Tiny Mulder sjocht op ‘e trijetalige skoalle

Publisearre op 18 december 2007

JELLE BANGMA –

Tiny Mulder hat har libben lang dwaande west mei taal en wit as gjin oar de wearde fan goed taalûnderwiis. Sy wist al lang dat ek jonge bern maklik trije talen neist elkoar leare kinne en no’t dat ek yn ‘e praktyk realisearre wurdt, woe sy graach nochris yn sa’n skoalle sjen. Se wie dêrom in lyts moarntiid te gast op de trijetalige skoalle flak by har hûs yn Boksum en befrege dêr bern en learkrêften op dit taalkonsept.

Neist har romans hat Tiny Mulder (86) in protte foar bern skreaun en hie se sa’n tritich jier in bernerubryk yn it Friesch Dagblad. ‘Us eigen herntsje’ wie yn de sechstiger en santiger jierren in tige populêre side en wie op in natuerlike wize twatalich. De bern skreauwen briefkes oan ‘Nine’ en Tiny beändere dy altyd yn ’t Frysk. Yn har libbensferhaal ‘Foar alles is in tiid’ (Friese Pers, 2006) fertelt se: ‘Ik krige de bern oan it Frysk skriuwen ûnder it motto: dit is gjin skoalle, jonges, fouten hinderje neat. Jimme skriuwe mar Frysk sa’t jimme tinke dat it moat. (…) Op boartlike wize struide ik der myn Fryske leskes trochhinne dêr’t ik bygelyks yn fertelde dat der gjin Fryske wurden binne dy’t mei in v begjinne of mei in z.’

Dat wie fansels yn ‘e tiid dat fan Fryske les op ‘e skoallen amper sprake wie. No hearre de learlingen fan sokke regels te witten, benammen op de trijetalige skoallen dêr’t se it taalûnderwiis tige serieus nimme en it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk yn in beskate ferhâlding jouwe as fak en brûke as fiertaal by oare fakken. Taalbewuste learlingen moatte dat wurde, dêr’t it taalgefoel hieltyd op ‘e nij stimulearre wurdt.

It is de Fryske wike yn Boksum, dus is de hiele wike de fiertaal safolle mooglik Frysk. De beukers yn Boksum ferkeare yn Sinteklaassfearen en hawwe dan ek amper tiid foar Tiny dy’t freget wat der boud wurdt, wylst ommers dúdlik is dat it in stomboat wurde sil. Oaren stekke har yn swarte piteklean of plakke fûleinich burden oan útprikte koppen.

Yn groep 3/4/5 binne de âldsten oan ’t rekkenjen. “Hawwe jimme ek Fryske rekkenboekjes?” freget Tiny, mar de bern skodholje. “Nee, dat is fansels fierste djoer,” konkludearret Tiny sels. Want ek al binne der al moai wat Frysktalige lesmaterialen, op sokke mominten bliuwt it yndied skipperjen.

It trijetalich ûnderwiis is in moai konsept, mar yn de praktyk is it fakernôch net sa maklik. Sa falt it ek net altyd ta om Nederlânsktalige learlingen oer de praatdrompel te heljen om yn de Fryske wike ek folslein Frysk te praten. “Praatsto ek Frysk?” freget Tiny oan Sterre, in famke út groep 5. Mar dy antwurdet dat se it wol ferstean kin. “Mijn ouders kunnen het helemaal niet verstaan en ik kan het niet spreken. Ja, wel een beetje en soms probeer ik het wel, maar ik ben ook bang dat ze mij uitlachen.” Har freondintsje is Ella en hoewol’t dy út Rotterdam wei noch mar in jier yn Boksum wennet begjint dy frijmoedich yn ’t Frysk. Tiny priizget har wiidweidich.

“It is mar krekt hoe’t de âlders dermei omgean,” merkt Tiny op, “bern fiele dat hiel goed oan, hoe’t de hâlding fan de âlders is.” Sy tinkt dat Sterre fan hûs út net al te bot stimulearre wurdt en dan is ’t foar de skoalle hurd wurkjen.

Johanna Hooiveld is skoalliedster yn Boksum, dêr’t twaenfyftich bern nei skoalle gean. In tredde dêrfan hat it Nederlânsk as memmetaal en net al dy âlders steane daalk posityf foar it Frysk oer, wylst se fansels witte dat se har bern nei in trijetalige skoalle bringe. “Ik hie lêsten yn ‘e skoalkrante myn foaropwurd yn it Frysk skreaun, mar in mem dy’t de krante iepensloech rôp daalk: ‘daar kan ik mij toch zo aan ergeren, dat je dat in het Fries doet’. Sjoch, dan moatst dochs wer útlizze wat de prinsipes fan in trijetalige skoalle binne. Wy hawwe trouwens altyd in oersetting achter de hân, mocht ien dêr ferlet fan ha.”

Eelke Wolters is de learkrêft fan groep 6/7/8 en fernimt ek dat it allegear net fansels giet. Bern ha fan natuere in noflike hâlding as it giet om it brûken fan de memmetaal en soms in stugge. “Yn de Fryske wike easkje ik fan de learlingen dat se har fragen yn it Frysk stelle. ‘Nou, dan vraag ik het wel niet’ wie op in stuit de reaksje fan ien fan ‘e bern. Sjoch, dat freget geduld, want it moat gjin machtsstriid wurde, dan sjitst dyn doel ek foarby. Fan de Nederlânsktaligen freget it dus in ekstra ynspanning, mar likegoed ek fan de Frysktaligen yn de Nederlânske wike. Guon ha der in hantsje fan om, sadree’t se de kâns ha, dan mar wer noflik mei my yn ’t Frysk oer te gean.” Jawis, ien fan de earste doelstellings fan trijetalich ûnderwiis is om Frysktaligen goed Nederlânsk te learen.

Tiny fertelt de klasse hoe maklik it is ast dy yn mear talen rêde kinst. “Ik skriuw Frysk mei myn bern, en mei myn beppesizzers dy’t yn Amearika wenje skriuw ik Nederlânsk en Ingelsk. De âldste wie seis doe’t se nei Amearika ferhuzen, dus dy begrypt it Nederlânsk noch hiel goed, mar de jongste wie noch mar ien jier, dus dy kin allinnich mar Ingelsk.” De learlingen fan de boppebou knikke en litte graach hearre hoe goed sy it Ingelsk behearskje. Fan argewaasje of noflikens is by dizze taal gjin sprake, it is folle mear in kwestje fan folhâlden en dissipline. Wolters: “Eins is it de bedoeling dat op in trijetalige skoalle twa deidielen de fiertaal Ingelsk is. Mar foar ús is dat dreech om fol te hâlden. Wy binne hiel trou oan ien deidiel, dan dogge wy Ingelsk as fak en brûke wy it as fiertaal by gymnastyk. Dêr belibje wy dan ek wakker wille oan, dat wol. De bern fan groep acht roppe gauris de oersettings as de bern fan groep seis my net begripe.” De skoalle soe mei it Ingelsk in stap foarút dwaan as der struktureel in native speaker ynset wurde koe. De provinsje wol der jild foar frijmeitsje om de skoallen dêrmei op gleed te helpen. Want no’t de resultaten fan it eksperimint sa goed wienen, liket dit de takomst te wêzen foar de skoallen yn hiel Fryslân.

Tiny Mulder hat it spul troch ’t gat sjoen en knikt tefreden. “Wat in libben skoaltsje, fynst net?” De beukers sjonge in sinteklazeferske; jawis, yn ’t Frysk.

 

De Trijetalige Skoalle is in inisjatyf fan Taalsintrum Frysk (ûnderdiel fan CEDIN) en de Fryske Akademy. Acht skoallen hawwe, nei in krityske hifking, it sertifikaat útrikt krigen, wylst har no in sântal nije skoallen oanmeld hawwe by it netwurk 3TS. De ferwachting is dat it netwurk de kommende jierren flink útwreidzje sil. Betingsten binne û.o. dat de trije talen as lykweardich benadere wurde, strikt skieden wurde yn in dúdlike struktuer en mei in bepaald persintaazje brûkt wurde as fiertaal.

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007),  10 (desimber).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels