Vredeman de Vries foarmjouwingspriis fan start

De Provinsje Fryslân rikt yn novimber 2017 foar de njoggende kear de Vredeman de Vries-priis foar foarmjouwing út. Alle foarkommende disiplines fan ûntwerpen en foarmjouwing kinne yn oanmerking komme foar de Vredeman de Vries-priis 2017. It giet om realisearre ûntwerpen dy’t ûntstien binne fanút in opdracht of makke binne op eigen inisjatyf fan de ûntwerper. De betingsten foar dielname binne werom te finen yn it Regelemint Foarmjouwingspriis Fryslân 2017.

De sjuery nominearret ynstjoerings yn in tidens de sjuerearring fêst te stellen yndieling fan kategoriën. Ut de nominaasjes kiest de sjuery in úteinlike priiswinner dy’t tidens de priisútrikking op 10 novimber 2017 bekend makke wurde sil. It team, besteande út de ûntwerper en de opdrachtjouwer fan it winnende ûntwerp, ûntfangt in bedrach fan €5.000,00 en in oarkonde. Dêrneist binne fiif bedragen fan €500,00 per kombinaasjes beskiber foar earfolle fermeldings.

De foardroegen sjuery bestiet dit jier út: Lonny van Ryswyck, product ontwerper; Yu-Lan van Alphen, programmamanager (stichting DOEN); Robert-Jan Hofhuis, grafisch ontwerper; Arjen Boerstra, ruimtelijk ontwerp / beeldend kunstenaar en Tim Vermeulen, programmamanager (dutch design foundation).

 

Dielname
Foarôfgeand oan de feitlike sjuerearring makket de sjuery in foarseleksje op basis fan ynstjoerde dokumintaasje en ôfbyldings. Jo kinne dielnimme oan de priis as ûntwerper en opdrachtjouwer tegearre of as selsprodusearjende foarmjouwer. De ûntwerper óf opdrachtjouwer moat fêstige wêze yn Fryslân. De ûntwerpen en produkten tsjinje nei 1 maart 2015 realisearre te wêzen om foar de priis yn oanmerking te kommen.

Om diel te nimmen, stjoere jo per ynstjoering in oanmeldingsformulier yn foar 9 juny 2017. Nei’t jo oanmelding befêstige is, leverje jo of stjoere jo foar 9 juny jo dokumintaasje yn foar de foarseleksje oer it ûntwerp of produkt. Dizze dokumintaasje wurdt by foarkar as PDF op formaat A4 digitaal tastjoerd en moat bestean út de gegevens oer it ûntwerp en foto’s wêrop it úteinlike resultaat te sjen is.

Op 28 juny wurdt oan de ynstjoerders bekend makke hokker ûntwerpen de sjuery selektearre hat. Nei de sjuerearring krije de selektearre dielnimmers berjocht oer de nominearring. De priisútrikking fynt plak op 10 novimber 2017.

Ek sil der, lykas ferline kear, gelegenheid wêze om in stim út te bringen foar ‘de Moanne Publykspriis’ fia de site vormgevingsprijs.frl. Dêrneist sil der ek in ‘Moanne-special’ ferskine oer foarmjouwingspriis fan de Provinsje Fryslân.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.