Wêrom sa hastich?

Publisearre op 2 juni 2005

ELSKE SCHOTANUS – 

Pauwehôf, it nijste boek van Aggie van der Meer, foel my wat ôf. Hie ik earder net sa optein west oer har fersebondels en har debútroman Lytse roman fan Jon Fels en de ferhaleroman Ûntdekking fan ’e wrâld, dan hie ik har tredde boek, in novelle, al nei in pear haadstikken oan ’e kant lein. Dat is de konklúzje nei likernôch tritich siden en dat gefoel ha ik ek noch as ik it boek útlêzen ha. Pauwehôf hat net de folsleinens yn opbou fan har proazadebút en likemin it poëtyske, it surrealistyske en it allegoaryske fan de ferhaleroman. Lykas har earstling is it ferhaal goed nei te kommen; de foar har wurk sa typearjende skitterende ‘Aggie-styl’ is diskear beheind bleaun ta in pear passaazjes.

Op ‘Pauwehôf’ set him in nije bewenner, Bernt, nei wenjen. De bewenners oan wjerskanten, oan de iene kant in echtpear, oan de oare in man en in frou mei in puberdochter, binne fansels nijsgjirrich nei har buorman. Yn de ferskillende haadstikken wurde ôfwikseljend de beide echtpearen folge, de dochter fan it iene – en de túnjonge fan it oare stel en Bernt en syn freondinne. Sintraal stiet Bernt dy’t op in kearpunt yn syn libben stiet en dêrmei omwrakselet, sa slim sels dat er yn in waanwrâld libbet. Yn syn tinzen spilet Jacob Mandeville in wichtige rol, in fiktyf personaazje dêr’t er mei ôfrekkenje moat om fierder te kinnen.

“Mandeville: ‘Ik bin alles en neat. Ik libje as de kearûbs sliepe. Untdek de ketters, ferskroeid ta fossilen, folgje de prelaat, foar altyd hin mei de hinnen, sto de doarmjende sielen op: motten tsjin de ruten.’ ” (side 85)

 

Boem-bats-plotsklaps
Yn har gedichten en yn Untdekking fan ’e wrâld referearret de skriuwster gauris oan (bgl.) wittenskippers, filosofen of keunstners. Yn Pauwehôf beheint se har ta in ferwizing nei  The Journals van Jacob Mandeville fan de Sweedske fotograaf Albin Biblon. It giet om in boek dat part útmakke fan in projekt dat tidens de fotomanifestaasje Noorderlicht 2001 útfierd waard yn it Natuurmuseum yn Grins. Yn foto’s, kollaazjes en deiboeken konstruearre Biblon de fiktive figuer Jacob Mandeville, in wrâldfrjemde natuerûndersiker dy’t fiksearre wie op ûndermear (mot)flinters en fossilen. Fossilen seach Mandeville as sûnders dy’t net yn ’e himel komme mar yn ferstienne foarm werom op ierde smiten wurde.

De fossilen en de motten fan Mandeville binne eleminten dy’t yn de krises dêr’t de bewenner fan Pauwehôf yn sit in wichtige rol spylje. Lykwols, wêrom’t Bernt no krekt oantangele sit mei dy Jacob Mandeville en syn tinkwrâld wurdt nearne rjocht dúdlik. It is in psychologysk manko fan it boek dat der gjin relaasje lein wurdt tusken it (libbens)ferhaal fan Bernt en de striid dy’t er hat mei it meitsjen fan in kar foar de takomst en mei de figuer Mandeville. It is yn dizzen nèt Bernt dy’t yntrigearre is troch The Journals of Jacob Mandeville, mar de skriuwster sels, dy’t sawol yn har proaza as yn har poëzy gauris mei nammen smyt, mar dy’t yn dit gefal de needsaak derfan ynhâldlik sjoen net folslein rjochtfeardigje kin.

Psychologysk sjoen is der noch wat oars mis mei de wize dêr’t Bernt op delset wurdt. It is nammentlik ûnwierskynlik dat in man dy’t oan waantinkbylden lijt yn petearen mei syn freondinne, mei in freon út it ferline of mei de buorlju, sa normaal as it mar kin reagearret. De skriuwster hat hjir tefolle in skieding oanbrocht tusken de mominten wêrop’t Bernt allinne is en lêst hat fan syn wanen en de mominten wêrop’t er òer syn swierrichheden mei Jacob Mandeville fertelt. Fan de paranoïde, psychoatysk oandwaande tinkwrâld dêr’t er yn sit, sipelet hielendal neat troch yn wat er tsjin de minsken om him hinne seit of yn wat er yn syn brieven skriuwt. Dat is net al te oannimlik: sa wurkje wanen net.

Op in stuit – oan ’e ein fan it boek – giet Bernt werom nei syn freondinne. Dy hat him witte litten dat se swier is en dan is it boem-bats-plotsklaps dat it Bernt slagget ôf te rekkenjen mei Mandeville. ‘In bern!’, Bernt wurdt heit, alles goed, it ljocht is sjoen, Mandeville wurdt yn ’e tún bedobbe en Pauwehôf ferlitten. De te rappe wize dêr’t dy omkear op ferrint, oertsjûget net hielendal.

 

Achtergrûn en kearn
Troch stom tafal komme de buorlju der oan de ein fan it boek achter wat it ferhaal is fan de nije bewenner fan Pauwehôf. In soad omtinken wurdt jûn oan relaasjeproblematyk, net allinne oan dy fan Bernt en syn freondinne, mar ek oan dy fan de minsken dy’t neist him wenje. As in reade tried rint de nijsgjirrigens nei Bernt troch harren ferhalen hinne. Dêrmei krijt it boek wat fan in detektive, ien dêr’t dan wol gjin moardner yn socht wurdt, mar dêr’t in rabberijke oer de nije buorman útkomst jaan moat. Wat him by de buorlju ôfspilet is funksjoneel as it om it bleatlizzen giet fan it geheim fan Bernt, mar de fraach is yn hoefier’t de beskriuwings fan harren houliken en ferkearings op himsels bydrage ta it sintrale gegeven: wat is der mei Bernt oan ’e hân?

Yn de earste haadstikken wurdt sa efterinoar in yntroduksje jûn fan Bo en Anne, Wilma en Bruno, Bernt en Diete, Chris en Daan; dêrnei folgje beskriuwings fan de kontakten tusken Wilma en Bernt, dan Bernt en Mandeville, Wilma en Bruno. Sa giet it, as yn in meganyske karrûsel, mar toch – en  benammen yn de earste helte fan it boek – slagget it mar min om de oandacht derby te hâlden. Letteroan wurdt wol dúdlik dat de buorlju allegear fungearje as dekorstikken, mar de ôfwikseljende haadstikjes wurkje as los sân; de omballingen krije nei myn smaak tefolle omtinken yn ferhâlding ta de kearn fan it ferhaal.

It barren krijt syn beslach yn in koart tiidsbestek. Om’t de ûntjouwing fan de karakters net in soad omtinken krije, is Pauwehôf in novelle – yn syn lingte telt it boek goed hûndert siden -, mar trochdat meardere konflikten in rol spylje hat it boek ek wat fan in roman. No boartet Van der Meer wol faker mei de foarm, sa is de bondel De stêd, it bist, de ingel in ‘balladeske’ en De ûntdekking fan ‘e wrâld in ferhaleroman, mar by Pauwehôf liedt it út ’e wei gean fan in dúdlike kar yn wat de skriuwster wol – en dat wie by har fierders treflike ‘ferhaleroman’ eins ek it gefal – ta in net alhiel slagge resultaat.

 

Aggie, wurdst hûndert, op syn minst
Ferrekte spitich, want der is net in soad literêr wurk dêr’t ik safolle wurdearring foar ha as dat fan Aggie van der Meer. Ik freegje my dan ek ôf wêr’t it oan leit dat dit wurkje it krekt net is. Hokker rol spilet de útjouwer hjir? Is der gjin redakteur dy’t kommentaar jout en him kritysk opstelt foar’t in publikaasje yn it ljocht brocht wurdt? Of is de eigensinnigens fan de skriuwster de oarsaak? Wêrom sa hastich?

 

Pauwehôf, Aggie van der Meer, 108 siden, ISBN 90-8566-009-2, Utjouwerij Frysk en Frij, www.frysk-en-frij.nl

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 8, 2005

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels