fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Hein Jaap Hilarides

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN 

De Volvo Station sûzet oer it asfalt. De sjauffeur hat nonsjalant de earm út it raam hingjen.
“Neffens my ride we ferkeard”, sis ik foarsichtich.
“Myn iPhone seit oars”, seit Paul.
“No, hjir stiet ‘Heerenveen’ op de buorden en we moatte rjochting Harns.”
It is efkes stil yn de auto.
“En ik wit wol datsto fan de Apple-sekte bist, mar we ride nei it suden en we moatte nei it noarden.”
Paul lit in wat net te definearjen lûd hearre.
By Ljouwert nimme we de ôfslach Goutum en gean we mei in omwei nei It Bilt. We binne krekt op tiid op ús ôfspraak mei Hein Jaap Hilarides, skriuwer fan ûnder oare Joppe, De Skeakeling en De Trekker fan Troje.

 

De minsken hjir yn It Bilt binne koart, rûch en somtiden hurd. En omdat hjir myn roots lizze, komt dat ek yn myn skriuwen.

 

Hein Jaap, wêr binne we hjir?
We steanne hjir by de sipelloads yn Sint-Jabik.

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
Doe’t ik in lyts jonkje wie, boarten wy oan de súdkant fan dizze loads. Der kaam hjir út dit lûk fia in transportbân it ôffal fan de sipels. Dat wienen foaral skilen en de lytse, net ferkeapbere sipels. En yn dy bulte fan sipelskilen boarten wy. Dy oantinkens ferjit ik net. It binne de ‘verloren jeugdherinneringen’.

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
Sint-Jabik en It Bilt hawwe absolút ynfloed op myn skriuwen. Foaral yn myn taalgebrûk. De minsken hjir yn It Bilt binne koart, rûch en somtiden hurd. En omdat hjir myn roots lizze, komt dat ek yn myn skriuwen. Ik bin faak jaloersk op skriuwers sa as Willem Schoorstra, omdat dy sa flotwei en moai Frysk skriuwt. Myn Frysk is hoekich.

Do bist ek muzikant. Wiedest lid fan ûnder oaren Wiegels Wjukkelmasine. Hearst hjir ek muzyk? Wat is koartsein de soundtrack fan It Bilt?
Dat is wikseljend. Ik bin pianist en hâld fan boogiewoogie. Dus somtiden hear ik hjir muzyk fan Rob Hoeke en syn Boogiewoogie Quartet. Mar dochs tink ik dat de blues it bêste past by it desolate fan It Bilt. De blues fan Barrelhouse bygelyks of noch better: Shakey Sam! De legendarysk Fryske bluessjonger en gitarist út Frjentsjer hat sels de lêste jierren fan syn libben wenne yn Sint-Jabik.

Moat hjir ek wat feroare wurde?
Ik hâld fan de leechte en de feroarjende loften. Hjir belibbest ek, mear as op de greiden, de oergong fan de seizoenen. Mar as hjir wat feroarje moat oan It Bilt, dan soe ik kieze foar wat mear libbenens. In bytsje mear reuring soe net ferkeard wêze. Der mei bêst wat mear toerisme yn It Bilt.

Nei de fotosesje sitte we noflik by Hein Jaap yn ‘e hûs oan de dyk nei Sint-Anne. De Weduwe Joustra stiet op tafel. We prate oer de Sint-Jabuurster band Nog Niks, Jacpop, kultheld Joop Bierma en Amsterdam. It is in oangenaam oerke en de bearenburch smakket.

As we wer yn de auto sitte, seit Paul: “Ik ha sin yn sipelsop.” We ride streekrjocht, sûnder help fan de iPhone, werom nei hûs.

 

BEBETEN IN ’T SOUT. ST.-JABIK

Op ’e slypskiif fan de tiid koier ik de reed del, ’t watertorendorp an ’e linkerhând.

Roilferkaveld de spoorhoekys, de sloaten dicht, ’t spoor niet meer de hoge lyn in ’t lând.

In de bomen ’t swarte koepeltsy fan de Groate Kerk; op de klok kyk ik niet: ’t gebillig in ’t feld is deen.

De paarse dovenetel en wit pypkruud bloeie in de wâl fan ’n droge sloat.

Op ’e skeurde booiem lait ’n stikkene skaal fan ’n aineaai, sleept út ’t nest.

’n Paar roeken, getugen fan dut skrokke foorjaar, dúkke boven de klaai fan licht skraal.

’n Witte ain fleugelslaat stil op, set de kant út fan ’t dorp onder de hoge witblauwe lucht.

Lange irpelrûgen griis opstreken seeklaai lêge recht as ’n baklat met korte geren d’r op út.

En geel, as ferkleurde herinnering beslepen deur wyn en son, fonkt koalsaad an ’e horison.

Deuze grônd geeft al eeuwen goud, ’t dorp koaningskaatsers fan mînsen bebeten in ’t sout.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.