Wen-gen

KAREN BIES – 

Lange tiid wenne ik der mar sa’n bytsje op los. Ik hie niks yn de gaten, ik díe mar wat. Myn hûs wie in plak ûnder dak dat net lekt en net siicht. Genôch romte om de rommel des libbens op te slaan. Wat hat in minske mear nedich?

Mar no’t ik nei de wenbeurs yn it WTC Expo west ha, wit ik better. “In ynterieur lit sjen wa’st bist,” fertelde in styliste my. “Alle dingen om dy hinne ha in betsjutting, in ferhaal.” Sy hie it ek oer it wen-gen. Dat sit yn dy, of net. Sy hie it wól.

 

It wen-firus hat ek my te pakken, ja, wenje is echt myn ding wurden. As it in bytsje kin, wenje ik. In dei net wenne is in dei net libbe, sis ik altyd. A way of life. Ma raison d’être.

 

Earst de trends: “Basic, yndustrieel, stoer. Mar dêrby ek teare, rûne foarmen. Strak mei in fleuchje gypsy. Fris wyt, mar ek kleur: giel (enerzjy) read (waarmte) en grien (rêst). Puere, natuerlike ienfâld en foaral hiel persoanlik.” Gjin tou oan fêst te knoopjen, oftewol: it is allegear wol goed.

Dan de echte must-haves. “Dizze poef,” sei de styliste, “is hielendal earlik makke: skieppewol fan heideskiep út it Drents Friese Wold. Mei de hân spûn en breide troch ferstanlik beheinde lokale boeren.” Sjoch, sa’n poef hat in ferhaal.

Yn de finsterbank hie se trije porsleinen fûgelhokjes, want trije is spannender as twa. In kaktus ûnder in stolp (sa no en dan even wierje). Oeral kessentsjes. De rook fan geurkearsen, fanille of roazen. Boeken omdraaid yn de boekekast (mei it papier nei foaren! Noait in boek wer werom te finen!). In hartegewei of kowekop boppe de skoarstienmantel. Opsette bisten, sketten troch pake. Ien bloeiende tûke yn in faas. Spreuken oan de muorre: Dans de dag. Enjoy the little things. Live, laugh, love. Mooi hè, alles!

Dus no wenje ik hiel bewust. It wen-firus hat ek my te pakken, ja, wenje is echt myn ding wurden. As it in bytsje kin, wenje ik. In dei net wenne is in dei net libbe, sis ik altyd. A way of life. Ma raison d’être.

En alles om my hinne fertelt wa’t ik bin. De ôfwask dy’t der altyd stiet. Trije smoarge kofjebekers yn de finsterbank. Boeken yn de kast, neist de bank, op de radiator en de trep. De rook fan bakte ierappels troch alles hinne. In opsette man by it oanrjocht, sketten troch my. Twa bloeiende bern, dy’t ik sa no en dan even bûten te wierjen set. In hûs mei in ferhaal. It wen-gen sit yn dy, of net.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.