Obe Postma en Jan Slauerhoff

Publisearre op 16 november 2010

ERNST BRUINSMA –

Obe Postma en Jan Slauerhoff binne beide yn de betsjoening rekke fan de njoggende-ieuske Sineeske dichter Bai Juyi (Po Tsju-i). Nei oanlieding fan de stúdzjedei ‘De fascinatie voor Slauerhoff’ fan it Obe Postma Selskip, op 19 novimber 2010, hat de Moanne mei it Selskip (Hylkje de Jong) in twalûk makke oer dizze mienskiplike betsjoening. Der binne beskôgingen skreaun en dêrneist hawwe wy in tal dichters frege om harren ynspirearje te litten troch de Sineeske gedichten fan Slauerhoff en Postma of troch de Sineeske dichtkeunst sels. Se koenen net allinnich dichtsje op in oersetting fan Slauerhoff en Postma, mar ek in ‘chinoiserie’ meitsje.

Uteinlik binne trije artikels en seis gedichten foardroegen foar publikaasje. Dy binne as twalûk ferdield oer de Moanne en oer de Wjerklank, it hûsorgaan fan it Obe Postma Selskip. Yn de Moanne wurdt de fassinaasje fan Obe Postma foar Bai Juyi troch Philippus Breuker besprutsen. It betiidste Sineeske gedicht fan Postma ‘De reade kakatoe’ wurdt besprutsen troch Jan Louman. Hy fergeliket ferskate oersettingen en de betsjutting fan de kombinaasje fûgel en minske yn de Sineeske literatuer. Ta einbeslút folgje trije gedichten. Simon Oosting hat in gedicht fan Hsien Yang út Yoeng Poe Tsjoeng fan Slauerhoff oerset. C.A. Tulla is ynspirearre troch ‘De hoed door Li Tsjen aan den dichter gegeven/Fan in hoed oan de dichter jûn’ en ‘’k Verkeer in weelde tusschen de bloemen met wijn/Wyndrinke’.

Yn de Wjerklank beskriuwt Arie Pos de fassinaasje fan Slauerhoff foar Po Tsju-i. Fierder binne ek yn de Wjerklank in tal gedichten opnaam. Syn ‘chinoiserie’ neamt Simon Oosting in moralistysk fers, nei Po Tsju-i. Martin Reints hat him ynspirearje litten troch ‘Fersen fan Yu an Chin lêzen oan board fan in skip’, Willem Abma (Inerlik ferskinen, 2011) troch ‘De hoed door Li Tsjen aan den dichter gegeven/Fan in hoed oan de dichter jûn’. As fergeliking binne neist it gedicht fan Abma ek de gedichten fan Po Tsju-i, Arthur Waley, Slauerhoff en Postma opnaam.

Dit nûmer fan de Moanne ferskynt op de stúdzjedei De fascinatie voor Slauerhoff en wurdt beskikber steld oan de oanwêzigen. De Wjerklank is yn de Afûkwinkel te keap foar 5 euro. Wolle jo lid wurde fan it Obe Postma Selskip, foar €17,50, sjoch dan op www.obepostma.nl.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels