Een kloek boek raakt niet zoek

JOSSE DE HAAN – 

Willem Winters is yn de Frysk/Nederlânske útjouwers- en skriuwerswrâld in bysûnder fenomeen – syn útjouwerij Perio bringt om de safolle tiid tige aparte en bysûndere boeken en boekjes op ’e merk. It motto fan de útjouwerij is ‘een kloek boek raakt niet zoek’. It wurd kloek dêryn betsjut net grut, want soms moatte je mei in fergrutglês in boekje lêze. Bysûnder fan foarm binne se al, dy útjeften, en nearne oars ferskinend. Al sûnt 1984, mei in fiifensantich publikaasjes (haw iksels, miskien binne der mear).

As jo abonnee binne, krije jo om de safolle tiid in berjocht dat der wer wat nijs ferskynd is. Ynhâld, formaat, foarmjouwing en útfiering hawwe it stimpel fan de eigener fan it fûns – eigensinnich, estetysk en foaral nijsgjirrich. In dûbele W, sis mar.

 

Rânen fan de keunst
Elk boek hat in eigen foarm, dy’t by it boek past – alles is like serieus as alle oare boeken, mar as de ynhâld dat freget kin it satirysk wêze, of boartlik, as de útjouwer mei in soad wille syn publyk in grappige útjefte stjoert, of it hat de gek mei de lêzer.

Heel wat boekjes ha te krijen mei de jeugd fan Winters, doe’t er yn It Hearrenfean omstapte. Hy wit de nostalgy sa om te bûgjen dat de lêzer it ferhaal as ferhaal lêst, en de feiten fiksje wurde, en dus minder wichtich.

Op ynternet fynt de skriuwer bygelyks syn Avaros-brommer werom, syn earste bromfyts, in soarte fan Solex. Mei prachtige plaatsjes dy’t de lêzer sels ynplakke kin, komt dy ww-solex ta libben. In oar elemint foarmet de absurditeit dy’t yn teksten nei foaren komme kin. Winters hat dêr in aparte noas foar, en as it net helendal kloppet, bûcht er de tekst nei syn eigen winsk en behoefte om.

Yn heel wat teksten, foto’s en lay-out fan it geheel sylt de skriuwer lâns de rânen fan de keunst, soms is it (dada)keunst, dêr’t it kollaazje-elemint en it tafallige in grutte rol yn spylje.

 

Tentoanstelling
Ik haw hjir bygelyks it boekje Stopcontacten fan 2002, wêrfan’t Winters de stopkontaktteksten skreau en Jacob van Essen de foto’s fan dy stopkontakten makke hat. Jo lêze gewoane ynformaasje oer de Europeeske stopkontakten en de wetten dy’t dy produkten regelje, en tagelyk sjogge je de skimmelige en ferrustke stopkontaktfoto’s – folslein absurd en kranksinnich, yn kontrast mei de skjinne Europeeske teksten.

Elk boekje of útjefte (soms is it in objekt) – heel goed opmakke en printe – fertsjinnet in plakje op in tentoanstelling. Ik tink dat de eksposysje fan dat materiaal yn in romtlike omjouwing de besiker fassinearje kin – de aparte wrâld fan Perio soe dan ta libben komme kinne, want der is folle mear om fan te genietsjen as allinne de teksten. De foarmjouwing fan Richard Bos fertsjinnet in breed publyk, syn fantasy en kreativiteit binne grut en heel ekspressyf. It ûnderwerp bepaalt de foarm.

Winters switcht heel maklik fan it Hearrenfeanster dialekt nei bygelyks de drummer Han Bennink, dêrnei giet er oer op sitaten fan psychologen – alle klisjees op de leagenbanken yn heel Fryslân komme foarby. Syn teksten binne yndirekt skerp, mar altiten boartlik. Dy relativiteit makket dat de lêzer gauris yn himsels laket.

 

Sara en sa
Yn 2007 ferskynt in lyts fjouwerkant boekje fan de partner fan Winters, Anneke van Renssen, mei de titel We beleven dus helemaal niets (+ foto’s). De titel slacht op it 0-persintaazje Nederlanners yn it heechseizoen yn de Ardèche op 1000 meter hichte…

Utdaagjende titels binne: Daar komt de pasta uit de tube!; Elisabeth, onmetelijke gedachten, fan de Flaamske skriuwster Beatrice Nuymann; Sara en sa, teksten fan Wieke de Haan (prikeljende aforismen oer froulju fan 50), mei skitterjende kleurige tekeningen fan meast 50-jierrige neaken froulju fan Johanna Schuurman (2010) – in boekje dat yn de Fryske skriuwerswrâld negearre is; Briefkes fan Hylkje, gearstald troch Pieter de Groot, is in minyboekje mei foaral ûnderkuolle teksten sa’t Hylkje Goïnga dy skriuwe koe; Car emblems jout de ûnderskate auto-emblemen; Stilte in de literatuur beskriuwt de boeken dêr’t stilte in rol yn spilet (2007).

Winters syn belangstelling is breder as breed, oer fan alles en noch in bytsje makket er boekjes. Soms is it in aparte tekst út in krante, dy’t er omstjoert, of aansichtkaarten dy’t ea troch de post besoarge binne. Altyd ha de projekten te krijen mei lêzen, mei boeken, en foaral mei de maatskippij sels.

 

Boekjes oer keunstners
Willem Winters brûkt de irony, en foaral de boartlike humor dy’t er fynt yn de teksten, en dy’t er sels skriuwt. Hy begûn yn 1984, en al lêzende kin men sjen dat er yn dy 34 jier in persoanlike spegel fan de (syn) wrâld sjen litten hat.

In topper is Het Asbakje fan Bauke de Jong, wêryn’t Winters yn in neiwurd noch even oanjout wat de rol fan dy Fryske skriuwer west hat yn it ûntmaskerjen fan in folslein foute Fryske skriuwer – al foar de oarloch.

Tige nijsgjirrich binne de boekjes oer in sântal Fryske keunstners – gedichten en oantekeningen – fan Boele Bregman; Geert Duintjer; Sies Bleeker (‘libje yn liende tiid’); Sjoerd de Vries (‘oantekeningen 1975-1984’); Willem van Althuis (‘sân brieven’); Ids Willemsma (‘buorman dada en oare gedichten + CD’) – yn in houten kassette mei yn it hout ynbrânde sinjearring fan Ids; Kees ’t Hart en Hein de Graaf (‘Begroting’).

Ik haw yn de rin fan de jierren in lytse santich sammele, en as ik se troch de hannen glydzje lit, dan ferskine der wrâlden dy’t om my hinne lizze – yn de echte en yn de boekewrâld. Ik sjoch dada-eleminten, objets trouvé, skilderijkes, yn it geheel sjoen in kommentaar fan Willem Winters op ’e wrâld troch dy útjeften. Hy is dus in oar soarte skriuwer as in romanskriuwer, as in dichter, mar hy is folslein obsessyf dwaande mei boekjes en boeken. Dat is fassinearjend. Dat soe yn ‘Obe’ (ik fyn dy namme trouwens ferskriklik, Rixt hie folle moaier west…) of yn Tresoar in eksposysje wurdich wêze.

 

Papierfiskjes lêze net
En dan no de útjefte fan in pear wiken lyn – Papierfiskjes lêze net, en oare ferhalen. It is in boekje yn kwartoformaat (19×13½ sm), yllustrearre troch Richard Bos en skreaun troch Willem Winters.

Yn tsjinstelling ta de measte oare publikaasjes fan Perio is dit boekje helendal yn it Frysk skreaun. It befettet 17 ferhalen oer santjin ferskillende beesten. Dat hat faaks te krijen mei de leafde fan de skriuwer foar beesten, sa’t er yn it foaropwurd skriuwt.

Op in stuit kamen hy en syn frou om yn de beesten – hinnen, marmotten, dowen, tropyske fûgels, geiten, guozzen, einen, skiep, bargen, hûsmûzen en katten. In prachtanekdoate is dy wêryn’t de frou fan Winters mei in jankende jonge baarch yn de fytstas, dêr’t syn kop útstekt, nei de feedokter reest. Dy stiet al klear mei de spuit, sadat se ferlost binne fan dy troch alles hinne razende bigge. Sa’n foaropwurd tekent al de sfear en jout oan hokker boekje it wurde sil.

Meidat de ferhalen allerhande beesten as haadpersoan hawwe, tocht ik earst dat it in soarte fan fabels of parabels wêze soene. Yn myn holle kamen dy fan La Fontaine foar ’t ljocht, en dy fan Aesopus. Mar ek Vondel, Cats en bygelyks Bilderdijk ferskynden oan de hoarizon. Multatuli hat ien fan de moaiste parabels fan de Nederlânske literatuer skreaun – De Japanse steenhouwer. Dat gong my dus even troch de holle.

 

Net moralisearjend
De fabel wol yn feite moralisearje, minsken wat leare dêr’t se in foarbyld oan nimme kinne. Dat soarte teksten wurdt didaktyske literatuer neamd. De Bibel is ien grut moralisearjend fenomeen. In hele bekende fabel yn de Nederlânske literêre wrâld is Van den vos Reinaerde, in beeste-epos.

