it Ingelsk in ynternasjonale taal, want “sa giet it no ienkear yn de wrâld”, wylst Dútsers yn syn eagen in bytsje achterlik wienen omdat se wolris Dútsk mei bûtenlanners prate en Frânsen foaral arrogant, want dy soenen gjin Ingelsk prate wolle. Konsekwint wie yn dy manier fan tinken dat er oer de oer it generaal beheinde frjemdetalekennis fan de Ingelsen neat sei.

Oer grinzen

It idee dat alle kommunikaasje oer grinzen hinne automatysk yn it Ingelsk gean moat, liket yn Nederlân breed ferspraat te wêzen. It is sa slim dat as der alris in oare taal foar ynternasjonaal gebrûk oanwiisd is, Nederlân foar it Ingelsk opkomt as wie it de eigen taal. Sa meie yn de binnenfeart yn it marifoanferkear yn Nederlân it Nederlânsk, Dútsk en – neffens in amtner dy’t dêroer giet – ek it Frysk brûkt wurde. Der is lykwols al lang in Nederlânske lobby foar in ferplichte oergong op it Ingelsk – fansels ek wer mei it idee dat dat “de taal foar ynternasjonaal gebrûk” wêze soe.

Hoe ferfrissend wie it dan ek doe’t ik ferline wike yn ‘e kunde kaam mei in nije meiwurker fan de gemeente Sealterlân. Hy fertelde dat er foar eardere banen faak yn Nederlân kaam en in protte wurk yn Noard-Nederlân dien hie. Hy wie noait op it idee kaam om Ingelsk te praten, ik leau ek net dat er dy taal goed behearske. Dútsk brûkte er út en troch en hy ferstie wilens goed Nederlânsk. It leafst wurke er yn Grinslân, seid er, want hy prate yn Nederlân almeast Platdútsk en yn Grinslân wienen de dialektferskillen sa lyts, dêr koe er him mei dy ynternasjonale taal it bêste rêde.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels