• 3 september 2015

    FREYA ZANDSTRA -   Oan prealbanketten mei swannen en pauwen út de skilderkeunst fan de Gouden Iuw, oan glezen wyn mei kâlde damp op it glês, bôle dy’t kreaket ast it brekst en pjisken sa seft datst se wol aaie wolst, deroan tinke wy by iten yn de keunst. Oan de âlde masters en hjoeddeistige realististen as Henk Helmantel dy’t yn kersen, knyflok, sipels en [...]

  • 18 augustus 2015

    Op 29 augustus iepenet 'HAUSER, In multimediaal epos' troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen. De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser yn ‘Het boek Hauser’. Beide dichters/keunstners ferrasten elkoar mear as [...]

  • 17 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld - ynklusyf wittenskip - troch syn ûnbekende komôf oant hjoed-de-dei ta foar in riedsel stelt. [...]

  • 9 juli 2015

    Yn de tentoanstelling ‘Hauser’, in ynisjatyf fan Tresoar en de Moanne (iepening sneon 29 augustus om 14.00 oere), ûntdekke jo ûnder oaren de orizjinele poststikken wêrmei’t de dichters Annemarie Estor en Lies van Gasse elkoar fjouwer jier lang alle wiken ferrasten. Annemarie Estor en Lies van Gasse wurken fan 2009 oant 2013 oan it projekt Hauser. Sy lieten harren dêrfoar ynspirearje troch de njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar [...]

  • 7 mei 2015

    DRIJPIKKEL – As ik hiel inkeld ris mei minsken oer Diet Huber praat, dan wurdt faak as earste 'de telefoan' neamd. Dat se nammentlik sa faak belle. Dat se sa lang belje koe. Dy telefoan haw ik dêrom in bytsje mist yn de fierder tige nijsgjirrige middei dy’t ferline wike yn Tresoar organiseard waard oer Diet Huber har libben en wurk en benammen oer har [...]

  • 7 april 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Set tolve tekeners fan de Nederlandse Kring van Tekenaars mei tolve Fryske skriuwers yn totaal seis dagen yn duo’s byelkoar yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Freegje de tekeners en skriuwers om harren ynspirearje te litten troch de objekten, omjouwing en sfear. Lit de tekeners dat omsette yn byld en lit de skriuwers dêr dan wer in passend ferhaal of gedicht by [...]

  • 18 maart 2015

    Biograaf Willem Otterspeer is tongersdei 16 april op útnoeging fan ‘de Moanne’ en Tresoar te gast op in jûn oer Willem Frederik Hermans yn Ljouwert. * Willem Otterspeer: De mislukkingskunstenaar & De zanger van de wrok * Tongersdei 16 april, 20.00 oere * m.m.v. Yme Kuiper, Geart de Vries en Ernst Bruinsma * Gysbert Japicx-seal Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert Ien fan de lêste publike optredens [...]

  • 1 september 2014

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, Elske Kampen, Marrit Jellema en Tim Honnef. Meindert Talma en Djûke foarmen it muzikale programma dizze middei. Fotografy troch Coen Waltmans (Onstage.Photography)

  • 29 augustus 2014

    GRYTSJE KLIJNSTRA - Yn it lân dêr’t de hynderkes mei de sturt omheech troch ûnoantaaste natoer drave, it wetter like ljochtblau is as de sinne-ûndergongen roze en elts nij útsicht wer in ‘oeh’ of in ‘aah’ ûntlokket, leit it leaflike en it moaie foar it gripen. Mar as de ferve ôfblêderet, komt de rauwe wurklikheit oan it ljocht. Under it pastel fan Yslân ferdwine mannen [...]