Wat is no it goeie Frysk?

Publisearre op 24 juni 2022

GEART VAN DER MEAR – 

Dy fraach is mij gauris troch myn sweager Germ steld. Germ prate fan hûs út wol Frysk, mar wie net sa ‘foar it Frysk’, en hij hie wolris wat de gek mei minsken lykas mij. Om mij en myn frou wat goedmoedich te narjen sei er faak mei wat al te folle klam Skylge, en dat wylst hij en wij fansels goed wisten dat de gewoane Friezen almeast de namme Terskelling foar dat skoandere eilân brûkten (hij hierde geregeld in húske dêr). Syn frou sei dan altyd ‘ê ju, seist oars altyd fan Terskelling’. Sa giet dat mei de nammen fan Fryske plakken dy’t op skoalle leard wurde. Sa soe ik bijgelyks net al dy minsken de kost jaan wolle dy’t Harlingen sizze yn pleats fan Harns.

Mar goed, it giet mij hjir oer hoe’t boppesteande fraach steld wurdt, mei dat wurdsje itit goeie Frysk. Minsken dy’t gjin taal studeard hawwe gean der almeast fanút dat der soks bestiet as ‘it’ Dúts, ‘it’ Ingels en ‘it’ Nederlâns. En dus ‘it’ Frysk. It idee skynt te wêzen dat der in fêststeande noarm is, in standert, en dat der yn it gefal fan fariaasje fan it ‘goede’ ôfwykt wurdt. Fierders lykje in soad minsken te tinken dat ôfwikingen fan de standert delkomme op in soarte fan korrupsje fan dy oarspronklike suvere standert. De standert bestie earst yn al syn suverheid, en dialektfoarmen binne ôfwikingen, korrupsje fan dy suvere begjinfoarm fan ‘de’ taal, bijgelyks ‘it’ Frysk.

Dat de minsken soks tinke is fansels ek net sa nuver, as we betinke dat yn it skriftlik gebrûk fan de lêste iuwen talen as it Nederlâns en Ingels frij strak kodeard binne. Mar it sit fansels krektoarsom. De moderne grutte standerttalen binne in keunstmjittich produkt dat oer de iuwen hinne gearstald is út wat men neame kin ien of twa oanleverjende dialekten. Om 1500 hinne bestie ‘it’ Nederlâns noch net. It ûntstean fan sa’n min of mear fêstleine standert hat gauris te meitsjen mei wa’t de belangrykste sprekkers fan hokker dialekt wienen en wêr’t se wennen. Foar it Nederlâns moat dat it westen fan it lân west hawwe, mei noch (seit men) in net ûnbelangrike ynbring fan de nei de fal fan Antwerpen (1585) nei ús lân útwykte Flamingen.

Dan it Frysk. Hat dat wol in standert? Yn de sprektaal suver net – fierwei de measte Friezen binne net echt goed bekend mei de yn de wurdboeken fêstleine ûnderstelde standert, en se prate dat seker net. Mar se ha faak wol it idee, as men út twa of mear ferskillende foarmen kieze kin, bijg. hiel of heel, onder of ûnder, dat der dan wat net doocht, en dat ien fan de twa ‘fout’ is en net ‘echt’ Frysk: in gefolch útsoarte fan de ûnderstelling fan it bestean fan in ding as ‘it’ Frysk. En dy standert, tinke se, is fêstlein yn ‘it’ wurdboek – al wer dat ‘it’, krekt as is ‘it’ wurdboek ek in fêstlein ûnferoarlik ús fan boppen oplein gegeven.

En sa kom ik dêr’t ik wêze wol: ‘it’ Frysk yn ‘it’ wurdboek. Wa’t wolris yn it Frysk Hânwurdboek (2008, FH)) omsneupt hat, hat miskien wol ûntdutsen dat der wol in standert liket te wêzen, mar ek dat der alternativen jûn wurde nêst de haadyngongen (‘haadyngongen’ binne de wurden sa’t jo dy opsykje), de ‘foarkarsfoarmen’. Sa is diel de haadyngong en deel in njonkenyngong, dy’t jo mei in pylkje trochferwiist nei diel. Yn in wurdboek fan bijg. it Nederlâns soe yn sokke gefallen almeast de tafoeging ‘gewestelijk’ brûkt wurde, mei de suggestje dat de standert oeral jildt, en dat de njonkenyngong fan in leger nivo is, minder status hat, en wol dy fan in dialekt. Yn it Frysk, dat neffens it foaropwurd fan it FH noch gjin ‘útkristallisearre’ standert hat, leit dat justjes oars. Dat ferskynsel docht fansels it idee fan ‘it’ Frysk al wat ûnderstek. It nijsgjirrige is dat soks ek noch feroarje kin. Wa’t it wurdboek fan Waling Dykstra (WD) ken (1900-1911) wit dat on- (yn wurden as onbekend) en onder bij him de foarkarsfoarmen binne, en dat ûn- en ûnder pas op it twadde plak steane, gjin haadyngongen binne dus. Itselde jildt foar hiel en diel, want heel en deel binne de haadyngongen, dus de foarkarsfoarmen yn WD. Dat is hjoed-de-dei presys oarsom. Foarmen as deel en onder wurde no faak oanfjild as minder ‘echt’ of minder goed Frysk. Oer hoe’t dat sa kommen is, wol ik it hjir net echt hawwe. Mar dat hat grif in protte te meitsjen mei de saneamde ‘distansjearringssucht’: it Frysk is pas ‘echt’ Frysk as it safier as mar kin fan it bedriigjende Hollâns ôfstiet. Mar onder en heel binne wol deeglik goed en suver Frysk, mar dan út in oar dialekt as de standertfoarm. In protte fan de noarmwurden yn de moderne Fryske wurdboeken binne dan ek te ferklearjen mei de oanname fan distansjearringssucht. Dat bijgelyks in wurd as hja foar sij noch altyd safolle brûkt wurdt hat hjirmei te meitsjen, ek al is dat frijwat in minderheidsfoarm, en is dat sokke skriuwers yn har eigen dialekt faak net eigen. Mar hja liket absolút net op it HollIans. En dêr giet it mar om.

Oare gefallen fan itselde ferskynsel binne bijgelyks wurden as ea/nea, efter, dream, stream, earne/nearne,krêft ensfh. dêr’t neffens mij de sûnder-euvelmoed-pratende Fries suver allinne oait/noait, achter, droom, stroom, ergens/nergens, kracht ensfh. brûkt. Om noch mar te swijen fan berne en berte … Ek folslein ûnnatuerlik yn de sprektaal is eat, dêr’t grif it wurd yts foar yn it plak oan it kommen is. No griist dat yts mijsels oan, want ik brûk it sels fan hûs út noait, en brûk gewoan wat of soms in ding. Alles bijelkoar makket dat it skreaune Frysk frijwa stiif en ûnnatuerlik.

Ik ha sa súntsjesoan tusken 2009 en 2021 alve boeken út de Ingelse wrâldliteratuer yn it Frysk fertaald, en ik bin om dy reden (dat it boekje-Frysk sa stiif en ûnnatuerlik oandocht) njonkelytsen oergongen op wat gewoaner Frysk, foaral mei myn oersetting De Griene Ierde fan de Fryske Amerikaan Frederick Feikema Manfred (2013). Myn earste wapenfeit wie myn oersetting fan John Milton syn masterwurk fan 1674, Paradise Lost, foar hokker wurk mei syn ‘hege’ styl it ea-nea-earne-nearne-efter-Frysk noch goed paste, omdat dat ek in soarte fan ophege styl suggerearde. Mar doe’t ik mij letter ta romanfertalingen sette, begûn dat te knipen. De reden dat it boekje-Frysk sa stiif en ûnnatuerlik oandocht is it feit dat in lyts oantal heechfrekwinte wurden, lykas opsomme yn de foarige alinea, yn har boekje-Fryske foarm yn de sprektaal útstoarn binne, en dat faak al heel lang. Ik fûn it tiid wurden om sa súntsjesoan de gewoane sprektaalwjergaders (oait-noait ensfh.) mar ris te akseptearen, en om fierders te besykjen om foar de rest goede Fryske wurden te brûken, ek de mear literêre, dy’t yn elk gefal net it efter/achter-ferskynsel sjen litte, dêr’t ik mei bedoel dat de offisjele standertfoarm net fan in mooglike sprektaalfoarm ferskilt. Ik ha lykwols wol besocht om dêrbij de stipe te finen yn foaral it ientalich Frysk Hânwurdboek fan 2008 (FH). En fierder as dat sa útkaam haw ik geregeld it 25-delich twatalich Wurdboek fan de Fryske Taal  (WFT) rieplachte.

Fan dat ek digitaal beskikber Frysk Hânwurdboek haw ik, mei tank oan de Fryske Akademy, in lange digitale list fan farianten krije mocht dy’t nêst de haadyngongen fan wat we mar neame sille de standertfoarmen as ‘fariant’ opnommen binne, soms mei in opmerking H (Hollanisme), as sa’t skynt dat hollanisme sa frekwint is dat it troch de redaksje mar bij it Frysk rekkene wurdt. Hjir komme dan dingen oan it ljocht, dy’t in nijsgjirrich ljocht smite op wat ek ‘goed’ Frysk is (al is it dan minder boekje-Frysk). Ik sil dy bijlâns rinne.

  1. IT ACHTERHEAKSEL -EARJE (útsprutsen as -jerje): guon skriuwers hâlde krampachtich fêst oan -earje, wylst -eare as alternatyf ek neamd wurd yn in njonkenyngong -eare. It liket mij ta dat yn de sprektaal -eare fierwei it frekwintst is, op in pear útsûnderingen nei as bijg. prebearje en wurdearje. Sa kin ik mij net goed foarstelle dat de minsken oait sizze fan negearje of parkearje, mei dus -jerje, wylst negeare en parkeare neat mis mei is.
  2. IT ACHTERHEAKSEL -EFTICH: hjir jildt itselde. Ek hjir hâldt men faak krampachtich oan -eftich fêst, wat helendal net hoeft, want -achtich is ek goed. Sterker noch, bij Waling Dykstra fine we bijg. al âldachtich as haadyngong, en net âldeftich.
  3. IT ACHTERHEAKSEL -LEAS. Itselde ferhaal: ek hjir dat krampachtige -leas, yn bijg. achteleas, wylst fansels de normale útgong yn de sprektaal -loas is, sa’t ek hjir WD al wist. Hij jout achteloas en dan pasachteleas. It FH jout -loas as njonkenyngong, as alternative goede Fryske útgong.
  4. DE TIIDWURDEN OP -JE. De list fan de tiidwurden op -je, dêr’t -e ek kin, is heel lang. Sa kin bijg. bûgjeek bûge wêze. Hjir kin men dus gauris op grûn fan it thúslearde Frysk sels kieze. Men kin dus freezje of freze, beevje of beve brûke.
  5. WURDEN MEI ‘BREKKING’ OF NET. Dit is wat in bûnte samling wurden, dêr’t net echt fan sein wurde kin dat de ‘brutsen’ foarm altyd de standertfoarm is, al is dy tendins op grûn fan de distansjearringssucht der wol. Ik neam hjir in pear op: bemuoie/bemoeie, biennen/bienen, fliering/flierring, foarich/foarrich, iennich/ienich, neame/neamme, nuodlik/noedlik, roet/ruot, rustich/roastich, rustkje/roastkje. It falt op dat moeilik net neamd wurdt as fariant fan muoilik, ek al ken ik persoanlik dat lêste wurd net yn dy útspraak. Yn de sin fan ‘lestich te dwaan’ wurdt ek faak leaver dreech skreaun, ek al is moeilik neffens mij yn dy betsjutting heel gewoan. In wat apart gefal is it twatal fiele en spiele: foar beide wurdt oanjûn dat de útspraak ek mei brekking wêze kin, mar allinne foar fielle is in njonkenyngong te finen. De haadyngongneame hat nêst him ek noch neamme. It neideel fan dizze stavering is dat yn bijg. ik fiel/spiel/neam de útspraak dan net te rieden is.
  6. Under dit kopke passe ferskeidene wurden, lykas blik/blyk, by/bij/drip/drup, my/mij, flaach/fleach, genede/genade, hert/hart (!), leagen/leugen, leat/loat, lef/laf, meunster/mûnster, reek/riik, rjocht/rjucht, seagje/saagje, sljocht/sljucht. Opfallend is hjir hart, foar dat klopjend ding yn jo boarst, dat elke boekje-taal-skriuwe-wollende Fries steefêst as hert en net oars skriuwe mient te moatten. De foarmen rjucht en sljucht, bij Waling Dykstra de gongbere foarmen noch, binne om hokker reden dan ek troch de hjoeddeiske wurdboeken ferballe ta de status fan njonkenyngong. De al neamde distansjearringssucht liket mij hjir gjin rol spile te hawwen.
  7. Ek dij, mij, bij en sij skynt in flok op te rêsten, te’n geunste fan de yn de Wâlden mear gongbere foarmen mei -y, ek al is de útspraak mei -ij de meast gongbere. En fansels, in oprjuchte boekje-taal-skriuwer brûkt hja, en net sij.
  8. OARE GEFALLEN FAN FOKAALWIKSEL. Ek al in bûnte samling, bijg.: bochel/buchel, brâne/baarne, bondel/bundel, drôvich/droevich, efter/achter, goes/gâns, kjel/kel, kjimme/kamme, plonderje/plunderje, rôvje/roovje/rove, rôve. Nijsgjirrich is hjir fansels de erkenning fan achter, ek sa’n wurd dêr’t de boekje-frysk-skriuwer skitend benaud foar is. Yn bepaalde foarmen hat ek hjir wer distansjearringssucht fansels in rol spile bij it kiezen fan de haadyngong: bondel, net bundel.
  9. KOART-LANG. In pear foarbylden: dôf/doof, farre/fare/flagge/flage, mes/mês, rok/rôk, skele/skille.
  10. O-U (o-û). Bijgelyks yn: bûnt/bont, flonkerje/flûnkerje, fonk/fûnk, honger/hûnger, hûndert/hondert, jokje/jûkje, klontsje/klûntsje, klomje/klûmje, klomsk/klûmsk, kont/kûnt, krom/krûm, prom/prûm, romte/rûmte. Tsjin de ferwachting yn spilet yn bijg. klontsje, fonk, kont, krom (allegear haadyngongen) de ferwachte distansjearringssucht gjin rol. Wêrom net?
  11. IEL-EEL. Dit is in lyts groepke mei wurden lykas hiel en diel. Dy twa wienen bij Waling Dykstra noch heel en deel. Inkelde oaren binne giel/geel, kiel/keel, en personiel/personeel. It FH is wat ûnkonsekwint bij de ôflate foarmen lykas ferdele, ensfh., dy’t net as fariant opnommen binne, wylst dele dat wol is. Ek yn wurden lykas oardiel(j)e en beoardiel(j)e fine we gjin foarmen mei -ee yn FH. En trouwens, it liket mij ta dat oardele en beoardele, dus sûnder -j- en mei -ee ek likegoed suver Frysk binne.
  12. -SK EN -YSK. As it âldere Hollâns foarhinne -sch hie, dan hat it Frysk dat faak ek: sa bijg. yn minsk, fisk en farsk, en ek sa útsprutsen.  Mar yn it gefal fan de nammen fan talen (Hollânsk, Dútsk, Ingelsk) en inkelde oare wurden (jaloersk,âlderwetsk) hoeft neffens it FH dy -k net útsprutsen te wurden, en dy wurdt dan ek better net te witten yn de sprektaal net útsprutsen, reden wêrom’t ik se ek net mear skriuw, al meitsje ik in útsûndering foar Frysk, dat yn de sprektaal ek gauris de -k Yn elk gefal fyn ik bijg. Amerikaansk, Kanadeesk en Sineesk o sa ‘gekunsteld’ Frysk. Ek yn it achterheaksel -ysk, bijg. logysk, alfabetysk ensfh. hoeve wij fan it FH dy -k net út te sprekken. En ik fermoedzje trouwens dat dy ek yn de sprektaal noait útsprutsen west hat, as we betinke dat dit achterheakse út it Dúts komt, en dat de stavering -ysk (mei -k dus) ûntstien is op grûn fan analogy mei it âldere Hollâns mei syn -sch: mensch/visch <> minsk, fisk  en dus ek logisch<>logysk. As ik gelyk haw, dan is dy -k dus suver in papieren -k. En al dy wurden op -ysk binne fansels fia it Hollâns yn it Frysk bedarre.
  13. WURDEN MEI -YN EN -YNTER. Ik ha dêr yn 2010 al ris oer op de tekst west yn DE MOANNE. It FH seit hjir neat oer, mar yn it gefal fan nammen as Yndia, Yndonesië, Yndianen, en fierder ynternasjonaal, yntolerant liket mij dy foarm mei yn- of ynter- in folslein papieren betinksel. Der is gjin inkelde taalkundige reden om dy út it Latyn ôfkomstige foarheaksels mei in y- út te sprekken, en yn de âldere boarnen waarden dy ek net sa skreaun. Ik meitsje wol in útsûndering foar gefallen as ynformeel  en ynsekt, omdat de n  foar in folgjende f of s weifalt en tagelyk de foarôfgeande fokaal nasaal makket en ek wat langer, alteast yn myn eigen útspraak, sadat de stavering mei yn- mij dan better taliket . Mar goed, dit is wat persoanlik. Yn elk gefal liket mij dat ynter- frijwat sabeare super-Frysk ta. Itselde beswier jildt wurden as yllegaal, ynnovatyf ensfh. – ek sabeare Frysk.
  14. AS LESTE IN STIKMANNICH OARE ‘SJIBBOLETWURDEN‘: dêr bedoel ik mei wurden dy’t it sinjaal ôfjouwe fan ‘pas op en o wee: dit is STANDERTFRYSK! GJINIEN SEIT IT SA MAR IT MOAT SA EN NET OARS. It is mar in lyts hantsjefol: it al neamde efter, ea en nea, earne en nearne, dream en stream, krêft en sêft, en eat. It FH jout as akseptabele njonkenyngongen achter, oait en noait, ergens ennergens, droom, stroom, kracht en sacht. Mar net yts, dat fansels meastal gewoan wat wêze kin:ik moat dy even wat sizze.’ En ek al komt easter- en east– yn Fryske plaknammen faak foar (Easterlittens, Easthim), útsprutsen as -jest(er), we meie fan it FH ek sizze en skriuwe: oast, oasten. Sa seit it folk dat, ek al binne it úteinlik wol hollanismen, dy’t lykwols al in heel skoft yn it Frysk útfanhuze hawwe. Dat hawwe seker ek wurden as geboarte en geboaren. Yn de Rimen en Teltsjes, mei de taal fan sis mar de earste helte fan de 19e iuw, komme berne en berte net foar. It binne hjoed-de-dei super-sabeare echte Standert-Fryske wurden: ek al kinne guon minsken amper ien goede Fryske sin op papier krije, berneen berte sille se perfoarst brûke. En ja, fan it FH meie geboaren en geboarte ek net, fergemy …

It ien nei lêste dat ik hjir neame wol is barre, dêr’t gewoan Frysk gebeure hat. En ek noch finzen, finzenis, ensfh., ek twa fan dy papieren wurden. It FH stiet ek hjir gefangen ensfh. gewoan ta.

En no ta beslút it aldermajesteitlikste boekjewurd: KENING. Ik nim hjir wat oer fan wat ik in pear jier lyn ek al yn DE MOANNE oer kening skreaun hie. Opfallend is dat Waling Dykstra yn syn Friesch Woordenboek (fan 1900-1911) wol de stavering kening jout, mar dêrbij nuver genôch oanjout dat de útspraak ‘keuning’ wêze moat. It Aldfrysk hat kening/kining mar ek al koning (hoe útsprutsen?). Der mei dêrom oannommen wurde dat koaning al heel âlde papieren hat. Yn hoefier’t keuning in fuortsetting is fan Aldfrysk kening/kining is mij net dúdlik. En ek net, wêrom’t keuning it net rêden hat yn it hjoeddeisk sprutsen Frysk, al is it noch wol werom te finen yn de achternamme Keuning. Jan Althuysen (1715-1763), yn syn beriming fan de hûndert psalmen (1755) dêr’t Gysbert Japiks (1603-1666) net oan takommen wie, hat trouwens oeral ek keuning (sj. bgl psalm 145). Mar Gysbert lykwols (bgl. yn syn beriming fan psalm 2) hat kening(en), en ik fermoedzje dat yn de 19e iuw op dy meast ekstreem Frysk oandwaande foarm troch taalpuristen weromgrepen is te’n ûngeunste fan it besteande keuning, dat tefolle nei it Hollâns útskaaid hat, en al helendal te’n ûngeunste fan it ek al lang besteande koaning, dat te dúdlik op it Hollâns like fansels. Sadwaande liket it mij ta dat kening in klearebare Gysbert-Japiksiaans wurd is. Yn hoefier’t kening yn dy syn tiid de ‘natuerlike’ sprektaalfoarm west hat, kin ik net beoardele, want der is noch gjin Midfrysk wurdboek. Ik fermoedzje sadwaande dat der foar 1850 twa foarmen gongber west hawwe, koaning en keuning, dat troch Gysbert ynspirearde puristen yn it skreaune Frysk kening fan stâl helle is, en dat lang om let om hokker reden dan ek, yn it Omgongsfrysk keuning it gat fan de doar wiisd is. It grutte Wurdboek fan de Fryske Taal liket soks te stypjen. Sadwaande is kening moai ‘echt’ sabeare Frysk, en brûk it dan mar, mar besef ek dat neffens it FH koaning ek mei.

Om no op myn sweager Germ werom te kommen: der is mear ‘goed’ Frysk as we ús realiseare, mar dan moatte we wol even sekuer yn de wurdboeken sjen. Skriuwers fan ‘it’ Frysk hawwe sadwaande folle mear frijheid as se beseft hienen. Wij hoeve ús dus folle minder te ‘ferbrekken’ as we tochten. No is dat fansels elk syn eigen frijheid, en wa’t him nofliker fjilt bij de strakke wurdboekstandert, dy moat dêr fansels mei trochgean. Mar der binne grif ek oaren, lykas iksels, dy’t har nofliker fjille bij in wat mear bij har eigen dialekt oanslutende taalfoarm. En der is fansels ek de mooglikheid om no en dan te wikseljen: mocht iksels oait wer in tekst as Paradise Lost oersette, dan soe ik grif mear de besteande strakkere wurdboekstandert brûke, wat it effekt fan in ‘hegere’ styl suggereare kin. Der falt dus wat te kiezen tusken ferskillende Frysken, as ik dat meartal sa brûke mei. Frijheid dus, al komme dan de sprekkers fan it Súdwesthoeks en it Noardoasthoeks der wol wat bekaaid fan ôf: gjin futten en buosse dus.

Biografy
Geart van der Meer (1944) studearde Ingels, Aldfrysk en Aldyslâns yn Grins, wie dêr dosint Ingels oan de universiteit, en ek fiif jier lang dosint Frysk, promovearde op de Fryske ‘brekking’, publisearde twa dichtbondels, stúdzjes oer Douwe Tamminga en Obe Postma, en fertaalde 10 romans út de Ingelse wrâldliteratuer yn it Frysk, nêst de ferneamde poëtise masterwurken fan John Milton It Paradys Ferlern en de Koaning Arthur-ferhalen fan Tennyson.  Tusken 1976 en 1982 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Trotwaer.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels