Wrâld yn wurden, lêzing troch Frits van Oostrom

Lêzing fan Prof. Dr. Frits van Oostrom oer syn krekt ferskynde boek Wereld in Woorden.

Wereld in woorden iepent in kompleet nij finster op de romrofte fjirtjinde ieu: de ieu fan de pest – doe’t Europa hast de helte fan syn ynwenners ferlear – en fan noch folle mear ûnheil. Mar it wie tagelyk ek in ieu fan grutte kreativiteit – sa’t bliken docht út de Nederlânske literatuer yn dizze perioade, troch Frits van Oostrom op masterlike en meislepende wize op ‘e nij ta libben brocht.

Datum: 11 maart
Lokaasje: Tresoar Bûterhoeke 1 Ljouwert
Oanfang: 20.00 oere, iepen f.ô. 19.30 oere
Yntree: gratis

Organisaasje: Tresoar en De Culturele Onderneming.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.