fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Hilda Talsma

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

Doe’t ik Hilda Talsma, skriuwster fan de Frisum Trilogy, Wyn-trilogy, Brekber en Slangen ûnder it bêd, mailde om har meiwurking foar dit item antwurde sy dat se graach portrettearre wurde woe op Sardinië of yn Suriname, omdat dy lannen yn twa fan har boeken foarkomme. Dit foarstel waard troch Paul en my utermate posityf ûntfongen, mar de redaksje fan De Moanne wie minder entûsjast. As kompromis kaam It Bilt út de bus. En nei kofje en koeke yn har âlderlik hûs yn Alde Leie ride we op in prachtige novimberdei rjochting it noarden.

 

No wenje ik al in skoft yn Warten, mar dit is myn thús. Hjir lizze myn roots. Ik fyn It Bilt magysk.

 

Hilda, wêr binne we hjir?
“We steane op de seedyk krekt bûten Nijesyl.”

Wêrom is dit plak sa spesjaal foar dy?
“Yn myn jeugd ha ik hjir wenne en ik fiel my ferbûn mei It Bilt. No wenje ik al in skoft yn Warten, mar dit is myn thús. Hjir lizze myn roots. Ik fyn It Bilt magysk. Ik siet yn Ljouwert op skoalle en at ik dan middeis wer nei Alde Leie gien wie, koe ik wer azemje. Ik hâld fan de kleuren, de stilte en de romte. Je binne hjir ien mei de eleminten. Hjoed is it fantastysk waar, mar it kin hjir ek waaie en stoarmje.”

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen of jout it ynspiraasje?
“Yn myn earste boek De Twadde Hûd beskriuw ik it doarpslibben sa’t ik dat yn grutte linen yn Alde Leie belibbe ha. Ek krij ik hjir ynspiraasje, mar dat moat net te grut makke wurde: ik krij ek ynspiraasje at ik oant it rúthimmeljen bin.”

Doe’t ik dy mailde, tocht ik: wy belânje op in maneezje of op in skûtsje.
“Dat hie ek kinnen. Hynders en skûtsjes binne passys, mar ik woe graach portrettearre wurde dêr’t ik my it meast thúsfiel: It Bilt.”

Stel do wurdst frege foar it projekt Oare Wurden en do meist 8 wiken op in plak yn Europa wurkje oan in nij boek. Wer soest hinne gean en wêrom?
“Ik soe dan graach nei Skotlân wolle. Dat is san stoer lân! Ik hâld fan de rûchte, mar ek fan de mystyk dêr. Mar it mei ek Ibiza wêze. Dêr kin ik my ek fermeitsje. Dat party-eilân hat ek hiele moaie stille plakjes sûnder toeristen. Ik ha sels de sliepkeamer behongen mei in foto fan de baai fan Cala Vadella. Sa is it krekt oft wurd ik eltse dei wekker op it strân fan Ibiza.”

Hearst hjir ek muzyk? Wat is de soundtrack fan It Bilt?
“Ik hear hjir de lekker dreamerige muzyk út de searje Outlander. Mar ik hear hjir ek countrymuzyk of AC/DC.”

Hein Jaap Hilarides sei tsjin ús: de blues is de soundtrack fan It Bilt. Dat past by it desolate.
“Dat bin ik net mei him iens. De blues is te tryst foar It Bilt. Ik fyn it hjir net iensum en ferlitten. Ik sjoch hjir altyd feroarjende kleuren en prachtige linen. Dêr past gjin deprimearjende muzyk by.”

Moat hjir ek wat feroare wurde?
“Nee, neat mear oan dwaan. We moatte hjir echt net mear toerisme of yndustry. It Bilt is lekker anonym en orizjineel. It is fansels troch minsken-makke-lân, mar it is sa krachtich en it hat in funksje. Dat prachtige grien moat grien bliuwe en dat skitterende blau moat blau bliuwe. Dizze linen: neat mear oan dwaan!”

 

We ride in toeristyske rûte werom nei Alde Leie. Underweis krije wy skiednisles. Oer stinzen, tsjerken en Freark fan Hallum, abt fan it eardere kleaster Mariëngaard. Wy komme lâns it hûs dêr’t se wenne hat. Se fertelt oer har jeugd, oer it boartsjen op ûnmjitlike fjilden en brede sleatten. Dat se hjir oere en tiid somtiden ferjitten wie. At we ôfskied nimme, seit se in tekst dy’t eins de hiele lading dekt:

‘Ast tegearre falst mei dysels, dan falt de tiid fuort.’

Dat kin yn Suriname, mar ek op It Bilt!

Comments
Ien reaksje oan “It plak fan Hilda Talsma”
  1. Sytse Keizer schreef:

    Mooi stikky !

    Kyk foor de lêste beskriving fan de geskidenis fan ’t Billând, ’t Bildt en ok fan dut plakky naar myn site,
    op omrop fryslân: https://www.youtube.com/watch?v=ECXRJ-6dP2I en academia: https://uni-nl.academia.edu/SytseKeizer

    Feerder ok publiseerd in oa de Bildtse Post , Franeker Courant.

    Sytse Keizer, regiohistorikus ’t Bildt

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.