Trije talen op ‘e pabo

Publisearre op 26 juli 2013

 HENK WOLF –

Op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor hingje de muorren fan de lokalen fol mei papierkes dêr’t wurden op steane. ‘Der is dêr wier gjin rút of muorre dêr’t neat op hinget’, seit Ewoud van der Weide. ‘Alles wurdt by alle tema’s ek wer fernijd. Wy fregen ús wol ôf oft kaartsjes op alle ruten en muorren net wat tefolle fan it goede is.’

Dy ‘wy’, dat binne tolve studinten fan de trijetalige pabostream út Ljouwert dy’t yn jannewaris op ekskurzje west ha yn Wales. Mei twa dosinten en twa gidsen ha se in wike lang ûndersocht hoe’t meartalich ûnderwiis dêr organisearre wurdt. En dat is gâns oars as yn Fryslân, sa waarden se gewaar. Al dy papierkes oeral fûnen se ryklik gaoatysk. Mar de lessen dy’t se sjoen ha, dy wienen al ôfgryslike learsum. Ewoud syn klasgenoate Janna Reitsma wie ek mei. Se merkt op: ‘Wat my yn Wales opfoel, is dat de minsken der in soad wurkje mei transfer. Se krije de tekst yn it Ingelsk en moatte de antwurden yn it Welsk opskriuwe. Dat fyn ik in moaie manier fan wurkjen. Dat soe ik yn Fryslân ek wol mear sjen wolle. Se neame it dêr translanguaging.’

It idee fan translanguaging giet streekrjocht yn tsjin ien fan de wichtichste prinsipes fan meartalich ûnderwiis yn Fryslân. Janna: ‘Hjirre wurdt sein dat je de talen goed skiede moatte foar de struktuer. Dêr bin ik it foar in diel ek wol mei iens, mar je moatte just ek de talen kombinearje. Want dan pas kinne je de link lizze tusken wurden yn ferskillende talen en begripe wat der stiet. Dêrom soe ik it konsept fan translanguaging wol tapasse wolle hjirre yn Fryslân. Wol soe ik de wichtichste fakken yn it Nederlânsk jaan.’

Ewoud is in bytsje foarsichtiger: ‘Ik soe yn earste ynstânsje lesjaan sa’t it hjir foarskreaun wurdt: de talen skiede yn deidielen. Ik ha sjoen dat der oare manieren binne, mar wit net hoe’t dy útpakke sille yn it trijetalige ûnderwiis yn Fryslân. Wol soe ik eksperimintearje mei transfer tusken talen, om te sjen hoe’t bern dat ûnderfine. Taal net oerdrage, mar bern in taal eigen meitsje litte.’

Fyftich trijetalige sokkels

Ewoud en Janna dogge al trije jier mei yn de trijetalige stream, in frijwillich programma neist de besteande pabo’s fan de hegeskoallen Stenden en NHL yn Ljouwert. It riedt de studinten ta op it wurkjen oan ien fan de fyftich trijetalige basisskoallen yn Fryslân. De stream is trije jier lyn begûn mei de groep fan Ewoud en Janna as proefknyntsje. Yn harren jiergong sitte acht studinten fan Stenden en fjouwer fan ’e NHL. Se hawwe alle opstartproblemen meimakke, mar bliuwe dêr lakonyk ûnder en fine dat se in soad nuttige saken leard ha. Ewoud: ‘Ik ha foaral in protte taalfeardigens byleard troch ekstra lessen taalkunde, Frysk en Ingelsk, mar ek troch de talen sawol skriftlik as mûnling te brûken by projekten.’ Takom jier begjint de groep oan de lêste faze fan de trijetalige stream. Se folgje dan in healjier lang in saneamde minor oer meartaligens. Dan ferdjipje se har ûnder lieding fan Alex Riemersma, de lektor Frysk en meartaligens, 840 oeren lang yn alle aspekten fan meartalige didaktyk. Se leare en lêze in soad oer it ûnderwerp, dogge in ûndersykje en guon fan harren sille sels nochris nei in oar lân ta om dêr meartalich ûnderwiis yn ’e praktyk te besjen.

