Optrede foar de frede (1) – Aggie van der Meer: de Dnjepr

Publisearre op 14 maart 2022

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei.

De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.

De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert.

Aggie van der Meer (1927) koe der sels net by wêze mar stjoerde wol in gedicht yn foar Optrede foar de frede. It waard fertolke troch Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân.

AGGIE VAN DER MEER –

Noch rint de Dnjepr fan it noarden nei de Swarte See, libje de fûgels mei de tiden fan it jier, bringe, hiemsiik, de minsken har har ferline te binnen en treure se om wat har ôfnommen is, fersmiten is en net achten.

De spegeling fan de Djnepr lit har witte dat har tiid kommen is. Gjin twifel, gjin útstel te ferdigenjen mear: twa manlju, patriarch Kirill fan de Russysk-ortodokse tsjerke en presidint fan Ruslân Wladimir Poetin, har bewust fan har plak yn tsjerke en steat, fan de plicht dy’t har driuwt, de macht dy’t har takomt, mar har ûntstriden wurdt. De Krim dy’t har net gund wurdt, Kiev net, Oekraïne net, har einleas takende rjochten net. De druk om it oansjen fan Ruslân te rêden, har har gelok werom te jaan.

Twa manlju, yn de spegeling fan de Dnjepr tekene troch de ferbittering, dy’t har te lang ta wachtsjen twongen hat.

Swijsum folgje se de oerfleanende hauken. In berjocht? In fersin? In leas gebeart?

As patriarch, seit Kirill, hie hy him, presidint Wladimir Poetin, dochs hoop jûn doe’t er it leger de nijboude tsjerke bea: in skinking dy’t it leger har âlde grutskens weromjûn hat, en dy’t ús, Wladimir, der fan ferwissiget dat men docht wat wy har oplizze sille, dat sy ús foar ivich har ûnbetingbere trou swarre sil, sei Kirill. It leger, sei Kirill. Ta de dea, sei Wladimir Poetin.

Ta de dea, sei Kirilll.

De iene hauk, seach er no, wie swart. Grutter as de oaren.

Der sil gjin genede wêze, sei Poetin

Gjin genede, gjin oerlis langer mei it dûbelsinnige Westen, har spjalte tonge. Har bravens. Spui der op. Ferset de tafels, dat wy har falske eagen net mear sjogge. Net it soer en swiet út har mûlen, net de twifel yn it heffen fan har hannen.

Gjin Navalnys mear seit Kirill, gjin ferrie yn eigen fermidden langer noch talitte. Stalin, Wladimir, rop Stalin werom, lit syn geast dy’t noch altyd de Dnjepr besielet oer ús komme.

De geast fan Stalin.
Se bûchje har nei inoar oer, se omearmje inoar en drinke ûnmjittich de wyn fan har grime.

It bidden is foar letter. As it leger de Dnjepr oerstekt, de grûn fan Kiev begroetet, it âlde Ruslân himsels wer is, thúskommen is. Steat en tsjerke, ien en ivich.

De earste slach sil harres wêze, de driging har krêft. Steat en tsjerke, gjin twifel mear.

Ivich rint de Dnjepr fan it noarden nei de Swarte See.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels