Vredeman de Vries foarmjouwingspriis fan start

De Provinsje Fryslân rikt yn novimber 2017 foar de njoggende kear de Vredeman de Vries-priis foar foarmjouwing út. Alle foarkommende disiplines fan ûntwerpen en foarmjouwing kinne yn oanmerking komme foar de Vredeman de Vries-priis 2017. It giet om realisearre ûntwerpen dy’t ûntstien binne fanút in opdracht of makke binne op eigen inisjatyf fan de ûntwerper. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.