fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Tsead Bruinja

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt 1958. De terrassen yn Amsterdam sitte grôtfol en it liket wol ‘rokjesdag’. Paul stjoert behindich syn dikke Volvo oer de drokke grachten. Toeristen springe oan ‘e kant. At ik de sjauffeur attindearje op it boerd ‘ienrjochting’ seit Paul: “Ik ha dizze rûte sa faak riden, ik bin hjir jierren koerier west en dit is de rapste wei.” Wy binne dan ek op tiid foar ús ôfspraak mei Tsead Bruinja, dichter, resinsint en skriuwer.

 

“Ik ha hjir in soad opstutsen. Troch al dy skriuwers dy’t ik hjir sjoen en heard ha is myn arkbak grutter wurden. Ik ha in assertivere manier fan skriuwen leard troch al dy eksperimentele dichters dy’t ik hjir moete. Ik doar mear op papier.”

 

Tsead, wêr binne wy hjir?
“We stean yn it teater Perdu oan de Kloverniersburgwal yn Amsterdam. Dit is in unyk teater anneks boekwinkel.”

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
“Yn dit teater ha ik yn 2003 myn earste Nederlânsktallige bondel presintearre. Dat wie foar my in hiel spesjaal momint. Ek kaam ik hjir faak om te lústerjen nei oare dichters. Yn dit teater ha ik in soad poëzy ûntdutsen. Dit is ek it plak dat romte jout oan minder tagonklik wurk. Teater Perdu hat in soad oandacht foar it alternative sirkwy. Hjir ha ik it eksperimentele wurk fan F. van Dixhoorn, Nachoem M. Wijnberg en Hannah van Binsbergen kinnen leard.”

Do hast hjir dyn bondel presintearre foar publyk mar hast ek yn it televyzjeprogramma ‘Knetterende Letteren’ akapella it ferske ‘Father Death Blues’ songen. Noait lêst fan ‘stagefright’?
“Ik wie net benaud foar myn presintaasje mar wol at der wol minsken komme soenen. Myn eangstbyld wie dat ik hjir allinne stean soe op myn eigen boekpresintaasje. Gelokkich foel dat ta. En dat sjongen yn dat VPRO-programma: ik wie net benaud om dat te dwaan, mar it wie in bytsje spannend oft it wol suver wie.”

Do hast ek in gedicht foardroegen foar keninginne Màxima by de iepening fan it Frysk Museum. Ek net nerveus?
“Nee, ik hie totaal gjin lêst fan senuwen. Ik tocht mar ien ding: in your face!”

En dyn foardracht foar Màxima siet letter sels yn De Wereld Draait Door yn it item LuckyTV!
“Ik fûn it geweldich om persiflearre te wurden troch LuckyTV. Dat is dochs moaie publisiteit. It is namlik wier: every publicity is good publicity.”

Hat dit teater ynfloed op dyn skriuwen?
“Ik ha hjir in soad opstutsen. Troch al dy skriuwers dy’t ik hjir sjoen en heard ha is myn arkbak grutter wurden. Ik ha in assertivere manier fan skriuwen leard troch al dy eksperimentele dichters dy’t ik hjir moete. Ik doar mear op papier.”

Hearst hjir ek muzyk?
“Ik hear de muzyk fan Harald K., in muzikant út Limburg. Hy sjongt yn it dialekt en hat ek op myn boekpresintaasje spile. En ik hear Gert Vlok Nel, in Sûd-Afrikaanske dichter en muzikant. As ik syn muzyk hear, moat ik altyd tinke oan de Timotei shampooreklame dêr’t san prachtich model mei lang blond hier troch in wetterfal rint.”

Do wennest yn Amsterdam mar bist ek foar twa jier beneamd as Dongera-dichter.
“Ik fyn it leuk dat se my frege ha. Omdat Dongeradiel fusearjen giet mei Dantemadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel, bin ik no drok dwaande mei in fuzjegedicht. Dat ik yn Amsterdam wenje is gjin beheining: ik kin skriuwe op ôfstân.”

 

It is spitsoere yn ús haadstêd. We wrakselje ús troch it sintrum. It ferkear stiet muorrefêst en it is in komplete gaos. Pizzakoeriers op scooters, toeristen op bierfytsen en jonge âlders mei bakfytsen botse harren in wei troch de file. Hjir jildt it rjocht fan de sterkste.

At wy de ôfslútdyk oerdaverje en by Surch Fryslân binnenstroarmje, seit de Amsterdammer njonken my wat ik tink: “No sjogge jo pas, nei sa’n dei yn 020, de romte en de rêst fan Fryslân.” En Paul hat gelyk. It is in oare wrâld. Tsead Bruinja gedijt yn beide: Dongeradiel – Amsterdam. Sa’t in resinsint earder skreau: “Tsead Bruinja is getalenteerd in het sampelen van taferelen uit diverse werelden.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.