fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Willem Schoorstra

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN 

It is tiisdeitemiddei, ein novimber en wy ride nei it Noarden. It is de meast tryste dei fan it jier. De wyn is súdwest mei krêft sân en it is gjin momint drûch. De loften binne griis en tsjuster. Koade giel. We passearje Stiens. “Wat in kloatewaar”, bromt Paul. In frachtwein mei oanhinger rydt foar ús en swalket fan lofts nei rjochts. De rutewiskers kinne it wetter hast net ferwurkje. “Wa wol hjir wenje”, ropt myn sjauffeur as wy by Hijum/Feinsum achter in trekker ride. It keale lân is swart en wiet. Blije, Ferwert, Marrum. “Hjir hâldt de wrâld op”, skodhollet Paul. De drek en stront makket de dyk glêd. Holwert, âlde seedyk, Ternaard. “Eindbestemming bereikt.” We stappe it hûs yn fan Willem Schoorstra. Skriuwer fan û.o. Swarte Ingels en Redbad. It is behaachlik waarm en de kofje pruttelet.

 

As ik hjir oan it skriuwen bin en it wol efkes net, dan pak ik in boek fan bygelyks Homerus en lês ik dêr in stik yn. Dat jout my wer ynspiraasje en enerzjy.

 

Willem, wêr binne we hjir?
“We steanne yn in romte fan myn hûs, dy’t de bern altyd neame ‘Heit syn hok’. Dit is it hokje, it is noch gjin twa by twa meter, dêr’t ik myn skriuwen doch.”

Wat makket dit plakje sa spesjaal?
“Dit lytse keammerke hat alles wat ik noadich bin. Hjir steane de boeken, dy’t my dierber binne. As ik hjir oan it skriuwen bin en it wol efkes net, dan pak ik in boek fan bygelyks Homerus en lês ik dêr in stik yn. Dat jout my wer ynspiraasje en enerzjy. En yn dit hokje is it ek in stik stiller as yn de húskeamer. Al moat ik sizze, no’t de bern út ‘e hûs binne, sit ik ek wol oan de keukenstafel te wurkjen.”

Jim wenje yn Ternaard. Wy seinen ûnderweis: hjir hâldt de wrâld op.
“No, dat fine wy wol meifalle. Wy wenje hjir mei nocht. Dat komt miskien ek, omdat ik hjir berne bin. Yn de jierren tachtich ha wy yn de ‘grutte stêd’ Dokkum wenne. Dat wie ek net ûnaardich, mar dochs woenen wy ús bern opgroeie litte op it plattelân.”

Ik sjoch hjir yn dit lytse hokje in Marshall gitaarfersterker stean. Makkest hjir of harkest hjir ek nei muzyk?
“Ik ha yn dizze romte in soad gitaarspile. Dat wie yn de tiid dat ik yn in band siet. De fersterker stiet hjir noch, mar de gitaar is fuort. Ik ha him útliend oan myn soan. Fierders ha ik nea muzyk oan as ik oant it skriuwen. Ik skriuw yn stilte.”

Dit is dyn plakje. Moat der ek noch wat feroare wurde?
“Nee, dit moat moai sa bliuwe. Foar my meie der noch wat mear boeken by en wat fleskes. Ik ha in samling fan nuvere drankfleskes.”

Paul hat de foto makke en wy sitte oan de keukenstafel. We prate oer tatoes (“Ik lit der noch wol in pear sette, ús dochter is tatoeëarder.”), klimaatferoarings (“Yn Yslân sjochst de gefolgen pas. It giet hurd achterút.”), it grutkapitaal (“De NAM boarret hjir sels yn it doarp! We stride in striid, dy’t wy net winne kinne.”), it geloof (“De earste sin yn de Bibel kloppet al net.”), en harren reis nei û.o. de Odintempel yn Denemarken.

Nei in pear noflike oerkes stappe wy mei tsjinsin wer de kjeld yn. Ternaard is sa gek noch net: it giet ommers om de minsken, dy’t der wenje en harren ferhalen. En dêr ha je soms net mear foar noadich dan in hokje fan 2 by 2…

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.