Vlaskamp-excursie

Publisearre op 14 september 2013

Nei oanlieding fan it krektferskynde boek ‘Het prieel op de heuvel’ van Aly van der Mark oer de Fryske túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp organisearret De Culturele Onderneming in ‘Vlaskamp-excursie’.

In middei wêrby’t jo tegearre mei de skriuwster in reis meitsje lâns in hânfol Vlaskamp-tunen. Fan it âlde hûs fan de boargemaster fan Baarderadiel, lâns Jorwert en de pastorytún rjochting Stiens dêr’t de hjoeddeistige bewenners fan it âlde doktershûs de Vlaskamp-tún werombrocht hawwe. Ien fan de hichtepunten sil hoe dan ek de Seerp van Galemawei yn Mantgum wêze. Neffens guon de moaiste strjitte fan Fryslân, net yn it earste plak mei tank oan de Vlaskamp-tunen dêr.

Hinne: sneon 14 septimber, 13.00 oere Ljouwert CS
Werom: sneon 14 septimber 17.30 oere Ljouwert CS
Kosten: €35,00 ynklusyf ferfier, kofje, koeke en útlis troch Aly van der Mark en Nico Kloppenborg
Opjaan: info@decultureleonderneming.nl of 06 23507292

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels