SKIMER: Konstruksje

GRYTSJE KLIJNSTRA –

Yn it lân dêr’t de hynderkes mei de sturt omheech troch ûnoantaaste natoer drave, it wetter like ljochtblau is as de sinne-ûndergongen roze en elts nij útsicht wer in ‘oeh’ of in ‘aah’ ûntlokket, leit it leaflike en it moaie foar it gripen. Mar as de ferve ôfblêderet, komt de rauwe wurklikheit oan it ljocht. Under it pastel fan Yslân ferdwine mannen op see, wenje yn elts doarp ‘Poalen’ yn treurige flats en binne libben en leafde earder pragmatysk dan romantysk fan aard.

Lykas de oaren begûn Grytsje Schaaf mei it sammeljen fan bylden. Assosjaasjes, details en ôfwikende taferielen. Sjen en dan better sjen. Prate mei de oaren. Lústerje nei ferhalen. Wer in laach tafoegje.

Doe’t yn 1902 de lears tastien waard, bruts de revolúsje út.

Want wat te tinken fan de Deenske kening dy’t de rubber lears ferbea? Sûnder rubber learzen wie de aksjeradius fan de Yslanner mar lyts en koe it opstannige folk better ûnder de tomme hâlden wurde. Doe’t yn 1902 de lears tastien waard, bruts de revolúsje út. Sa bliek de rubber lears foar Yslân belangriker te wêzen as de auto. En hoe sit it mei de ‘njoggenmoannepriis’ fan krimpdoarp Bolungarvík? As je njoggen moanne nei de ‘Love Week’ in bern produseard hawwe, dan krije je fan de organisaasje in pakket mei pampers, babyklean en ‘soothing music for the parents’.

Ferhalen wurde spoaren, spoaren wurde motiven en út motiven folgje sinnen en wurden. Grytsje brûkt wurden as ‘konstrueare’ en ‘bouwe’ as se it oer har poëzy hat. It dichtsjen is foar har dan ek in ûntwerpproses mei betingsten en boustiennen. It einrisseltaat sil taktyl en romtlik wurde. Foar har gjin pastelpoëzy, mar in bouwurk dat like stiif en tsjuster is as Yslân nei slutingstiid.

 

 


Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis. Besjoch ek it earste diel Brûzje, it twadde diel Fisk(ur), it tredde diel Fitraazje, it fjirde diel Projeksje en it fyfde diel Unmjitberens.  

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.