Wa moat de Gysbert hawwe? (3)

No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Tiid foar diel trije.

 

 

KLAAS VAN DER HOEK – 

Ek jout it wat romte yn ’e jas
Sondelfal, de achtste dichtbondel fan Jacobus Q. Smink (1954), ferskynde fjirtjin jier nei syn foarlêste, Minskegedichten. De rispinge út de tuskenlizzende jierren bestiet benammen út oantinkens fan de dichter oan syn bernejierren, syn heit en dy syn boerebedriuw, doarpsgenoaten en it dekor fan dat alles: it doarp Sondel. Dat is net mear wat it west hat, mar yn de geast fan de dichter bliuwt it âlde doarp yntakt. Hoewol’t inkeld de namme fan in nijboustrjitte mei bungalows en boerderettes yn Sondel noch herinnert oan it tichtsmiten Swaaigat, sit Smink noch yn de ûntkennende faze: ‘Dat efter kafee Zeldenrust is it Swaaigat / Wa’t praat hat fan dimpt dy seit mar wat’.

Fansels binne der, lykas altiten yn it wurk fan Smink, ek gedichten oer fammen en famkes. De fammen komt er tsjin op ’e dyk of yn de supermerk: ‘Watst op slach mei my dochst yn dy krappe tel / Ear’t ik my de eagen delslaan kin’. Mar de famkes, dat is in oar ferhaal. Dy sizze heit tsjin de dichter, sy ferliene him de status dy’t yn de Sondel-gedichten takomt oan syn eigen heit. Troch de famkes is Sondelfal ûnûntwynber in bondel mei in protte ferlytsingswurdsjes wurden.

Dan binne der noch gedichten, oars net de minsten, dy’t bûten de beide neamde tema’s falle, lykas ‘Graach flokke’, dat begjint mei de strofen:

 

Mei sa graach flokke it jaget

      It ûngemak op it spielt troch

As koalstof en it skrobbet

 

Ek jout it wat romte yn ’e jas

      Makket net dik en de dea

Draaft foar dy út it tsjerkhôf oer

 

De 52 gedichten yn Sondelfal binne net yn in stokramt fan skiften en subskiften wraamd, mar alfabetisearre op harren titel. Ek de foarm fan de gedichten is nearne twingend. Dy fariearret fan it frije fers oant it sonnet, sûnder dat Smink kwa foarm dogmatysk is: hy mei fan en ta graach wat rymje mar leit it der net tsjok op. Fan syn earste bondeltsje ôf, Apàrte fersen út 1983, skriuwt er suggestive, trintene en ûnferliteratuerde poëzy. Boartlik is syn wurk ek wol neamd, terjochte, mar lokkigernôch is it frij fan it soarte fan boartlikens dêr’t R.R. van der Leest altiten om bejubele is. Smink syn bêste gedichten hawwe in licht ûntrêstigjende heimsinnigens.

Sokke gedichten ûntbrekke fierhinne yn Sondelfal. Dy bondel is foaral ynkleure mei lichtfuottige weemoed. Yn guon gedichten – bygelyks de fersen dêr’t doarpstypen lykas Alde Jap, Nine Pit en Kreupele Jelle yn figurearje – giet dy weemoed oer yn sepiakleurige nostalgy. Hoe hinten en trinten fierders ek, dy gedichten hâlde it net út.

 

 

Wurdt poëzij ús ynjûn mei de tate?
Mem sjoch boi fan Eppie Dam (1953) sit strak yn de lak. Dat is Dam wol tabetroud, fan syn hân binne bondels mei frijer fersen en in losser struktuer ferskynd, mar ek bondels mei straffe straminen yn fersebou en yndieling. Mem sjoch boi befettet 56 fersen fan elk fjouwer kwatrinen, ferdield oer fiif skiften. Op sân nei hawwe de fersen omearmjend rym; de lêste sân, dy’t in rige foarmje mei deselde titel as de bondel, hawwe pearrym. Dat hat sa syn reden; foarm folget hjir funksje.

De bondel begjint frij ûnpersoanlik en hâldt dat lang fol. De earste fjouwer skiften foarmje in kaleidoskopysk oersjoch fan it mem-wêzen yn psychologysk en kultuerhistoarysk perspektyf. Yn it earste skift passearje saken lykas net-winske âlderskip en postnatale depresje, mar wurdt ek de fraach opsmiten oft taal en poëzy jeften binne dy’t fan mem komme:

 

Is taal fan mem? It lân komôf fan heit?

Wurdt poëzij ús ynjûn mei de tate,

de bûtendyk bewekke troch soldaten?

Ien is de geast dy’t yn twa wrâlden dijt.

 

De gedichten yn it twadde skift binne ynspirearre troch literêr wurk fan oaren, dy yn it tredde troch keunstwurken en dy yn it fjirde troch ferhalen út ’e Bibel.

Dy earste fjouwer skiften binne knap en kundich, dêr net fan, mar krije pas harren folle betsjutting yn it ljocht fan it fyfde skift, mei de titel ‘As kearde him in haven tsjin ’e boat’. De fersen yn dat skift hawwe ien oansprutsene, in mem dy’t om befêstiging frege wurdt mar dat net jaan woe of koe, en no net mear oansprekber is:

 

Ik mei jo net mear fergje no’t de slom

fan ûnbesef in waas lûkt oer jo dagen.

Ik woe, it wie it dodzjen fan myn fragen…

De echo balt syn ivich hoe en wêrom.

 

Foarmfêst en evenredich fan toan mar troch harren ynhâld skrinend, sketse de fersen hoe’t nearzich kristendom en skytskjin boargermansfatsoen in doem lein hawwe oer de bernejierren fan in jonkje dat omdôch nei waarmte en befêstiging fan syn mem longere. Sels syn dichtsjen letter, ynset om har oandacht en wurdearring te krijen, wurdt út dat gemis wei motivearre.

Mei Mem sjoch boi, syn fjirtjinde dichtbondel, hat Eppie Dam in hichtepunt tafoege oan syn oeuvre. Fan begjin ôf oan – hy debutearre as dichter yn 1978 mei de bondel Mei de jierren – hat er socht nei in balâns tusken foarm en ekspresje. Yn Mem sjoch boi hat er dy oertsjûgjend bemastere, benammen yn it lêste skift, dat lykwols de foargeande fjouwer skiften goed brûke kin om optimaal effekt te sortearjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.