Winters syn ferhalen binne net moralisearjend, mar wol heel fantasyryk; de beesten kinne tinke, en ien kin sels lêze. De skriuwer hat him sa ynlibbe dat er sels ien fan de beesten wurdt dy’t in haadrol spylje. Winters rint dêryn parallel oan Anton Koolhaas, dy’t ek fassinearjende beesteferhalen skreau.

It titelferhaal fan dizze bondel – Papierfiskjes lêze net – giet oer motieltsjes of papierfiskjes, en hat earder publisearre west yn Ensafh-2016. It ferhaal telt hjir 28 siden, en is dêrmei fierwei it grutste ferhaal. De oare ferhalen beslane fjouwer oant acht siden.

De ferhalen binne echt fantastysk, mei de klam op de betsjutting fan: troch fantasy fuortbrocht. Neffens my kinne én folwoeksenen én bern genietsje fan de fertelsels. Foarlêze op basisskoallen kin ek, en dan de bern freegje sels sa’n ferhaaltsje te skriuwen en dêr in tekening by te meitsjen.

 

Feest yn de boekekast
Motieltsjes binne de fijannen fan de boekeleafhawwer. Dat lêste is dizze skriuwer perfoarst. Hy sil út en troch sa’n papierfiskje yn syn boeken tsjinkommen wêze – as ultime wraak op dy fiskjes hat er ien beskreaun dy’t prate kin, sadat er him fertelle kin dat er it helendal net sa aardich fynt dat hy en syn soartgenoaten syn boeken opfrette.

Winters skriuwt oer feesten yn boekekasten as hûnderten papierfiskjes oan hele djoere boeken begjinne te fretten, mar ek oer immen yn in útwrydsk pak dy’t mei in gaspistoal besiket al dy fiskjes dea te spuitsjen. Jo kinne je identifisearje mei sa’n fiskje, en fiele hast dat jo deaspuite wurde. As binne jo yn de grutteminskewrâld dêr’t se ea miljoenen deaspuiten.

As it lytse fiskje lêzen leard hat fan in boktor, komt er op in stuit de poëzy op it spoar. Hy wol witte wat dat is. No, dan wurdt er troch syn freon de boktor nei de planke mei de gedichtebondels laat. Op ’t lêst ûntdekt er de poëzy fan Jan J. Bylsma, mar ek dy fan Obe Postma.

Boktor lit him ek poëzy fan dada lêze, ûnder oaren fan Ids Willemsma, dy’t in CD mei poëzy ferskine liet by Perio. De papierfisk wol witte oft dat wol echte poëzy is, want it is heel apart.

 

Don Quichot de la Mancha
Boktor komt helendal yn syn rol as learmaster: ‘Jawis jonge, dat is eksperimintele poëzy, harkje mar ris:

 

De sinne giet

Op

De sinne giet del

Op

Del

Op

Del

Op

Del

Op

Del

Do woest de sinne net mear sjen

En diest der wat oan

 

Hawar, op in stuit lêst er sels Don Quichot de la Mancha fan Cervantes. It boartsjen mei tekst en ynhâld – soms iroanysk, dan wer serieus en earnstich, makket sa’n ferhaal bysûnder. Winters mikst realiteit mei yrrealiteit, en dat feroarsaket soms dy absurde sitewaasjes wêryn’t it ûnferwachte it barren ynienen in slach draait.

 

Deprymol en knypkat
It ferhaal oer de Snoeck (mei ck) begjint mei de opmerking dat it foar de snoeckewrâld in grutte eare wie dat de moaiste auto fan de wrâld ever – de Citroën ID/DS – om reden fan syn foarmen en pracht de snoeckebek of snoeck neamd waard.

De ferhalen geane oer (Fryske) hynders, lysters, miggen, harten, hûnen, goudfisken, mûzen, spinnen, mollen en as lêste de neakenslak. Jo komme wat te witten oer de wrâld en it libben fan sa’n beest – út de optyk wei fan de skriuwer. De eigenskippen fan al dy beesten fynst ek wol by minsken.

In topper foar my by dizze 17 ferhalen fyn ik de Deprymol en de knypkat. De mol sjocht it net mear sitten en siket in psychiater op. Dy riedt him oan in bril te keapjen en in knypkat – ljocht moat de oplossing bringe foar de swiersettige mol. De mol wurdt sels sa entûsjast dat er syn hûs fan mollegongen wyt fervje wol. Dat wurdt wat al te ljocht, en dan giet er oer op blau. Op ’t lêst krijt er flierbedekking. In perfekt ferhaal!

As lêzer wurde jo sa’n mol, of in Snoeck. Ea haw ik sels sa’n DS-snoeckebek hân. By it lêzen fan it ferhaal fan Winters fielde ik my like grutsk as dy ferhaalsnoeck. De krêft fan de skriuwer sit him yn it skeppen fan dy metafoaryske betsjutting.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2019

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.