Lucas Kemper
fotografy: Lucas Kemper

Theunis Piersma: ‘Mei wa’tst aardich fynst, fljochst mei’

TSJERK BOTTEMA –

Is taal in typysk minsklik ferskynsel? Is taal net krekt datjinge wat ús ûnderskiedt fan bisten? Makket taal minsken net superieur oan bisten en pleatst taal ús net oan de top fan de fiedselstring, de voedselketen? Sa planút steld sille jo it grif net mear sa faak hearre, mar de measte taalkundigen en ek in soad biologen tinke noch wol sa: wat bisten dogge, is fêstlein yn har DNA, lykas fûgels dy’t nei fiere oarden trekke; dat dogge se op ynstinkt. Minsken dogge oan metakommunikaasje, se tinke der noch ris oer nei, oerlizze en nimme dan in beslút. Of sit it dochs oars, en meitsje bisten ek gebrûk fan taal as basis foar har hanneljen?

Ik freegje it oan Theunis Piersma, heechlearaar trekfûgelekology yn Grins. Hy is der al in skoftsje net mear sa wis fan dat taalgebrûk eksklusyf minsklik gedrach is. ‘Minsken betinke elke kear wer wat oars om fol te hâlden dat se sa unyk binne, en elke kear falt dat wer ôf’, seit er. Neffens Piersma is in minske gewoan in bist mei in spesjalisme. Oare bisten hawwe wer oare spesjalismen, stelt er. Piersma: ‘De minske hat himsels sûnt Descartes op in fuotstik pleatst. Mar yn feite binne wy allegearre spesjalisearre diersoarten.’

Yn it boek Sinagote beskriuwt Piersma mei Petra de Goeij, Willem Bouten en Carl Zuhorn it libbensferhaal fan in leppelbekwyfke dat op Flylân tahâldt. Hja neamden har Sinagote, nei it Bretonske doarpke Sine, dêr’t se elk neijier hinne fljocht.

Lucas Kemper

Theunis Piersma, foto: Lucas Kemper

Piersma en syn kollega’s seagen dat leppelbekken meielkoar ‘prate’. Piersma neamt it ‘oeken’, in lûd dat leppelbekken meitsje flak foardat se fuort fleane. By it útsprekken fan in ‘oek’ bringt de leppelbek syn snaffel op horizontale hichte en docht ’m in bytsje iepen; syn kiel set dêrby wat út. ‘Se prate altyd’, fertelt Piersma. ‘Kinst it goed sjen, troch dy beweging dy’t se meitsje, mar kinst it hast net hearre. Mei de apparatuer dy’t wy hjoed-de-dei brûke, kinne wy har lûden no wol fêstlizze. Wy sjogge dat se yn ’e loft deselde beweging meitsje. Dan liket it oft se meielkoar oerlizze.’

De koloanje leppelbekken fan Sinagote hâldt yn ’e trek nei it suden skoft yn it wetterrike natuergebiet Marais d’Orx, noardlik fan Biarritz, flak foardat de Pyreneeën en de Spaanske Heechflakte oprize. Dêr foerazjearje se, en wachtsje se op elkoar. ‘Wy kinne mei kamera’s en mikrofoans hieltyd tichter by de koloanje komme. Dan hearre wy ynteraksjes. Wy tinke dat it “oeken” dat wy dan hearre in funksje hat by it nimmen fan mienskiplike besluten.’

Leppelbekken steane bekend as stille fûgels, fertelt Piersma. Dêrom foelen de gelûdsjes dy’t se wol meitsje, en dy’t no dus fêstlein wurde kinne, sa op. Skriezen binne folle lûder. Dochs bringe skriezen ek wol sêftere lûden fuort. De lûdere lûden neamt Piersma ‘advertinsjes’; se ‘advertearje’ (markearje) dêrmei har territoarium. Sêftere, sjongerige lûden binne ‘priveelûden’, mei in folle gruttere ynformaasjetichtens. Piersma en syn studint Ondrej Belfin bringe dy gelûden no yn kaart: ‘Wy hawwe wol tritich nije lûden by skriezen fêstlizze kinnen. It docht bliken dat de fokale rykdom by skriezen folle grutter is as wy tochten. Se fertelle elkoar dingen. As der gefaar driget, komt der altyd ien fûgel omheech. Dy fertelt de oaren wat der oan ’e hân is. Kommunikaasje is hiel wichtich, ek yn in skriezepopulaasje.’

Neffens Piersma kinne fûgels yn deselde tiid fyftich kear safolle ynformaasje oerbringe as minsken. Dat is ek needsaak, want har libben is koarter en giet hurder. Piersma en syn kollega’s ûndersykje wat trekfûgelgedrach stjoert. Is it oanleard, of is it fan natuere eigen? ‘In soad biologen tinke dat alles al fêstleit as in fûgeltsje út it aai krûpt; dat soe genetysk bepaald wêze, mei útsûndering fan guozzen en kraanfûgels dy’t yn famyljeferbân libje. Mar soene oare fûgels dan net leare kinne?’ freget Piersma.

Piersma ûntduts dat der in sosjale struktuer sit yn de populaasjes fan leppelbekken: ‘Sinagote giet nei Flylân om te brieden, mar komt dêrfoar en dêrnei hieltyd werom nei Skiermûntseach en it Grinzer waad. It liket wol oft se dêr freonen hat. Sjochst har dêr mei deselde bisten dêr’t se yn de earste jierren fan har brieden, foar’t se nei har bertegrûn op Flylân werom gie, mei yn de koloanje op de Oosterkwelder siet. It kin net oars of se kenne elkoar, en dêrom kommunisearje se mei elkoar, ek fokaal. Sa lûke se troch it jier hinne mei hieltyd wer oare bekende fûgels op.’

Piersma giet noch in stapke fierder as er ferwiist nei de songlines dy’t Aboriginals lang lyn brûkten om hillige plakken oan te tsjutten: ‘Ik kin my yntinke dat trekfûgels ek songlines hawwe; dat se dêrmei ynformaasje meielkoar útwikselje oer de rûte dy’t se fleane, wêr’t se hinne kinne, en wêr’t se skoftsje sille.’

Wêr’t leppelbekken yn har earste jier hinne geane, bliuwe se har hiele libben hinne gean: ‘Mei wa’tst aardich fynst, fljochst mei’, seit Piersma. Leppelbekken kinne oare leppelbekken derfan oertsjûgje om mei har mei te gean. Dy hawwe dêr belang by, fertelt er, yn in groep ûnderweis wêze is feiliger. Neffens Piersma sit de trekrûte fan fûgels net yn ’e genen, mar is it kultureel. De fraach is hoe’t dy kultuer oerbrocht wurdt. Piersma stelt dat taal, likegoed by fûgels as by minsken, nedich is om dy kultuer oer te bringen, yn dit gefal de trekkultuer.

In bewiis dêrfan fynt er yn it fermogen fan fûgels om har oan te passen oan feroarjende omstannichheden, mooglik as gefolch fan klimaatferoaring. Piersma neamt as foarbyld de reade skries fan Nij-Seelân, it neefke fan ús greideskries. Yndividuele reade skriezen sette no alle jierren earder ôf nei it noarden, sadat se ûnderweis langer by de Giele See yn Sina tahâlde kinne. Dêr frette se har fol, om dêrnei troch te reizgjen nei Alaska, dêr’t se briede. Omdat der yn Sina hieltyd mear lân ynpoldere wurdt, is der minder fretten foar de reade skries. Dêrom geane se dêr alle jierren betider hinne, sadat se dochs genôch frette kinne foardat se nei Alaska ôfsette. As alles genetysk al fêstlizze soe, soene de bisten har nea sa gau oan de omstannichheden oanpasse kinne, want genetyske feroarings geane folle stadiger. It leit folle mear foar de hân dat se kennis meielkoar útwikselje dy’t se yndividueel opdien hawwe en dat se dêroer mei elkoar kommunisearje. ‘Wy minsken binne wat dat oangiet net unyk. Trekfûgels dogge it ek. Se spanne meielkoar in enoarm web fan ynformaasje oer de wrâld.’

Alhoewol’t minsken derfoar iepensteane om hieltyd mear eigenskippen, lykas emoasjes, en ek taal, oan bisten ta te skriuwen, falt it noch net ta om syn wurk op dat mêd finansiere en publisearre te krijen, seit Piersma: ‘Kollega’s fine dat ik hjir te fier yn gean. Genetysk oriïntearre biologen, en dat binne de measten, leauwe der net yn. Mar ik haw der wol sawat myn hiele Spinozapreemje, lekker eigenwiis, oan opbaarne kinnen (Piersma krige yn 2014 fan de NWO de Spinozapreemje fan 2,5 miljoen euro takend, te besteegjen oan nij ûndersyk nei eigen foarkar, red.).’

Neffens Piersma is alles wat wy binne ûntstien yn ynteraksje mei ús omjouwing, dat jildt foar minsken én bisten: ‘Dêr sitte ek noch ûntwikkelingsprosessen yn. Darwins folgelingen hawwe dy hiele ûntwikkeling derút snien.’

Tsjerk Bottema (1978) is oersetter, tekst- en toanielskriuwer en as regisseur aktyf yn it Fryske amateurtoaniel. Hy studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de RUG yn Grins. 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.