‘Us’ museum?

BERTUS MULDER – 

De nije direkteur fan it Fries Museum is helder: “Zijn er mooie plannen rondom Popma? Doen! Hij is van ons allemaal.” Mar neffens de nije direkteur foldocht it wurk fan Popma net oan de kriteria dy’t it museum him stelt: is it relevant, is it ynternasjonaal fan belang? Fernijend? Sa net, wêrom soe it museum it dan dwaan? De latte fan it Fries Museum is heech. En it museum is fol.

 

Wat ik mis yn de opstelling fan Kris Callens, is it net foarbygean oan de ynwenners fan dizze provinsje.

 

De diskusje oer de ynfolling fan it nije en fernijde Fries Museum sa’t dy fan de kant fan Kris Callens fierd wurdt, foldocht my net.

Yn it foarste plak kin ik wol sizze dat de keunstners – sa’t dy bygelyks organisearre binne yn de keunstnersferiening FRIA – slim teloarsteld binne oer de net-kreative, ôfhâldende opstelling fan it Fries Museum. Neffens ús hawwe se yn it Fries Museum net genôch sicht op de omfang en kwaliteit fan it wurk fan Popma. Mar jo moatte miskien ek wat langer yn de provinsje meirûn hawwe om soks te witten. Ien, foar my ferrassend foarbyld: as jo de âlde trep fan it Provinsjehûs opgongen, kamen jo prachtich glêswurk fan Popma tsjin, as it my net mist út de jierren fyftich.

Mar der is noch wat oars. Yn in foarich libben as bestjoerder fan de provinsje Fryslân haw ik heftige diskusjes fierd mei bestjoer en direksje fan it Fries Museum. Wat ik dêryn altiten wer miste, en no ek sa bot mis yn de opstelling fan Kris Callens, is it net foarbygean oan de ynwenners fan dizze provinsje. Ien fan de grutste toppers wat besikersoantallen oangiet wie de útstalling ’Salút au Monde’, yn it romrofte jier 2000. De besikers kamen foaral foar hiel ‘gewoane’ en bekende Fryske keunstners. Der wie herkenning – dit wiene ús keunstners, en dêrtroch waard it Fries Museum wer in bytsje ‘ús’ Museum.

It Fries Museum hat Fryske keunstners lang links lizze litten. It like derop dat it oars wurde soe. It nije Fries Museum woe ‘ús’ museum wurde. Hat Kris Callens der aan fan wa’t dy ‘ús’ binne?

 

Bertus Mulder,

Foarsitter FRIA, âld provinsjaal bestjoerder

Comments
3 reaksjes oan “‘Us’ museum?”
  1. Reinier Knol schreef:

    prima verhaal, ik vraag me eigenlijk ook af of dit museumbestuur wel weet in welke provincie we leven.
    In plaats van Friese kunstenaars te promoten en naar voren te schuiven ga je criteria aanleggen en muurtjes bouwen.Onvoorstelbaar eigenlijk. Wees trots op wat hier gebeurt en gemaakt wordt.

  2. Wim van Sinderen schreef:

    De tentoonstelling “Salut au Monde. Het Friese landschap in de schilderkunst van 1900 tot nu” werd niet in 2000 gehouden, maar vijf jaar eerder, in het najaar van 1995. Hierna reisde de expositie door naar Bremen en Osnabrück. Alle denkbare goede Friese landachapschilders (o.a. Jentsje Popma!) waren vertegenwoordigd in deze vlootschouw van Friese pracht. De tweedelige catalogus was binnen enkele weken uitverkocht. De toenmalige directeur van het Fries Museum, drs. Rik Vos, vond het echter niet nodig om een tweede druk voor te bereiden. Ook toen al teleurstelling dus.

    Wim va Sinderen, curator “Salut au Monde”.

  3. Peter Bruinsma schreef:

    Ik nim oan dat Mulder fynt dat Kris Callens foarbygiet oan de ynwenners fan dizze provinsje. Mar hy skriuwt dat er dat bot mist yn de opstelling fan Callens….

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.