Rûntsje Hûntsje, konsept mei in gat?

Publisearre op 29 maart 2019

SIGRID KINGMA – 

By de bernefoarstelling Rûntsje Hûntsje fan Tryater sit in boek dat bedoeld is foar gebrûk op skoalle as tarieding op de foarstelling. It is op it earste gesicht in nuver boek. Yn it midden sit in grut gat dat troch alle siden hinne giet. De siden ha de dikte fan in poppeboek dêr’t lûdsfragminten ynboud sitte. Dat jout de yndruk dat it in dochboek foar bern is om sels mei te boartsjen. Op de foarkant stiet: ‘Hokker kleuren sjochsto yn it tsjuster?’ Soenen der ljochtsjes yn it boek sitte? Dêrûnder stiet lykwols de beskriuwing ‘Foarlêsboek & Hânlieding’, en nochris itselde yn it Nederlânsk, want it boek is twatalich. It is dus bedoeld foar de learkrêft. De dikte fan it boek tsjinnet inkeld om in goed djip gat te realisearjen. Wêrom moat it boek sa fisueel opfallend wêze as it om in hânlieding giet?

 

Wêrom moat it boek sa fisueel opfallend wêze as it om in hânlieding giet?

 

It boek hat acht omslaggen mei yn totaal fiif lessen. De earste side is in kollaazje mei rûne dingen en de twa haadpersoanen en harren dierefreonen. Op de side dêrnei wurdt de bedoeling fan it boek útlein, dy’t oanslút by de ûntwikkelingen en ynsichten op lesgebiet fan de lêste tiid. It boek befettet opdrachten foar learlingen dy’t benammen rjochte binne op selsûntploaiïng en it ûntdekken fan en praten oer de wrâld om harren hinne. It wurkjen yn twatallen wurdt stimulearre om dialooch en gearwurking út te lokjen. It materiaal wurdt oanbean yn in ferhalend ûntwerp. By it boek heart in poster foar yn de klasse sa’t learlingen fisueel it boek trochrinne kinne troch in magneethûntsje hieltyd djipper yn it gat te pleatsen. It gat yn it boek kinne we fierder folslein negearje, hoewol’t der rynsk omhinne yllustrearre is.

De side dêrnei jout oan de linkerkant in koarte beskriuwing fan de foarstelling. Oan de rjochterkant steane foto’s fan de haadpersoanen Hilde en Ayo dy’t yn in praatwolkje harrensels en de dieren yntrodusearje. It liket foar de learling bedoeld, mar it is miskien om foar te lêzen en rûngean te litten yn de klasse. Dat wurdt net dúdlik, mar wol dúdlik is dat Hûntsje kwyt is. Dêr sil op de folgjende side grif de earste opdracht oer gean, tinke je dan, mar dat is net it gefal. No krije we it perspektyf fan Hûntsje, dy’t himsels yntrodusearret. Hy hâldt fan rûntsjes. De opdracht dy’t út it ferhaaltsje komt is om yn de klasse op syk te gean nei rûntsjes. De taak is: ‘Besykje de grinzen fan it begryp ‘rûntsje’ te ferkennen.’

De tips dy’t meijûn wurde, binne net altyd like konkreet, lykas ‘Bepraat foarôf en/of achterôf mei de bern wat goed gearwurkjen is.’ In learaar dy’t net wend is om opdrachten te dwaan dêr’t net perfoarst goede of foute antwurden út komme, hat mooglik wat mear hânfetten nedich. It doel fan de opdracht is net om te definiearjen wat in rûntsje, in stip of in gat is, mar om it petear oan te gean en foar in konstruktive diskusje te soargjen mei goede arguminten. Mei oare wurden: it neitinken oer in fraach en it fokalisearjen fan de gedachtegong is wichtiger as de konklúzje. Dat past yn in sûnt ferline jier terreinwinnende gedachte oer lesjaan dêr’t net eltse learaar bekend mei is.

It op dy manier filosofearjend dwaande wêze mei learlingen, wurdt fierder útboud yn de twadde opdracht. Dêr wurdt wol in wiidweidigere útlis jûn fan de lange termyndoelen, mei in koart stappeplan en mooglike opset, mar it ûnderwerp fan it petear is fuort in stik komplekser: freonskip. De opdracht wurdt wer ynlieden mei in ferhaaltsje fan Hûntsje. Hy beneamt de ferskillen tusken him en Mûs. Hûntsje beslút mei de wurden: ‘Ik fyn it just leuk as in freon wat oars is. Fine jim dat ek?’

De taak is oan learlingen om nei te tinken oer in fraach dy’t mei freonskip te krijen hat. Mooglike startfragen binne jûn:
Wêrom is hy/sy dyn freon?
Kinst ek in freon hawwe dy’tst net sjochst?
Fine freonen altyd itselde leuk?

Opfallend is dat twa fan de trije foarstelde fragen sletten fragen binne, dy’t net perfoarst útnûgje ta diskusje. It binne fragen dy’t gjin rjocht dogge oan de kompleksiteit fan it ûnderwerp, en dy’t mooglik ferfelende útwurkingen hawwe. In learling kin bygelyks ta it beslút komme dat er gjin freonen mear wêze wol. Der binne ek wolris learlingen by dy’t gjin freon hawwe of pesten wurde. In foarwaarde foar it útsprekken fan je gefoel, is in feilige omjouwing. Learlingen wolle mooglik leaver net mei de klasse diele dat se in tinkbyldich freontsje hawwe. Boppedat sit yn myn belibbing de wichtichste fraach der net by: Wannear kinne je ien in freon neame? Foardat je sa’n filosofysk ûnderwerp as freonskip behannelje, moattte je as learaar goed fan tefoaren betinke wêr’t learlingen mei komme kinne en hoe’tst dêrmei omgiest. Der komt mear by sjen as dat de opdracht fermoedzjen docht.

Opdracht 3 is oars fan opset, mar is mei deselde filosofy dat der gjin foute antwurden binne, allinnich ûneinige mooglikheden. It wurdt wer ynlieden mei in ferhaaltsje fan Hûntsje. De opdracht is in gatsjetekst dêr’t Mûs in beskriuwing fan harsels yn jout. De learaar lêst it ferhaal foar, en twa learlingen meie om en om betinke wat der op it plak fan de gatten komme kin. Ferfolgens meie se mei inoar betinke hoe’t it ferhaal fierdergiet. Dizze opdracht is tagonklik sûnder tarieding en kin sa faak dien wurde ast wolst. De ekstra opdracht is in bytsje apart: ‘Lit se letters oanwize dêr’t in gat yn sit. (O, P, U) Dy opdracht freget wer om útdjipping en argumintaasje, want wat foar de iene in gat is, is foar de oare in krul of in stip. De opdracht hat oars gjin doel as it op gong bringen fan de ynteraksje. Dat is net it idee achter ynteraktyf leare. It is effektiver om it yn te setten as middel om kennis te konstruearjen.

Opdracht 4 is in praktyske opdracht. Learlingen moatte 12 gatten skilderje mei ferskillende kleuren. It is in opdracht yn twatallen: om de beurt in sirkel om it gat tekenje en dan oerlizze oer de kleuren dy’t se brûke sille. Der komt in stikje handichheid by sjen om’t learlingen kieze meie oft se de rûntsjes fan bûten nei binnen of oarsom skilderje wolle. Op de side fan de opdracht wurdt noch in boeketip jûn: Meneer Kandinsky was een schilder fan Daan Remmerts de Vries.

Opdracht 5 is de lêste, Mûs en Hûntsje binne op de boaiem fan it gat en wolle wer nei boppe. Dêr moatte learlingen de poster by brûke want dêr steane oanwizingen op hoe’t se dat dwaan kinne. Foardat se derút klimme kinne, moat der noch in opdracht komme: Rûntsjedûnsje. It is de bedoeling dat learlingen yn twatallen in dûnske betinke mei ferskillende soarten rûntsjes en gatten deryn. De dûnskes kinne útbesocht wurde op muzyk, en dan is de fraach: feroaret de dûns as de muzyk hiel sêft is, of krekt hiel lûd? Op ferskillende plakken yn de opdrachten wurdt it gebrûk fan multymedia stimulearre, bygelyks foto’s meitsje mei in tablet, of in filmke derby opsykje op youtube. Sa wurdt hjir ek de suggestje jûn om ballet of folksdûns sjen te litten ta foarbyld. Op de side fan Tryater stiet in linkje nei muzyk foar by it rûntsjedûnsjen, mar der stiet gjin ferwizing yn it boek sels.

De lêste side is ientalich Frysk. Dêr steane de foarskriften foar it bywenjen fan it teater. De klasse moat op tiid komme, se moatte fan tefoaren nei it húske kinne, de mobyl út dwaan en de learaar moat soargje dat de bern harren gedrage. In bytsje in aparte ôfsluter om’t dy ynformaasje meastal op ynternet of op in flyer te finen is, mar goed, de measte hânliedingen binne ek net op sok tsjok papier drukt.

Alles oereagjend is it dúdlik dat de makkers it ynteraktyf en ûndersykjend learen yn alle foarmen omearmje, mar mear keunstners as ûnderwiisminsken binne. Om de opdrachten mei inoar te ferbinen, is de ferhaalline wat fragmintarysk fan opset. Hilde en Ayo wurde bygelyks yntrodusearre, en binne yn de foarmjouwing hieltyd oanwêzich, mar komme yn it fierdere ferhaal net mear werom. Mei troch de foarmjouwing fan it boek, en de kar om eltse opdracht binnen ien side te beskriuwen en te begelieden, ûntbrekt in heldere útlis. Boppedat mist praktyske ynformaasje dy’t je yn in hantlieding ferwachtsje, lykas tiidsdoer, nedige materialen, tarieding en yndikaasje foar hokker leeftyd it bedoeld is. Hoewol’t der in gearhing sit yn it idee achter opdrachten, rint de kompleksiteit útien fan in lesfoarm foar groep 1 oant en mei groep 4, wat benammen op de learaar oankomt om sels yn te skatten en dingen fuort te litten of ekstra oan te bieden. Al mei al in hânlieding dy’t om in hânlieding freget en mear fragen opropt as dat it antwurden jout oer de foarstelling dêr’t it in tarieding op wêze moat.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels