de Moanne Publykspriis

De provinsje Fryslân rikt op freed 5 juny foar de achtste kear de Vredeman de Vries-priis foar Foarmjouwing út. De foarmjouwingspriis wurdt útrikt as erkenning foar it resultaat fan in slagge gearwurking tusken opdrachtjouwer en ûntwerper. Ut 53 ynstjoerings hat de sjuery dit jier acht ûntwerpen nominearre.

Regina Mol – ‘Travel Cat Bag’
Machiel Braaksma – ‘Harrekrammele’
BW H Ontwerpers – ‘WaLTER’, Wadden Sea Long-Term Ecosystem Research
Maarten Kolk en Guus Kusters – ‘Withering Tableware’
Gert Jan Slagter – ‘Aubertin – Rood – Rouge’
Lisette Bokma – ‘Wei – Kookgerei’
Jelle F. Post – ‘Oranjekoek’
Claudy Jongstra – ‘De Denkkamer’

 

de Moanne Publykspriis 2015
Ek it publyk kin dit jier in stim útbringe op in favoryt út boppesteande nominearren. In stim útbringe op de Moanne Publykspriis kin troch de side fan de nominearre foarmjouwer fia www.vormgevingsprijs.frl te dielen op Facebook en/of Twitter. Kinst dyn favoryt ek trochjaan fia: publieksprijs@vormgevingsprijs.frl.

De útrikking fan de Vredeman de Vries-priis 2015 en de bekendmakking fan de Moanne Publykspriis is op freed 5 juny om 16.00 oere op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Stimme op de Moanne Publykspriis kin oantenmei 4 juny om 12.00 oere.

De sjuery fan de Vredeman de Vries-priis 2015 bestiet út: Jack Brandsma, interieurarchitect en productontwerper; Marise Knegtmans, grafisch ontwerper; Dingeman Kuilman, zelfstandig adviseur; Marion Poortvliet, ontwerper en organisator creatieve vernieuwingsprocessen en Peter de Ruyter, landschapsarchitect.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.