• 5 december 2018

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   Doe't ik Hilda Talsma, skriuwster fan de Frisum Trilogy, Wyn-trilogy, Brekber en Slangen ûnder it bêd, mailde om har meiwurking foar dit item antwurde sy dat se graach portrettearre wurde woe op Sardinië of yn Suriname, omdat dy lannen yn twa fan har boeken foarkomme. Dit foarstel waard troch Paul en my utermate posityf ûntfongen, mar de [...]

  • 13 juli 2018

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN – De Volvo Station sûzet oer it asfalt. De sjauffeur hat nonsjalant de earm út it raam hingjen. "Neffens my ride we ferkeard", sis ik foarsichtich. "Myn iPhone seit oars", seit Paul. "No, hjir stiet 'Heerenveen' op de buorden en we moatte rjochting Harns." It is efkes stil yn de auto. "En ik wit wol datsto fan de Apple-sekte bist, [...]

  • 19 februari 2018

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN - It is tiisdeitemiddei, ein novimber en wy ride nei it Noarden. It is de meast tryste dei fan it jier. De wyn is súdwest mei krêft sân en it is gjin momint drûch. De loften binne griis en tsjuster. Koade giel. We passearje Stiens. "Wat in kloatewaar", bromt Paul. In frachtwein mei oanhinger rydt foar ús en swalket fan lofts [...]

  • 7 juni 2017

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   We kuierje lâns it wetter yn âld Ljouwert ûnderweis nei ús ôfspraak mei dichter Arjan Hut. "Ach, de mannen fan de Moanne", seit in frou as wy oankomme op it adres. It is de jûn dat foar de tsiende kear KadeKunsten hâlden wurdt. Mear as fjirtich dûnsers, skriuwers, sjongers en muzikanten litte harren keunsten sjen en hearre [...]

  • 1 maart 2017

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt 1958. De terrassen yn Amsterdam sitte grôtfol en it liket [...]

  • 24 november 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   De razende reporters fan ‘It plak fan…’ gean oer de grins. Nei Grins. We ha in ôfspraak mei Geart Tigchelaar, skriuwer fan ûnder oaren 'Lúshâlding' en 'Bêste jonge' en winner fan de Obe Postmapriis 2016 foar syn oersetting 'Erik of it lyts ynsektenboek'. Nei in spannend ritsje troch de binnenstêd mei in doalhôf fan ienrjochtingsdiken berikke we [...]

  • 29 juli 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is in nuvere simmer. Yn de earste wiken mei swiere buien, hurde wyn en temperatueren krekt yn de dûbele sifers wie it eins oktoberwaar. En dan ynienen fan de iene op de oare dei is it tropysk. It is sa waarm dat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu mei it Nationale Hitteplan komt. It RIVM komt [...]

  • 7 juli 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is drok yn de stêd. It liket wol of it oeral útferkeap is. Dêr komt by dat ús haadstêd somtiden krekt in bouput is. Oeral wurde te pas en te ûnpas strjitten iepen skuord. Wy wrakselje troch it ferkear yn ’e binnenstêd op wei nei ús ôfspraak mei Anne Feddema, keunstner, muzikant en skriuwer. Nei't wy [...]

  • 19 april 2016

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is in prachtige dei. Wy ride oer it smelle dykje tusken Achlum en Frjentsjer. Paul ergeret him oan in 45-kilometer autootsje want hjir ynhelje wol net. Wy binne op tiid foar in ôfspraak met Jetske Bilker, de skriuwster fan ûnderoaren 'Imitaasjeleer' en 'It libben fan in oar'. Jetske, wêr binne wy hjir? "Dit is it plakje [...]