Twa stikjes keukenark

HENK WOLF – 

Sa goed as ik it wit, hyt in leppel oeral yn Fryslân ‘leppel’. In ‘mes’ hyt ek wol ‘mês’ en in ‘foarke’ kin ek as ‘forke’, ‘förke’ of ‘fjarke’ troch it libben gean. Beheinde fariaasje dus.

De bekendste wat gruttere fariaasje yn nammen foar keukenark, is dy yn de namme foar de platte dingen dêr’t minsken har iten op lizze. Dat wurdt troch de ien (foaral yn it noarden fan de provinsje) in ‘(iters)panne’ neamd en troch de oar (foaral yn it suden fan de provinsje) in ‘board’, mei útspraakfarianten as ‘bjard’, ‘bord’ en ‘börd’.

 

Om mear ferskaat foar it ljocht te krijen, soe ik fan noch wol mear ark witte wolle hoe’t it yn it deistich libben neamd wurdt.

 

By oar keukenark bin ik wol mear ferskaat tsjinkaam. Ik ha ris hifke hoe’t Friezen twa stikjes ark neame: as earste it dinkje dat je brûke om it dopke fan in bierfleske ôf te krijen. Dat hat rûchwei twa typen nammen:

1. iepener, flesiepener
2. wipper(ke), doppewipper, dopkewipper, dop-opwipper, flessewipper

 

It ding dat jo brûke om sûker út de sûkerpot te skeppen, wurdt almeast ‘sûkerskep(pe/ke)’ of ‘sûkerleppel(tsje)’ neamd. Dêrneist komt ek ‘batske’ foar.

Om mear ferskaat foar it ljocht te krijen, soe ik fan noch wol mear ark witte wolle hoe’t it yn it deistich libben neamd wurdt. Wat sizze de lêzers fan de Moanne tsjin:

a. it lytse meske dat je brûke foar it rjappelskilen;
b. it draaide ding dat je brûke om in koark út in wynflesse te lûken;
c. It grutte, wat leppelfoarmige stik ark mei gatsjes deryn, dat je brûke om skom fan in panne mei waarme floeistof ôf te skeppen, of om fêst iten út hyt wetter of hite oalje te skeppen;
d. de lange, smelle dinkjes fan metaal of hout dêr’t je stikjes fleis oan riuwe om se op ‘e barbekjû of op ‘e goermetplaat te lizzen;
e. de wetterkanne dy’t je op it elektrys oanslute kinne, sadat it wetter oan ‘e soad brocht wurdt.

 

 

 

 

 

Comments
4 reaksjes oan “Twa stikjes keukenark”
  1. Astrid schreef:

    a. it lytse meske dat je brûke foar it rjappelskilen;
    Ierpelskylmeske

    b. it draaide ding dat je brûke om in koark út in wynflesse te lûken;
    Kurkelûker

    c. It grutte, wat leppelfoarmige stik ark mei gatsjes deryn, dat je brûke om skom fan in panne mei waarme floeistof ôf te skeppen, of om fêst iten út hyt wetter of hite oalje te skeppen;
    Skûmspaan

    d. de lange, smelle dinkjes fan metaal of hout dêr’t je stikjes fleis oan riuwe om se op ‘e barbekjû of op ‘e goermetplaat te lizzen;
    Prikkers
    e. de wetterkanne dy’t je op it elektrys oanslute kinne, sadat it wetter oan ‘e soad brocht wurdt
    Wettersieder

  2. Frank schreef:

    a. Ierpelskylmeske
    b. Kurketrekker (net geef dus)
    c. Sleef
    d. Satéprikker
    e. Wettersieder

  3. Sjieuwe schreef:

    1. Jirpelskyldersmeske;
    2.Koarkelûker of koarketrekker;
    3. Gatsjesleef;
    4.prikkers;
    5. Wetterkôker of wettersieder.

  4. Liuwe H. Westra schreef:

    1. Jerappelskyldersmeske
    2. Koarkelûker
    3. Gatsjesleef of gatsjespaan
    4. Sateeprikkers of as wy in tige Frysk sin hawwe: sateeprippers
    5. Wettersieder

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.