Foar Anita Senneker is de trijetalige stream noch nij. Sy sit yn it earste jier en krijt op it stuit in soad ekstra taalfeardigens. Anita: ‘By Frysk haw ik foaral in soad nije wurden leard. By Ingelsk haw ik eins foaral in protte wurden wer ophelle dy’t in bytsje fuortsakke wienen of dy’tst by it praten net brûkst. Ik haw in jier yn Amearika wenne en dêr op skoalle sitten. It Ingelsk fûn ik altyd al in moaie taal. As bern hie ik net safolle mei Frysk, mar dat feroare yn Amearika. Doe wie ik eins hiel Frysk-nasjonalistysk. Ik prate Frysk mei ús mem en fierder Ingelsk. Doe’t ik wer yn Fryslân wie, koe ik hast gjin Nederlânsk mear skriuwe. Ik wol hiel graach Fryske les jaan.’

Anita begjint aanst mei har earste staazje op in trijetalige skoalle, op De Twamêster yn Wergea. Se sjocht der tige nei út. Janna en Ewoud ha al wat mear praktykûnderfining opdien mei meartaligens yn Fryslân. Janna: ‘Yntusken ha ik op trije trijetalige skoallen staazjerûn, yn Wommels, Feanwâlden en Makkum. Oant no ta binne myn ûnderfinings goed. De skoallen sette harren der foar yn om it goed op te setten. Dat sjochst werom yn de praktyk. Fierder fyn ik it goed dat Cedin ferskillende nivo’s foar trijetalige skoallen makket. Sa kinne je sjen yn hokker stadium je sitte en hoe’t je fierder wat opbouwe kinne. Want de iene skoalle is de oare net. Feanwâlden is bygelyks al folle fierder as Makkum.’

Net wichtich genôch

Ewoud: ‘Ik ha no al op hiel wat skoallen sjoen en just it ferskil tusken reguliere en trijetalige skoallen joech foar my de trochslach om de trijetalige stream te dwaan. Op reguliere skoallen wurdt faak amper Frysk jûn. Yn it begjin tocht ik dat dat faaks allinne stedsskoallen wienen, mar ik ferbaasde my deroer dat der ek in protte doarpsskoallen binne dy’t it Frysk net wichtich genôch fine. It Ingelsk komt pas yn groep 7 oan bod, wylst de bern yn de jierren dêrfoar al safolle yn oanrekking kaam binne mei dy taal. Skande om dêr net yn te ynvestearjen, want je kinne der safolle úthelje.’

De studinten binne derfan oertsjûge dat trijetaligens allinne wurket as alle learkrêften meidwaan wolle. Janna: ‘Ik fyn wol dat trijetalich ûnderwiis soms brûkt wurdt as lêste rêdmiddel foar lytse skoallen. Se wolle bern winne en dus wurde se mar in trijetalige skoalle. Je moatte der as team foar de folle hûndert persint efter stean, want je moatte der wol aardich wat foar dwaan.’ Ewoud: ‘It is dúdlik te sjen dat de trijetalige fisy troch it hiele team droegen wurde moat. Dat rint faak mis, trochdat der fanwegen de krimp in protte mei learkrêften skood wurdt en der nije learkrêften yn it team komme. Dan begjint it eins wer fan foaren ôf oan.’

Neffens Ewoud binne der ek praktyske problemen: ‘Ein ferline jier ha wy in enkête ôfnaam ûnder learkrêften op in tal trijetalige skoallen. Dêr die út bliken dat der twa stroffelblokken binne – de taalfeardigens fan de learkrêft en fierder materialen en jild.’

Wat it earste oanbelanget is Janna fan betinken dat se in soad leard hat. Doch seit se: ‘Ik hie eins wol mear taalkunde fan it Nederlânsk ha wollen. Op de pabo krije je no allinne mar hoe’t je de bern dingen oanleare. Mar gewoan ûntleding soe ik noch wolris ha wolle.’ Dat stimt Ewoud har mei. Anita is ek wiis mei de lessen taalkunde: ‘Ik fûn de lessen oer de skiednis fan it Nederlânsk it nijsgjirrichste fan de trijetalige stream. Sokke dingen learst normaal net.’

Wat it twadde probleem oanbelanget is Ewoud kritysk: ‘It allergrutste stroffelblok binne de materialen en it jild. Om mear te dwaan mei talen binne materialen nedich. Nederlânske materialen binne der genôch, de Fryske en Ingelske materialen rinne fier efter. Tink oan lêsboeken, mar ek oan metoaden.’

De hiele pabo trijetalich

De trijetalige stream telt op it stuit 51 studinten, ferdield oer trije learjierren. De twa Ljouwerter hegeskoallen ha de stream opstart, om’t it groeiende tal trijetalige skoallen hieltyd mear klage dat it taalnivo fan de pabo-staazjerinners en fan nije, jonge learkrêften te leech wie foar it spesifike konsept fan harren skoalle. De stream hat soarge foar in yntinsive gearwurking tusken de kristlike pabo fan Stenden en de iepenbiere fan ’e NHL. En mei it fjild. De ynfolling fan it programma is ta stân kaam op basis fan advizen fan ferskate learkrêften fan trijetalige basisskoallen. Boppedat hawwe tsientallen learkrêften fan trijetalige basisskoallen en fan skoallen dy’t dat wurde wolle de ôfrûne pear jier bylessen Frysk en Ingelsk folge by de twa hegeskoallen.

De trijetalige stream hat ek soarge foar nauwe bannen tusken Stenden, NHL en ferskate meartalige learare-opliedings yn it bûtenlân. Benammen mei de twatalige learare-oplieding yn it Welske Bangor wurde yntinsive kontakten ûnderholden. Underwiiskundige Gwyn Lewis fan dy ynstelling hat as adviseur in wichtige rol spile by it opstarten fan de trijetalige stream yn Ljouwert. Hy hat de Fryske dosinten en studinten dit jier ek te wurd stien by harren besite oan Wales en harren de eagen iepene foar oare foarmen fan meartalich ûnderwiis. Ewoud: ‘Talen leare je dêr gewoan troch op strjitte te rinnen. Alle paadwizers binne twatalich. Se binne dêr echt grutsk op harren taal, wylst Friezen al gau yn it Nederlânsk begjinne. It Frysk soe hjir ek folle mear sichtber wurde moatte.’ Stenden hat wylst in ekstra stap set. De hegeskoalle is nammentlik dwaande om syn pabo folslein trijetalich te meitsjen; doel is dat oer in pear jier alle pabostudinten op ’e Ljouwerter fêstiging fan Stenden yn ’e praktyk ûnderfine hoe’t it is om nije kennis op te dwaan troch middel fan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.

 

Wat: trijetalige stream fan de pabo

Wêr: NHL en Stenden yn Ljouwert
Wa: 51 studinten

Wêrom: om better taret te wêzen op it lesjaan op in trijetalige basisskoalle

Wannear: sûnt 2010

Hoe:

Jier 1: in healjier lang ekstra lessen taalkunde, Frysk en Ingelsk, mei ôfslutende eksamens by de Afûk (Frysk-A) en de Cambridge-universiteit (First Certificate of English).

Jier 2 en 3: staazje op in trijetalige skoalle, ekskurzje nei Wales, stúdzjedagen oer meartaligens, yn projekten oefenje mei Ingelsk, fakken folgje yn it Frysk en Ingelsk yn stee fan yn it Nederlânsk.

Jier 4: minor meartaligens, eventueel bûtenlânferbliuw.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels