As tears go by

HARM DAMSMA – 

Doe’t we lang om let de aula yn mochten – de neiste famylje wie nochal oan ’e lette kant west – kaam ús Wiener schrammelmusyk temjitte. It wie it ferneamde tema fan ’e film The Third Man, dat ik seach daliks it reuzerêd fan it Prater foar my, en dy glûpske kop fan Orson Welles. En de neioarlochske rioelen fan Wenen fansels. Drip, drip, drip. Sjlosj, sljosj, sjlosj. Alles yn gaadlik swart-wyt.

It kaam ús, om it samar te sizzen, justjes oer it mad, dat wy sochten wat ûngemaklik in plakje yn ’e romme seal. Ik joech my del op ’e hoeke fan ’e op ien nei lêste rigele stuollen en wachtte ôf.

Doe’t elkenien siet en Anton Karas syn siter der it sweien ta die, stapte in himmel frommeske yn in kreas, donkerblau mantelpakje nei foaren. Se hiet ús allegearre fan herte wolkom en sette útien wat it fierdere ferrin fan ’e gearkomste wêze soe. Of leaver, fan ’e tsjinst, sa’t se it barren in pear kear mei klam neamde. Dat wurd hie ek op ’e rouwbrief stien, ‘tsjinst’, en ik hie my der earlik sein nochal oer fernúvere. Ik hie Harry eins noait fan kristelikheden fertocht. Mar dochs, it hie der stien, en ek noch: ‘Dêr’t de wittenskip ophâldt, begjint it leauwen.’ Niek, dy’t de kaart yn ’e lift hingjen sjoen hie, hie der wat sleau om gnyskje moaten. ‘Ik tocht dat dêr it byleauwen begûn’ sei er, ‘mar ja, wat is úteinlik it ferskil?’ Ik sei dat der neffens my noait in ein kaam oan ’e wittenskip, dat dy altiid mar fierder gyng. Dat alles wat no noch ûndúdlik of ûnûntdutsen wie gewoan objekt fan nij of fierder ûndersyk waard, en dat der dêrom noait romte foar it leauwe komme soe. Mar och.

It die bliken dat it sweverige klisjee boppe-oan ’e kaart foarearst de iennichste konsesje oan Harry syn ûnderstelde geastelik libben west hie. Want oan ’e sabeare tsjinst kaam fierder gjin dûmny of pastoar te pas. Allinne Dolly en Nenni soene it wurd fiere, sa die it frommiske witten, ôfwiksele troch ‘mei soarch útkeazen’ musyk. O, en tusken de bedriuwen troch soe Janis noch in ferske sjonge.

Soa, dus it Harry Lime Theme wie mei soarch úkeazen. No ja, dat koe eins ek net oars fansels. Jo sizze yn sokke situaasjes net: ‘Witte jim wat, sykje sels mar wat aardichs út. Catch A Falling Star, Summer of ’69, De Friese troedeboer. Of I’m Not In Love.’ Dat hiene se lêsten noch as earste skufelnûmer op in brulloft spiele; de breugeman hie it fereale meisongen wylst hy mei syn molkefarske nije frou de dûns iepene. ‘No ja, jim sjogge mar, hin. Bach is ek altiid wol aardich.’

Hie Harry echt fan dit soarte fan musyk holden? Of gyng it him om de film, en hie er in leafhawwer west fan film noir? Of kaam it faaks troch de namme? Hie er himsels identifisearre my Harry Lime, de man dy’t sa slûchslim syn eigen dea yn sêne set hie? Arie Wouter Nicolaas van Erkel. Sis mar Harry. Doctorandus, dat wol. It hie op ’e kaart stien. No ja, hy wie húsdokter west.

