• 30 januari 2015

    ARJAN HUT -  Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan 'Een trein later'. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it obskuere, de eleminten trotseare om harren ris noflik te ferwûnderjen. [...]

  • 14 januari 2015

    Op de earste dei fan de Poëzijwike, tongersdei 29 jannewaris, fynt de twadde edysje fan Een trein later plak. In ynspirearjend tafelpetear mei diskear: dichter Pieter Boskma, teaterfoarmjouwer Kees Botman en saksofoaniste Tineke Postma. De presintaasje is diskear yn hannen fan Ate Grijpstra. In oerke frij lústerje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer. - Pieter Boskma, Kees Botman en Tineke Postma - Tongersdei 29 [...]

  • 21 oktober 2014

    Een trein later hat fertraging oprûn. Spitigernôch kin de earste edysje fan dizze gearwurking tusken de Moanne en De Culturele Onderneming op tongersdei 23 oktober net trochgean. Der lizze te folle blêden op it spoar. Wy ferpleatse Een trein later nei de moanne novimber. Hâld ús Facebookside - www.facebook.com/treinlater - goed yn de gaten foar de nije datum, of folgje ús op Twitter op @eentreinlater.   [...]

  • 14 september 2013

    Nei oanlieding fan it krektferskynde boek 'Het prieel op de heuvel' van Aly van der Mark oer de Fryske túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp organisearret De Culturele Onderneming in 'Vlaskamp-excursie'. In middei wêrby't jo tegearre mei de skriuwster in reis meitsje lâns in hânfol Vlaskamp-tunen. Fan it âlde hûs fan de boargemaster fan Baarderadiel, lâns Jorwert en de pastorytún rjochting Stiens dêr't de hjoeddeistige bewenners fan it [...]

  • 11 maart 2013

    Lêzing fan Prof. Dr. Frits van Oostrom oer syn krekt ferskynde boek Wereld in Woorden. Wereld in woorden iepent in kompleet nij finster op de romrofte fjirtjinde ieu: de ieu fan de pest – doe't Europa hast de helte fan syn ynwenners ferlear – en fan noch folle mear ûnheil. Mar it wie tagelyk ek in ieu fan grutte kreativiteit – sa't bliken docht út de Nederlânske [...]