Slak slak: de sparsumens fan dichter Kees

ARJAN HUT – 

Krekt op de dei dat Ljouwert foar de ivichheid ta City of Literature útroppen wurdt, sit ik mei in mysterieusk en beskieden bondeltsje yn de hannen. En mei beskieden (de ferlytsing is net denigrearjend bedoeld) bedoel ik dat it lytser is dan in nijmoadrich telefoantsje, dat der mar in pear gedichten op de siden steane en dat yn dy gedichten de wurden mar sparsum ynsetten wurde. ‘Draka’ is de titel en de auteur is Kees (1948-2019).

 

In wûnderlik aventoer. Wa’t it lêst heart by de earsten, want de beskieden dichter liet, ek al sa tsjin de moade yn, foar syn dea nea ien syn gedichten sjen.

 

By syn libben hat Kees neat publisearre en pas in dei foar syn ferstjerren fertelde er fan in bondeltsje, en wat dêr mei barre moatst. It waard weromfûn tusken âlde kranteknipsels en is by dizze útbrocht – neffens de winsken fan de dichter – sa’t it fûn is, troch útjouwerij Perio. De omslach is in fragmint fan in ets fan keunstner Sies Bleeker (1941-2014).

Hoewol’t ik fan doel bin sunich te wêzen mei wurden yn dit besprek, ik tink dat ik op dit punt yn dizze paragraaf al mear wurden brûkt ha om oer Draka te fertellen as Kees nedich hie foar de fiif gedichten dy’t deryn steane. It is in sparsumens dy’t alhiel tsjin de tiidgeast fan spoken word en proaza-poëzije ynstrûst. Hjir gjin guorreljende wurdwetterfal, gjin semi-hiphop of ûnredigearre alfabetstreamen.

Makke Jan Arends noch gedichten as ’tinne beammen’, by Kees is der sprake fan gedichten as twa, trije bôlekromkes yn in ûnmjitlike wite flakte. It earste fers, ferrania, begjint mei de rigels ‘drakacel / in huizenrijgen / venster / in haar been’, op de folgjende twa siden folgje yn totaal noch acht wurden, wêrûnder twa kear ‘haar’. Ferrania is in stêd yn Itaalje, en it is ek de namme fan de fotokamerafabryk dêrwei. Drakacel is in keunststof en Draka in kabelbedriuw. Yn it gedicht komt ek noch de plaknamme Lissone foar, in gemeente, ek yn Itaalje. Alwer Itaalje, dêr’t it just yn swang is om te dwepen mei Skandinavië. Kees wie in dichter dy’t syn eigen paad gong.

Geandewei de bondel falle de wurden sels útmekoar, en mei sifers, mar foaral in soad wyt, sakket de lêzer hieltyd djipper it poëtysk ûnlân fan fertraging en soberens yn. It gedicht ‘ee/aa’ begjint mei ‘slak/slak’, as wol de dichter sizze: net sa fluch, taal, en nim inkeld mei watsto sels drage kinst. Krekt wat flau fyn ik dan wer ‘de hond’, in op in banale klû útrinnende grap. Fan de fjirtjin rigels tekst, binne alve in herhelling fan de titel. Mei ‘krinkeldamp’ komme oan de ein de taal dochs in bytsje opsetten, it fielt rynsk en ryk, mei ien rigel sels fan fiif wurden. In fers dêr’t religy en erotyk mekoar treffe en we op in wûnderlike wize weromkomme by it finster yn de skonk fan it begjin. Gong it de hiele tiid al oer leafde, lust, lichemsfocht? Hûnen, fallussen en yngongen?

In wûnderlik aventoer. Wa’t it lêst heart by de earsten, want de beskieden dichter liet, ek al sa tsjin de moade yn, foar syn dea nea ien syn gedichten sjen.

 

Draka, krekt ferskynd by útjouwerij Perio.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.