• Sealterfryske boeken

    26 november 2021

    HENK WOLF - It Frysk wurdt net inkeld mar yn Fryslân praat. Yn de noardlikste Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein lizze Noard-Fryslân en it eilân Helgolân en dêr praat sa'n fiif persint fan 'e minsken it Noardfrysk. En krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins leit it Sealterlân, dêr't rûchwei tsien persint fan 'e minsken it Sealterfrysk prate - al wit net ien de krekte sifers. Foar dat Sealterfrysk [...]

  • Henk Wolf

    4 augustus 2021

    HENK WOLF - Sûnt Omrop Fryslân myn taalfilmkes útjoerd hat, wurd ik noch wolris oansprutsen as 'professor Henk'. Dat is fansels in grapke, sa hyt ik net echt, sa hyt myn televyzjepersonaazje. Dat is aktearwurk, byknipt en behimmele. Sels de moaie boekekasten dêr't ik yn de filmkes foar sit, binne net myn eigen. Yn Dútslân wurd ik lykwols faak as 'Herr Henk' oansprutsen en oanskreaun. [...]

  • 7 juli 2021

    HENK WOLF - Der besteane yn Nederlân nuvere ideeën oer taal en talen. Ien sa'n nuver idee is dat de Ingelske taal 'de taal foar ynternasjonale kommunikaasje' wêze soe. Ut en troch wiist in taalkundige ris op dyn nuvere misfetting, lykas Marc van Oostendorp yn dit stik. Okkerdeis skreau ik op Facebook dat de minsken yn Nederlân it Frânsk, Dútsk en Ingelsk op skoalle leare [...]

  • Sealterfrysk

    23 juni 2021

    HENK WOLF - Yn Fryslân wurdt safolle mear dien om it Frysk sichtber te meitsjen as yn it Sealterlân en Noard-Fryslân. De langrinnende aksjes Praat mar Frysk en Frysk op 'e dyk fan de Afûk hawwe gjin wjergader by de Sealterske buorlju. Sa ûnearlik as it wêze mei: de Friezen yn Dútslân kinne op it stik fan taalbefoardering mear leare fan de Friezen yn Nederlân [...]

  • 13 april 2021

    HENK WOLF - Sûnt ein 2020 wurkje ik foar de Oldenburgische Landschaft as taalfunksjonaris foar it Sealterfrysk. Dat is ien fan de trije soarten Frysk, njonken it Westerlauwerske Frysk dêr't dit stikje yn skreaun is en it Noard-Frysk dat yn it uterste noarden fan Dútslân praat wurdt. It Sealterfrysk is fan de trije Fryske talen de lytste, mei sa'n tûzen oant twatûzen sprekkers, ferdield oer [...]