fotografy: Linus Harms

We ha it yn dit lân noch nea sa goed hân

MARITA DE JONG – 

De kofje is brún, hie jonkhear Cees van Eysinga sein troch de tillefoan, en hy hâldt wurd. We sitte yn de moaie histoaryske wenning op Huis ter Heide dêr’t hy tegearre mei syn frou, mefrou M.C.E.W. van Eysinga – barones van Harinxma thoe Slooten, wennet. De keamer azemet ‘grandeur’. Portretten fan foarâlden oan de muorren, antike meubels, foto’s yn listjes, grutte kasten mei porslein en in droechboeket. It petear giet oer âlder wurden, noarmen en wearden en de hufterichheid fan hjoed-de-dei.

‘Eltse leeftiid hat syn eigen bekoaring. 86 jier bin ik no. Muoite mei it âlder wurden ha ik net. Fansels bringt it ek beheinings mei, dat is sûnder mis. We ha op it stuit Thuishulp. Myn frou hat in soarte fan hernia en kin harsels net oanklaaie. Mar we binne gelokkich dat we noch foar hûndert persint helder binne. As Alzheimer om ’e hoeke komt, is dat net bêst. Ien fan myn twa bruorren krige dy sykte op 52-jierrige leeftyd. Hy wie ambassadeur yn Roemenië. It earste stadium wie dat hy op in begraffenis grappen makke en laitsje moast en by in houliksfeest  treurich yn in hoekje siet. En dat wylst hy de bêste conduitesteat hie, nei in jier yn Rome op it Nato Defense College. Under oan de list stie: ‘the most gifted young diplomate we had in years’. In jier letter moast minister Luns persoanlik yngripe.

Ik bin as fikaris begûn op ’e Jouwer. We wiene yn april 1951 troud. Yn de simmer hie ik myn doktoraal helje kind mar ik bin gjin stúdzjeman, dat is net slagge. It preekjen is my altyd goed ôfgien. Dat talint ha ik erfd fan ús heit. It wie ek diel fan de opfieding. Op myn 14e jier moast ik op de jierdei fan ús heit in tafelspeech hâlde mei alles derop en deroan, oant it tikjen mei in mes tsjin it glês ta. De oare moarns joech mem har kommentaar. Ik liet myn hert sprekke en ha heit tasprutsen mei wurden lykas: ‘It is geweldich sa’t jo binne.’ Mem liet my de oare deis witte dat heit sein hie dat as ik de kommandant fan de adelborsten sa tasprutsen hie, ik twa dagen op wetter en brea yn it kasjot fertsjinne. Dat wie in neef fan him yn 1890 oerkaam. In mindere mei nammentlik nea in meardere beoardielje. Dochs hie ús heit de triennen yn ’e eagen, doe’t ik dy wurden útspruts. As hy in taspraak hâlde moast, brûkte er gjin papierkes. By de betinking fan de earste of twadde fredeskonferinsje fan 1906 hat hy yn 1956 sprutsen op in gearkomste yn de Ridderseal. De keninginne wie der ek by. Ik hear ús heit noch repetearjen. Syn studearkeamer wie ûnder myn sliepkeamer. As in Tibetaanske gebedsmûne rûn er, al mompeljend, om syn buro.

Us heit wie agnost. Hy ûntkende God net mar koe him net gripe. Us mem wie fan it Réveil. Se wie net dogmatysk mar brocht har leauwen yn de praktyk. Op mem har jierdei, 17 juni 1942, gie de tillefoan: myn twa broers en myn skoansuster wiene oppakt. Yn Swolle waarden se út de trein sleurd troch de Dútsers. It wie tradysje dat mem op har jierdei Psalm 103 foarlies. Dat wiene we sa wend en heit wie der ek altyd by. Doe’t it in oere as tsien yn ’e jûn wie, liet mem heit roppe en liezen we dy psalm en dêrnei bidden we it Onze Vader. Heit hie it grutste respekt foar mem har geloofsbelibbing. Ik wie 19, gjin lyts bern mear, en sei tsjin har: “Wat bent u toch merkwaardig kalm.” Ik reitsje noch oandien as ik der oan weromtink. Se antwurde: “Ik bid elke avond voor jullie allemaal. Dat is het enige wat ik doen kan.” Dy wurden ha in grutte yndruk op my makke. Mem wie fan it praktysk Kristendom. Gjin geseur oer dogmatyk. Gewoan betrouwen ha.

 Famyljes mei jild, wy libje ek net fan de diakony, moatte der op in ferantwurde wize mei omgean.

Gelokkich binne myn bruorren en myn skoansuster weromkaam. Myn skoanheit hie dat gelok net. Hy waard ôftúgd yn Amersfoart en is fiif jier nei de befrijing oan syn ferwûnings beswykt. Myn skoanheit wie noch mar 45 kilo doe’t hy út it kamp kaam en koe de treppen fan syn wenning net opkomme, sa ferswakke wie er. We ha de hongerwinter meimakke yn de Rânestêd. De lêste wiken, doe’t yn april de earste hynsteblommen wer te sjen wiene, sieten we mei in man as trettjin yn ’e hûs. De wasktsjettel oan de kop ta fol mei ûntúch en twa ierpels foar it binen. In brokje smoarch sâlt (fan de dyk) der by. Dat wie ús iten. Myn frou en ik goaie nea iten fuort. No moat ik der om earlik te wêzen wol by sizze dat we twa hûnen ha! Gjin iten mar ek gjin jild fuortsmite, is it kredo. Ik moast lêsten in elektryske fyts hawwe omdat ik net mear yn de wyn op komme koe. Myn jongste dochter Clara hat op Marktplaats in moaie twaddehânske fyts op ’e kop tikke foar 250 euro. Op myn leeftiid keapje ik echt gjin nije fyts mear.

We ha it yn dit lân noch nea sa goed hân. Dochs binne der in soad minsken dy’t hiel ûnferstannich mei jild omgeane. Famyljes mei jild, wy libje ek net fan de diakony, moatte der op in ferantwurde wize mei omgean. Us heit wie yn de jierren tritich as ynternasjonaal rjochter ferbûn oan it Fredespaleis. Mei Colijn wie hy ien fan de bêst betelle minsken fan Nederlân. Doe’t ik yn de fjirde klasse fan de legere skoalle siet krige ik in stoer bûsjild en yn de sechsde klasse sân sinten. Ien ijsko yn ’e wike, mear net. Us mem woe nea in bontjas ha. Se fûn dat se dat yn krisistiid net meitsje koe. Se hat altyd de hoop hân hiel ryk te wurden. Dan koe se in protte oare minsken helpe. Dat barde by ús thús ek. Net mei hûnderten mar mei tûzenen gûnen tagelyk. Dat is mysels in kear opbrutsen. Myn twa bruorren hiene yn de jierren tritich beide in wrâldreis makke. It wie flak nei de oarloch doe’t ik it heit frege. Hy sei dat it him net paste omdat er in soad fermogensbelesting betelje moast. Ik hearde him tsjin ús mem sizzen: “Het geld voor Jeanne heb ik gelukkig kunnen overmaken.” Jeanne wie in hertsfreondin fan ús mem. Se hie in ‘jankerige’ wize fan praten. It wie yn alle gefallen net in favoryt fan my. Jeanne en har man wiene yn de jierren tritich alles kwyt rekke. Se hiene plantaazjes yn Indië. Sosjale foarsjennings wiene der net. Se hiene gjin reade sint mear. Us heit stipe har mei 5000 oant 6000 gûne yn it jier. Doe’t ik heit nei dy reis frege, koe hy wol it jild oan Jeanne betelje. Ik waard lilk en hie it oer dat ‘rotmens’. “Ik heb het u verdorie vriendelijk gevraagd”, sei ik. Heit waard bleek en syn hannen trillen, doe’t hy sei: “Ik wil je er van doordringen dat verplichtingen jegens derden altijd voorgaan.” Ik ha der twa dagen oer neitocht en doe fûn ik ek dat heit gelyk hie.

Dy hufterichheid is hjoed-de-dei trochkrongen ta de Twadde Keamer.

Dat is in oare wize fan libjen as wat de ‘nouveau riche’ docht. Dy witte fan gekkichheid net wat se mei harren jild dwaan moatte, gedrage harren bytiden ek hufterich en ha faak ek gjin gefoel foar humor. Ik wit noch dat myn frou en ik in kear yn in optúgd roeiboatsje de haven fan Langwar binnenkamen. Myn frou, genietsjend mei in kessen yn ’e rêch, ik mei de hân oan it fokje. We leinen oan njonken in grutte motorboat. Ergens dêr boppe stie in menear, dy’t meilydsum nei dy earme sloebers yn dat roeiboatsje seach. Ik koe it net litte en sei: “Weet u dat we precies evenveel plezier hebben?” Hy seach as woe er wol in amer wetter oer my hinne goaie.

Dy hufterichheid is hjoed-de-dei trochkrongen ta de Twadde Keamer. Dêr blaffe de politisy tsjin inoar. Dat jout gjin pas. De siswizen dy’t in man as Geert Wilders brûkt sizze mear oer him as oer dy oar. Ik fyn it yslik dat in man as Herman van Veen, as dy de beweging fan Wilders fergeliket mei de NSB, fan alle kanten oanfallen en útskolden wurdt op it ynternet. It is allegear getoeter en geblaas. Dat hy warskôget is net sa frjemd. De NSB wie yn earste ynstânsje ek in demokratyske partij. Partijen binne it altiten net iens mar moatte mei inoar út ’e ein fia diskusje en respekt.

Der binne gelokkich ek geunstige útsûnderingen. Bos fyn ik in fatsoenlike fint. Hy wit wêr’t er oer praat en is net bang. Op it kongres hat hy de leden safier krigen dat se ynstimden mei de feroaringen yn de AOW. Foar Jetta Klijnsma, dy frou dy’t op de tandem nei har wurk giet, ha ik ek respekt. Ik lis net wekker fan dy ûntwikkelingen mar soarchlik fyn ik it wol. Dat jildt ek foar de wize wêrop’t de finânsjes fan it Keningshûs yn de Twadde Keamer besprutsen binne. Lit my it sa sizze, op in ‘minder ruiterlijke manier’. Dat is spitich. Wat my oanbelanget, ik soe it dom fine om de konstitúsjonele monargy te ferleegjen ta in seremoniële. Doe’t dat fleantúch yn de Bijlmer delstoarte, sa’t de keninginne dy frou omearme, dat kin net ien har neidwaan. Se is in itichmerk. De keninginne is as in mediator, tusken it kabinet en it folk yn. As in nije minister-presidint de hiele problematyk dy’t yn de Twadde Keamer geande is oerkrijt fan syn foargonger, kin hy dat bûten eltse partij om mei har besprekke. De lêste hûndert jier meie we gjin klachten ha. Eltse keninginne is harsels. En ferjit net, ek in foardiel, Juliana hie al in lichte universitêre foarming hân. Willem Alexander, dy’t yn it ferline troch de media as Prins Pils betitele waard, eltse studint lest wol in pilske, is doktorandus moderne skiednis. Dan binne der wol prinsen út oare monargyen, dy’t aardige sportive jonges binne mar folle minder ynhâld ha. En it argumint dat de kening as keninginne net keazen wurdt. Lit my dêr dit op sizze: dat demokrasy it minst minne systeem is. It Keningshûs hat noch altiten 80 oant 85 persint oanhang. Ferjit nea dat Hitler en Mussolini ek demokratysk keazen binne.

Ik soe it dom fine om de konstitúsjonele monargy te ferleegjen ta in seremoniële.

Ik ha op it stuit net folle mear by de ein. Ja, ik bin mantelsoarger. Wikenlang ha ik it iten sean. Ik ha altyd in sterke histoaryske ynteresse hân. Blykber ha ik dêr in antenne foar. De âldste soan lûkt nei de 60 en hat my frege it ien en oar op papier te setten. Der leit al in hiele steapel folskreaune A4’s. Ik ha seis geslachten fan it Oranjehûs meimakke. As jonkje ha ik keninginne Emma noch in hantsje jûn. Wat dat oanbelanget ha ik in nijsgjirrich libben hân en falt der genôch te fertellen. Koartlyn ha ik noch in lêzing oer it Keningshûs holden yn it Hearrenfean. As ik dan thúskom bin ik deawurch. Dochs genietsje myn frou en ik fan it libben. Doe’t wy koartlyn allebeide fallen wiene, skille ús dochter. Myn frou en ik makken der grapkes oer mar ús dochter koe der net om laitsje, wat ik ek wol begripe kin. We hawwe it poerbêst, binne al 60 jier byinoar en noch altyd sljocht op elkoar.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 9 (2010),  1 (jannewaris), s. 12-15.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.