Doe´t it frommiske fansiden stapte kaam Dolly swierlivich oerein, rûn nei it buordsje, streake twa kear oer har papieren en sette útein. Oer Harry. Oer Harry en sy. Oer harren leafde en harren libben tegearre. Har stim klonk ferrassend fêst. Allinne doe’t se te sprekken kaam oer de swiere begjinjierren yn Torremolinos, dêr’t Harry syn praktyk earst mar min op gleed komme woe, heakke se in pear kear. Se hiene harren dochterke fan trije destiids yn Nederlân achterlitten, by de âlden fan Harry, troch wa’t Nenni feitlik grutbrocht wie. Dat hie Dolly my ris ferteld. En se hie der noch altiid spyt fan dat se dat doe sa oanpakt hiene.

Mar Harry en sy hiene elkoar noait loslitten en alinne mar ta stipe west. En Harry syn nochteren, saaklike aard en syn subtile humor hiene harren der altyd wer trochhinne sleept.

Dêr hie ik oars noait wat fan fernommen. Fan Harry syn humor, bedoel ik. Mar ja, dat sei net safolle fansels. Want hoe goed hiene Harry en ik elkoar no eins kinnen? We kamen elkoar geregeldwei tsjin yn ’e lift as wy moarns om acht oere hinne de krante fan ûnderen hellen. Mar dan bliuwde de konversaasje meastentiids beheind ta it waar, de krantekoppen en de nijste snedige útspraken fan Janis. Doe’t Dolly en hy sawat oardeljier yn ’e flat wennen hie ik in kear fjirtjin dagen op harren planten past, mar dêr wie it by bleaun. Hoe’t se it de kearen dêrnei regele hiene, wannear’t se foar in wike as wat nei har dierbere Spanje ta giene, wist ik net. En Harry wie ien kear by my oer de flier west, doe’t se lekkaazje hiene yn ’e dûs. It die bliken dat der wat mis wie mei de ôffier fan myn waskmasine. Mar folle yntimer wiene wy noait wurden. Ja, in wike of fiif, seis lyn hie Dolly my in kear yn ’e supermerk oansketten mei de fraach at se my by need skilje mocht. Harry wie de lêste tiid nochal knoffelich, fanwege de gemo, en at er foel koe se him allinne net oerein krije. Mar myn help hie nea nedich west.

Nee, se hiene fan elkoar holden, en harren leafde wie yn ’e rin fan ’e jierren eins allinne mar sterker wurden. It wie gewoan net yn wurden út te drukken. ‘Harry, tanke wol foar alles wasto foar my betsjutte hast!’

Dolly gyng wer sitten en Paul de Leeuw song Ik heb je lief.

Doe’t it liet ôfrûn wie stapte Janis blier nei foaren. Se wie hielendal yn it wyt: lang, spierwyt hier, in wite legging, wite balletskuontsjes, en in flodderich wyt jurkje. In elfke wie se, in elfke sûnder wjukjes. En se striele hielendal.

It bern wie fan ’e miet ôf Harry syn eachappel west. Doe’t Dolly en hy tsien jier lyn wer nei Nederlân werom kommen wiene, wie Nenni fan Janis yn ferwachting west. Heit ûnbekend, alteast yn gjin fjilden of wegen te finen. Mar om’t Nenni nei de berte fan ’e poppe as net troude mem wol de kost ferstjinje moast, wie Janis fan hiel lyts ôf oan hast al de tiid by Harry en Dolly west. Dêr hie se har eigen keamerke. Dat sadwaande hie Janis krigen wat har mem destiids ûntholden wie.

Harry wie sljocht west op it famke. Hy hie alles foar har oer en die fan alles mei har. Hy learde har praten, hy learde har fytsen en hy learde har skaken. Hy brocht har nei skoalle en hy helle har wer op. Hy boartte mei har, gie mei har yn bad en makke útstapkes mei har. Nei Duinrell en nei Disneylân Parys. ‘Papa-pake’ neamde se him.

Ien kear wie ik nachts wekker wurden fan Janis har troch alle muorren kringende geskriem. Doe’t ik skerp lústere fernaam ik sels Harry syn bromstim dy’t it bern besocht del te bêdzjen. Mar it hie neat úthelle. It famke wie totaal fan ’t sintrum. En se klonk stjerrende benaud. Efkes hie ik tocht: moat ik der soms hinne? Moat ik faaks oanbelje en freegje wat der te rêden is? Jo lêze tsjintwurdich sokke frjemde dingen.

‘Dan sjong ik no it ferske dat papa-pake it aldermaoiste fûn en dat ik hieltyd wer foar him sjonge moast. It hjit Flinterke, flinterke.’

Op dat stuit waard Janis har pas echt bewust fan alle minsken yn ’e aula dy’t weak nei har sieten te glimkjen, en ynienen begûn se lûdleas te gûlen. Nenni skeat daliks oerein en drukte it betriene gesicht fan it famke stiif tsjin har oan. Sa stienen se der in tel as wat ûnbeweechlik neist ’e kiste.

Fuortendaliks kaam it frommiske fan ’e begraffenisûndernimming fakkundich yn aksje. Dizze impasse wie dúdlik as mooglikheid fersjoen. Harry hie oait in kear it ferske, songen troch syn pakesizzer, op in cdtsje opnommen, en dy opname soenen wy no te hearren krije.

Nenni en Janis gongen sitten en efkes letter klonk ferrassend suver in a cappela útfiering fan in liet oer in rûpke dat in smûke kokon spûn dêr’t it sels yn ferdwûn (dat ryme) en dêr’t it in pear wike letter wer útkaam as in prachtige flinter. In typysk gefal fan Frije Skoalle, like my.

Dêrnei wie de beurt oan Nenni. Har stim trille in bytsje en se doarde amper de aula yn te sjen. Se wie der dúdlik ôf, faaks benammen fanwege it fertriet en de fertwiveling fan har dochterke. Oan de kar fan har wurden wie te fernimmen dat har relaasje mei Harry op syn minst wat stroef west hie. Mar ek sy hie fan him holden fansels, en ek sy wie him tankber foar alles wat er foar har dien hie. En yn it bysûnder foar Janis.

Mei Nenni har lêste knikje nei de kiste kaam der in ein oan ’e tsjinst en koart dernei klonken út ’e lûdsprekkers de jankende gitaarakkoorden dy’t it yntro foarmje fan George Harrison syn earste solo-hit, My Sweet Lord.

Ik moast daliks tinke oan de kear dat myn suske, mei in stikmannich oare griffemeerde, herfoarme, roomse en meniste jongeren (mear godstjinstige smaken hiene se by ús op it doarp net), de oekumenyske krystnachtjinst organiseare hie dy’t neffens de tradysje elk jier yn ’e grutte tsjerke holden waard. Dat hie doedestiids – it moat yn 1970 west ha – in protte opskuor jûn, benammen ûnder de âldere bruorren en susters. De jongerein hie nammentlik de kâns oangrepen om har fraachtekens te setten by al it dierbere, sêfte gedoch rûnom kryst. En by it leauwen tout court. Foar de preekstoel stienen twa krystbeamen, ien dy’t, sa’t wenstich wie, prachtig optuge wie, en ien dy’t se earst hielendal ôffikke hiene, in ûnfersierd, swartbleakere skelet. Foar’t de tsjinst begûn klonk der net in grienmank fan populêre krystferskes, mar A Saucerful of Secrets fan Pink Floyd. Ynstee fan út Lukas 2 waard der foarlêzen út de fisioenen fan Jesaja, oer swurden dy’t ta ploechizers omsmeid wurde soene en toar lân dat ta bloei komme soe. Want ja, de fredes- de miljeubeweging diene yn dy tiid opjild. Mar benammen, ynstee fan in froed, stichtelijk preekje fan in puber dy’t in Snits op it lyseum siet en dy’t letter grif dûmny wurde soe, waarden der bânopnames ôfspyle fan petearen oer fragen wer’t de jongeren mei wrakselen. The answer, my friend, is blowin’ in the wind. En mei de toanen fan Stille nacht op ‘e achtergrûn waarden der nijsberjochten foarlêzen: ‘In Westfalen is een bus in een ravijn gestort nadat hij door een afrastering van de weg was gereden. Alle inzittenden zijn om het leven gekomen. Onder hen bevonden zich gelukkig geen Nederlanders.’ Ik tink trouwens dat se dat lêste in lyts bytsje fan Simon & Garfunkel ôfsjûn hiene, mar better goed stellen as min betocht. God, wat wie ik grutsk west op myn suske.

En by it útgean fan ’e tsjerke waard dus net it fertroude Ere zij God spyle en from troch de minsken meisongen (‘in den hoo-ooge’) mar hie it liet van de eks-Beatle (wêrfan de oersetting yn ’e liturgy stie) troch de tsjerke galme:

My sweet Lord,

I really want to see you,

I really want to be with you,

I really want to see you, Lord,

But it takes so long.

Op dat stuit gyngen de hege, houten doarren foaryn ‘e aula iepen om de dragers der yn te litten. EN DER WIE LJOCHT! In oerdonderjende, oerstjalpende see fan ljocht.

Doe’t ik oardel oere lyn yn myn kreaze pak fan hús gyng, wie de loft noch skier west, en omdat ik fierstente betiid op it Easterbegraafplak oankommen wie, hie ik, foar’t ik de hal fan ’e aula yn gyng, earst noch wat op it hôf omstrúnd, yn in by it waar passende grize stimming. Mar it ôfrûne healoere wie de sinne blykber trochbrutsen, want no joegen de doarren út op in strieljend blaue loft en in mânske boekehage wêrfan de ferskate hjersttinten skel útljochte waarden. It oerdiedige ljocht streamde de seal yn as ien grut, ymposant symboal.

Dat op itselde stuit rûn ik neist ús heit de tsjerke út achter de kiste fan ús mem. Op syn oanstean spile it oargel Ik zie een poort wijd open staan, waardoor het licht komt stromen, en hy song it liet mei sa’n ûnberoaide ynset dat it suver ferbiten oandie, as woe er syn eigen twivel oan in libben hjirneimels mei syn trochkringend lûd oerstimme. En efkes fielde ik my wer de jonge dy’t him wit hoe faak skamme hie om’t syn heit mei safolle fjoer en faasje in psalm wêrfan de tekst him oanspruts meisong dat er oeral boppe-út te hearren wie. Of om’t er, omdat de meldij fan in liet him befoel, ynienen al like lûd de twadde stim begûn te sjongen, wat de minder toanfêste minsken om ús hinne letterlik fan ’e wize brocht. Of om’t er just demonstratyf nét mei song omdat de ynhâld fan in liettekst him net noaske. Mar dat fan dy poarte dy’t iepen stie, dat leauwde er, alteast dat woe er perfoast leauwe. En dat soe er eltsenien witte litte ek.

Tagelyk twong Jacqueline van der Waals har oan my op, mei it gedicht Najaarslaan. Ik hie it as jonkje fan in jier of acht, njoggen lêzen yn Onze Eigen Krant, in blêd dat destiids – we hawwe it no, dat mei dúdlik wêze, oer de tiid fan koart nei de ynfal fan ‘e Batafieren yn ús lân – op kristlike skoallen ferspraat waard. De artikeltjes yn it blêd setten allerhanne min of mear aktuele saken yn in kristlik perspektyf, en de jeuchlike lêzers koene it ien en oar ferwurkje troch der yn harren skrift allerhanne fragen oer te beäntwurdzjen en der ferskate plaatsjes by te plakken dy’t se út in apart blêd knippe koene. (Mei Gluton, in wyt plakmiddel dat jo mei in soarte fan plestik kwastke útstrike moasten. At jo it potsje te lang iepen stean lieten, waard it spul spikerhurd.) Boppedat waard der elke moanne yn it blêd in gedicht besprutsen dat spesjaal ôfstimme wie op ‘e ferstanlike en sensibele fermogens fan bern fan in jier as njoggen, tsien. Alteast dat sil de bedoeling west ha, mei ik oannimme. Al haw ik wat dat oangiet achternei besjoen sa myn twivels oer bygelyks it gedicht Boerke Naas fan Guido Gezelle (“´t en had, ´t is waar, geen leeuwenhert, en toch, ´t en was geen dwaas´”), en seker ek oer it fers fan de dichteres dy’t wist dat se net lang mear te libjen hie wylst se ûnder in hjerstkuier oerweldige waard troch de skientme fan ‘e wrâld om har hinne: Waar gouden de portalen zijn, hoe zullen daar de zalen zijn! Godferdomme. My sweet Lord!

Ik wie dy moarns hielendal oerémis út skoalle kommen. Hast like oerstjoer as dy kear dat ik stikem it ferheftige petear ôfharke hie dat ús heit nei slutingstiid yn ’e winkel hie mei in eardere doarpsgenoat, dy’t yn Amsterdam ‘yn Lou’ rekke wie en no spikerhurd bewearde dat hy sa oer de feart foar ús hús rinne soe at de ielferkeaper oftewol godsels him dat hjitte. Us heit sei dat er yn dat gefal as in bakstien sinke soe, mar dêr wie ik earlik sein net al te wis fan. De man hie mei safolle oertsjûging en selsbetrouwen sprutsen. ‘En stel no, heit, stel no dat sý gelyk hawwe, en dat wý mis binne. Dan binne wy foar ivich ferlern.’ Dan hiene wy al dy tiid, omdat wy no ienris net yn Amsterdam wennen en neat fan Lou ôfwisten, op it ferkearde hynder wedde. Heit stoppe my noch ris smûk yn en sei dat dy man him fersinde. En dat ik mar ferskes sjonge moast, dan gie de duvel fansels fuort. Dan waard ik fansels wol wer rêstich. En hy hie gelyk hawn, it sjongen hie echt holpen. Want in hoartsje letter wie ik rêstich en mei in liet op ’e lippen in sliep fallen.

De Najaarslaan fan Van der Waals hie in ferlykbere ynderlike ferwarring teweibrocht. Hakkeljend fertelde ik heit oer it gedicht. Oer dat dy frou meikoarten deagean soe, en dat se dat wist, wylst se sa fan it libben hold. Omdat der safolle moais te sjen en te belibjen wie op ’e wrâld. Mar dat iksels faaks neat oan it libben fûn, foaral wannear’t ik wer ris pest waard, en dat ik dat hielendal net woe. Dat ik ek oeral moaie dingen sjen woe, en dat ik net dea woe. Dat ik bang wie om dea te gean. En dat ik… dat ik…

Heit koe ek in fers van Jacqueline van der Waals, sa die bliken. Dat hie hy as jonkje, doe’t er sa âld wie as ik, op skoalle út ’e holle leare moaten. Dat gedicht gyng sa’n bytsje oer itselde en hjitte Sinds ik het weet. Hy sei it hielendal foar my op. En doe gyng er mei my fuotbaljen yn ’e stege neist ús hûs. En ik wûn ek noch fan him. Dat holp krekt like goed tjsin alle emoasjes as ferskes sjonge yn it tsjuster.

De dragers wiene klear mei it oprêden fan ’e blommeboel en makken risselwaasje om de kiste nei bûten te riden. Ik snapte net goed wêrom’t ik net mear oandien wie, troch dy hege doarren, troch dy âlde roeken en troch al dat ljocht. Troch al dy symboalen as symbalen, en troch al dy oantinkens dy’t se oproppen hiene. Oars skeat ik op ’e raarste en faaks sjenantste mominten fol, bygelyks at John Lennon Mother song, mei de wanhope fan in jonkje dat syn mem yn ’e HEMA kwyt rekke is, of by de krystôflevering fan All you need is love, of doe’t ik samar in spesjaal foar my orneare krystkaart yn in slûf krige fan de man dy’t mei de Dakleazekrante by de Hoogvliet stie, en dy’t ik altiid myn boadskipkarke werom sette liet. En ien kear sels doe’t it folksliet spile waard foar it begjin fan in fuotbalwedstriid. Om josels dea te skamjen.

Hawar. Ik sette myn hoed op en slute my oan by de oaren, dy’t achter de kiste fan Harry oan it strieljende ljocht temjitte rûnen.

Well it’s all right, we’re going to the end of the line.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.