Dichters als stilleven

No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen. Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch […]

Obe Postma en Jan Slauerhoff

ERNST BRUINSMA – Obe Postma en Jan Slauerhoff binne beide yn de betsjoening rekke fan de njoggende-ieuske Sineeske dichter Bai Juyi (Po Tsju-i). Nei oanlieding fan de stúdzjedei ‘De fascinatie voor Slauerhoff’ fan it Obe Postma Selskip, op 19 novimber 2010, hat de Moanne mei it Selskip (Hylkje de Jong) in twalûk makke oer dizze […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.