fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Koos Tiemersma

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is in nuvere simmer. Yn de earste wiken mei swiere buien, hurde wyn en temperatueren krekt yn de dûbele sifers wie it eins oktoberwaar. En dan ynienen fan de iene op de oare dei is it tropysk. It is sa waarm dat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu mei it Nationale Hitteplan komt. It RIVM komt mei in ferrassend advys: ‘Drink water en blijf in de schaduw’. Ik hie it net betinke kinnen.

Op dizze dei ha wy in ôfspraak mei Koos Tiemersma. Skriuwer fan ûnder oaren ‘De Ljedder’, ‘It lied fan Ibis’ en ‘Einum’, winner fan de Rely Jorritsma, Rink van der Velde en de Gysbert Japicxpriis.

Koos, wêr binne wy hjir?
“We steane yn de Sweachster Mieden. Dat is de krite tusken De Westereen, Kollumersweach en Westergeast.”

 

“Einliks ha ik myn earste roman ‘De Ljedder’ hjir skreaun, sa’t hjir ek in soad fan myn lietsjes ûntstean binne. Fan de Mieden krige ik ynspiraasje.”

 

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
“As ûnderwizer belâne ik yn Kollumersweach. En al kom ik fan Frjentsjer, dit stik fan Fryslân is my dierber wurden. Ik hâld fan de stilte en rûchten fan de Wâlden. Do bist hjir oerlevere oan dysels en hast gjin ôflieding. Ik mocht graach drave en hie hjir in parkoerske fan fiif kilometer. Hearlik yn ‘e stilte. En aaisykje die ik hjir ek. It kaam wol foar dat myn frou my út it fjild helje moast omdat de baas rôp. Dan wie ik de tiid ferjitten.”

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ja. It kaam wol foar dat ik fêstsiet yn in ferhaal. Dan gie ik draven en ûnder myn loopkes waard myn kop leech en krige ik ideeën wêr it ferhaal hinne moast. Einliks ha ik myn earste roman ‘De Ljedder’ hjir skreaun, sa’t hjir ek in soad fan myn lietsjes ûntstean binne. Fan de Mieden krige ik ynspiraasje.”

Hearst hjir ek muzyk?
“Jawis. Al die ik myn loopkes nea mei in iPhone, myn holle sit altyd fol mei muzyk. Sa hear ik no Achtung Baby fan U2 mei dy magistrale The Edge, omdat ik dy plaat krekt draaid ha, sa’t ik juster The 13th Floor Elevators op hie.”

De band fan frontman Roky Erickson?
“Ja, waansinnich psychedelyske platen ha dy mannen makke. Mar ek klassike muzyk fan Sjostakovitsj of Stravinsky draai ik in soad.”

Do hast sels ek muzyk skreaun oer de Mieden.
“Dat wie mei myn groepke SKIFT. Wy ha in plaat makke mei ûnder oaren it ferske ‘Sweachster Mieden’. Doe’t wy spilen op Aaipop, dat wy Pispop neamden omdat it ien sûpfeest wie, siet VPRO-man Wim Bloemendaal yn de ‘Harksankjesseal’. Hy fûn ús skynber in aardich bandsje, want hy hat ús faak draaid op Hilversum 1.”

Moat der wat feroare wurde oan de Mieden?
“Nee! De Mieden moatte de Mieden bliuwe. Lokkich ha se de Sintrale As in ein fierderop lein. Ik spruts noch net sa lang lyn mei in boargemaster út dizze kontreien. De man sei tsjin my: ‘Is it net prachtich dat wy Dokkum ûntsluten hawwe?’ Ik wiisde him der doe op dat men der straks ek makliker wei komme kin. Sa hie er it noch net besjoen.”

Werom nei de Griedhoeke, fan De Westereen nei Easterein, fia de bouput Burgum, belâne wy yn in simmerske reinbui. Yn in wink feroarje diken yn woeste rivieren. Wy draaie de cd ‘Nije Hoed’ fan SKIFT en núnderje it ferske ‘Sweachster Mieden’:

 

Hjir stean ik dan yn it iepen fjild

Neat om my hinne dat ferweecht

De mieden lizze as in kleed

De loft stiet himelheech

Rein jout de dagen

In wiete ûndertoan

Sompige greiden

Yn in wetterlân

Soms kom ik hjir mei myn hastich hert

En ik sykje it ritme dat ik mis

Myn hier ferwaait yn ‘e noardewyn

En ik wit dat dit it is

Fier fan it jachtsjen

En alles dat ik sil

Fyn ik wat rêst

En falt myn sykjen stil

Heech as de wyn

Yn ‘e toppen fan de popelieren

Flak as de kym

Op de greppels fan de Sweachster Mieden

Heech as de loft

As de wolken dy’t yn banen driuwe

In stoarm yn ’t reid

Dy’t hjir in spoar fan wierheid leit

 

Comments
Ien reaksje oan “It plak fan Koos Tiemersma”
  1. Hilda Geux-Koopmans schreef:

    Moai ferhaal omke!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.