Moanne Live: Otterspeer oer Hermans

Publisearre op 18 maart 2015

Biograaf Willem Otterspeer is tongersdei 16 april op útnoeging fan ‘de Moanne’ en Tresoar te gast op in jûn oer Willem Frederik Hermans yn Ljouwert.

* Willem Otterspeer: De mislukkingskunstenaar & De zanger van de wrok

* Tongersdei 16 april, 20.00 oere

* m.m.v. Yme Kuiper, Geart de Vries en Ernst Bruinsma

* Gysbert Japicx-seal Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

Ien fan de lêste publike optredens fan Willem Frederik Hermans (1921 – 1995) fûn plak yn Ljouwert, yn stedsskouboarch De Harmonie, in healjier foar syn dea. It waard in histoaryke jûn mei in protte skampskoaten nei dy oare noardlike haadstêd, dêr’t Hermans tweintich jier wurke as fysysk geograaf. Nei in konflikt mei de universiteit naam er him foar om nea wer in poat yn Grins te setten. Hermans wurdt beskôge as ien fan de belangrykste en meast ynfloedrike Nederlânske skriuwers fan de tweintichste iuw.

Willem Otterspeer (1950) is heechlearaar universiteitsskiednis yn Leien. Hy wie biograaf fan de filosoof G.J.P.J. Bolland, skreau in boek oer Johan Huizinga en besoarge de briefwikselingen tusken Hermans en Gerard Reve en tusken Hermans, Rudy Kousbroek en Ethel Pornoy.

 

De tagong is fergees, mar opjefte is needsaaklik, leafst foar 10 april fia s.wijngaarden@afuk.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]