Triennen

Publisearre op 3 maart 2014

Achte leden fan It Fryske Gea,

Net de triennen fan reedriders en har folgers, net de triennen fan de dochter fan de mem dy’t wol fan de flat sprong, net de triennen fan dy earme sielen yn Oekraïne, op De Krim, of dy stumpers yn Syrië. Nee, it wienen de triennen fan boer Thom de Groot dy’t my it meast rekken, fannewike op televyzje. Jim ha toch wol de yndrukwekkende reportaazjesearje yn Bynt sjoen? In drama, mei soarch en leafde troch tv-makker Albert Jensma ferbylde yn fjouwer oangripende reportaazjes fan dik trije minuten.

De eagen fan De Groot binne noch altyd helblau, de stim allike fel. Mar it strampeljen fan de rjochterskonk, de skiere flekken op it feale jaske, it doelleas omreagjen yn it wrakhout, de drek om ‘e doar, it binne allegear herauten fan de kommende foltreffer. De tiid is ommers it machtichste wapen fan elke fijân. Eltse nije dei is ien tichter by de ûndergong fan de man dy’t him jierrenlang sa stoer sjen liet as wurdfierder fan de lytsskalige, lânskiplik ferantwurde wize fan buorkjen.

It docht jin sear oan de eagen. Miskien ek wol omdat febrewaris de minste tiid is om op sa’n hiem te filmjen. Miskien moat der yn maaie in ferfolch te sjen wêze, as it lân optilt fan  fjildblommen, aaien, pykjes, kikkerts en beltsjeblommen, en it sels fokte fee faaks wer yn it ieuwenâlde lân omhúsmannet. Mar ek dat sil de skurve kezinen, de brutsen ruten, de omfallen beammen net alhiel út it sicht hâlde kinne.

As lousy tv-sjogger op de bank sit men kontinu te sykjen nei it almachtige morele oardiel dat jo oer dizze sitewaasje útsprekke wolle: is dizze man in Don Quichot dy’t syn nommele striid foar rjochtfeardigens sa tragysk ferliest tsjin Kafka-eske machten, of is dit sa’n domme dwerse boerehurdsturt dy’t altyd mar ropt en raast oer syn gelyk mar net iens fatsoenlik op syn eigen gerjochtichheid passe kin?

Ik wit it net. Mar in man sa syn ein temjitte gean te sjen, dat knypt yn it moed.

Miskien komme de ferstannichste wurden wol fan Omke Oane, yn de tredde ôflevering fan de rige. As De Groot mei leafde fertelt oer it fjild en de bisten, seit omke dat Thom eins hielendal gjin boer wurde moatten hie, mar by it Fryske Gea wurkje moatte soe. En dat seid er sûnder it synisme dat boeren sa faak azemje as it oer jim klup giet, mar oprjocht.

Ferdomd! Leit dêr net in prachtige kâns?! Ik bedoel, foar jím! Eltse diskusje mei en oer it Gea giet ommers noch ivich en altyd oer de striid tusken boer en bist. Dêr tuskenyn sit net folle. Noch noait binne jim deryn slagge om dy twa écht mei elkoar te ferbinen. Lykas it projekt Kening fan ‘e Greide dat wol docht. Mar dy ha gjin lân en gjin leden. No leit de bal foar it ynkoppen, kinne jim foar iens en foar altyd ôfweve mei dat ivige skisma tusken lânbou en natuer. Troch in boer te adoptearjen dy’t neat leaver wol as sjen litte dat dy beide tsjinpoalen wól hân yn hân kinne.

Jim binne mei syn 32-tûzenen. Ik soe sizze: allegear frijwillich de kontribúsje mei in euro de moanne ferheegje, dat levert krapoan fjouwer ton yn ’t jier op. Dêrmei kin dat spul yn de koartste kearen prachtich opknapt wurde. In boereparadyske kin ferriizje, mei grutte edukative en wittenskiplike wearde oer de histoarje fan greidelân, âlde kowerassen, de wize wêrop’t lânbou yn balâns bliuwe kin mei flora en fauna. En elk jier is der wer in nije slompe jild beskikber foar moaie lânskipseksperiminten, de bou fan in eksposysjesintrum, it hâlden fan fjildekskurzjes. Pakes en beppes komme om har jeugd werom te snuven, bern wurde entûsjast makke oer it bûtenlibben, politisi en wittenskippers sille de doar plat rinne. En Kening fan de Greide krijt hjir syn eigen, permaninte thúsbasis.

Jim sille in soad credits krije om wat jim hjirmei oandoare, om de ferbinende krêft fan dit projekt, it fernijende karakter, de maatskiplike relevânsje.

En dy iene boer mei dy helblauwe eagen fynt syn wearde werom, komt yn syn elemint. Kin er einlings sjen litte wat er altyd bedoelde, kin er mar raak fertelle oer syn missy, him sûnder soargen talizze op syn fokprogramma, op it ynstânhâlden fan syn histoaryske greidelân.

Ien euro yn ‘e moanne. Dan ha dy triennen allegear net foar neat west.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]