Wat is in ‘heks’ yn it Frysk?

Publisearre op 11 september 2020

HENK WOLF – 

Okkerdeis krige ik de fraach wat de Fryske oersetting fan it Nederlânske ‘heks’ wie. De fraachsteller hie yn it Grinslânsk ‘wikster’ heard en woe witte oft dat yn it Frysk ek brûkt waard.

Ik tink dat in protte minsken hjoed de dei by it Nederlânske ‘heks’ alderearst tinke oan Disney-heksen, dus oan boaze âldwyfkes dy’t toverje kinne. Dat is fansels in frij nij byld. Yn it Frysk en Grinzersk dekt ‘heks(e)’ dat ôf.

 

In ’tsjoenster’ hoecht trouwens net in frou te wêzen, krekt as in ‘Jouster’ en in ‘Feanster’ kin it ek in man wêze.

 

De moderne Disney-heksen binne fansels basearre op figueren út de Europeeske folksferhalen. Dêryn komme ‘heksen’ foar as froulju dy’t har siel oan ‘e duvel ferkocht hienen en mei toverij minne dingen dienen. Dat hoegde net perfoarst âldwyfkes mei kromme noazen en swarte jurken oan te wêzen. Hjir en dêr waard wier oan sokke heksen leaud en minsken wienen der benaud fan en bleaunen by har út ‘e buert.

Dat wie folle minder it gefal mei allegear echte minsken oan wa’t ek boppenatuerlike jeften taskreaun waarden. In ’tsjoender’ of ’tsjoenster’ is dêr in foarbyld fan. Wylst minsken almeast gjin echte heksen koenen of op syn heechst oaren derfan fertochten dat se heksen wienen, koenen minsken yn Fryslân eartiids echte tsjoenders en tsjoensters persoanlik kinne.

Fanâlds is in tsjoender of tsjoenster ien dy’t ’tsjoed’ (ferkeard, min) docht – en wol troch toverij, mar it wurd hat in folle bredere betsjutting krigen. Men koe bang wêze fan tsjoenders of tsjoensters, mar men koe se ek oan as ien siik wie, want it wienen faak ek amateurdokters en -apotekers, dy’t lang net altyd sa tsjoed wienen as byleauwige minsken wol tochten. De assosjaasme mei de duvel wie ek minder sterk as by heksen. In tsjoender/tsjoenster koe ek in ‘duvelbander’ neamd wurde – dus ien dy’t de duvel en syn kornuten krekt ferjaget.

In ’tsjoenster’ hoecht trouwens net in frou te wêzen, krekt as in ‘Jouster’ en in ‘Feanster’ kin it ek in man wêze.

In ‘wikster’ is yn it Grinzers mar ek yn it Frysk fanâlds ien dy’t ‘wikke’ koe: de takomst foarút sizze. Dat is fansels ek in boppenatuerlike jefte, mar der is net perfoarst sprake fan kweade opset of fan in bân mei de duvel. Yn it Frysk waard sa’n ien ek faak neamd nei it guod dat er/se brûkte om de takomst te achterheljen. Tink oan ‘kaartlizzer’ (dy’t de takomst yn spylkaarten lêze koe) of ‘kofjewikster’ (dy’t de takomst yn kofjegrom seach).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels