Jubilearjend FRIA mei smaak

FREYA ZANDSTRA –  

Oan prealbanketten mei swannen en pauwen út de skilderkeunst fan de Gouden Iuw, oan glezen wyn mei kâlde damp op it glês, bôle dy’t kreaket ast it brekst en pjisken sa seft datst se wol aaie wolst, deroan tinke wy by iten yn de keunst. Oan de âlde masters en hjoeddeistige realististen as Henk Helmantel dy’t yn kersen, knyflok, sipels en apels in ûneindige ynspiraasjeboarne fine. Achttjin keunstners fan de Friese Vakvereniging voor Beeldend Kunstenaars (FRIA) makken bylden, foto’s, tekeningen en etsen oer it voedsel, de smaak en de rol fan iten yn ús kultuer. It wurk is fan no freed 4 septimber oant 31 oktober te sjen yn Tresoar yn Ljouwert.

 

“Er hangt geen enkele koe bij, dat valt wel op. Maar die spruitjesplant op mijn foto – daarvan weet ik het zeker: die komt van Friese grond.”

 

Granaatappels, fisken en sprútsjes brûkte keunsteres Saskia Wagenvoort foar har bijdrage oan de eksopsysje De Smaak van FRIA, as sitaten út de 17e iuwske skilderijen oer fruchtberens en fergonkelikheid. Foar it tritichjierrich bestean fan de fakferiening frege Wagenvoort de leden at se har ynspirearje litte woene troch it feit dat Ljouwert yn harren jubileumjier Haadstêd fan de Smaak is. Fan de fjirtich leden leverden achttjin wurk oan – guon in inkel stik, oaren brochten wol tsien stikken yn. It measte wurk is nij en spesjaal makke om oan te sluten by it Smaak-tema.

Wylst Wagenvoort noch drok dwaande is al it wurk op syn moaist oan de muorren krijen foar de iepening fan no freed, konstatearret se dat in opfallend soad kollega’s mei it fergean fan iten oan de gong gien binne. Sels is se nochal wei fan in skaal rot fruit mei in laach skimmel der oer hinne, op de foto set troch Han Reeder. “De mooie kant van verval is in het algemeen vaak een inspiratiebron voor kunstenaars. Ik zie het in deze expositie ook als een statement terugkomen: we moeten beter met ons eten omgaan, minder verspillen. Maar zeker ook met de klassieke lading: de vergankelijkheid van het leven laten zien.”

Hennie Dijk-Stel makket botanyske tekeningen en kocht op de merk de moaiste grienten dy’t se fine koe en tekene dy’t oan yn de lytste details nei. Ek hiel spesjaal fynt Wagenvoort de pannen mei deade ynsekten – kevers, hommels en flinters – in kollaazje fan Janny Bruinsma. “Mooi van sfeer en ze laten alle ruimte om je eigen verhaal bij te maken.” Sels sette Wagenvoort in famke mei de eagen ticht op foto. Silke hjit se en se draacht in sprutsjeplant foar har as wie it in scepter. “Ik vond die spruitjesplant zo mooi in de zin van groeien en ontspruiten. Dit meisje staat nog maar aan het begin.” Wagenvoort knipt en plakt har foto’s mei de hân oant it har nei it sin is en en gauris bewurket se se mei borduerwurk. Ek it sprutsjefamke is bewurke, se hat selskip krigen fan in útwryks grutte mich, “Als klassiek symbool voor vergankelijkheid.” Yn har wurk brûkt Wagenvoort gauris spjelden. “Ze zijn mooi, maar je kunt je er aan prikken – pijn die nu eenmaal bij het leven hoort – en je gebruikt ze om alles bij elkaar te houden.”

Griente, fruit en fisk binne út artistyk eachpunt de meast oantrekkelike itenswaren, dat is alteast it byld dat út de Smaak-eksposysje op te meitsjen is. Spilet yn it programma fan Hoofdstad van de Smaak de Fryske produsint fan iten in grutte rol, yn de keunstwurken is der net folle spesjale oandacht foar Fryske produkten. “Er hangt geen enkele koe bij, dat valt wel op. Maar die spruitjesplant op mijn foto – daarvan weet ik het zeker: die komt van Friese grond.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.