Hoe giet it mei jo?

Publisearre op 23 juni 2015

MONIQUE FLINKER – 

Bêste ynwenner fan Fryslân. Hoe giet it mei jo? Nee, echt. Hoe giet it mei jo? De wrâld om jo hinne feroaret hieltyd mear. Is dat in goeie ûntwikkeling of net? En wat foar ynfloed hat dat op jo en hoe’t je jo fiele?

Boppesteande fragen steane sintraal by it nije Fries Sociaal Planbureau. Ferline wike wie de lansearring fan de nije webside. De organisaasje is ûntstien fanút Partoer. Mar wêr’t dy benammen in stipefunksje rjochting gemeenten hie, is it Fries Sociaal Planbureau folslein ûnôfhinklik. It rjochtet him folle mear op ûndersyk en it monitoarjen fan nije ûntwikkelings yn ús provinsje.

Partoer bestiet fierders noch wol, mar as eigen stichting. Gemeenten kinne Partoer ynhiere foar trainings of advys. Der is gjin subsydzje mear beskikber. ,,Het is dus een commerciële stichting. Of er voldoende vraag naar is, dat moet de toekomst uitwijzen”, seit Ingrid van de Vegte, direkteur fan it Fries Sociaal Planbureau.

 

“We koppelen de cijfers aan meningen en dat plaatst het geheel in een context.”

 

Werom nei dit nije konsept. Dat moat de Friezen in spegel foarhâlde en sjen litte hoe’t it no echt mei ‘ús’ giet. Dat dogge de meiwurkers oan de hân fan trije tema’s: partisipaasje, leefberens en soarch. “Dat is inderdaad nog steeds heel erg breed”, jout Van de Vegte fuortendaliks ta.

 

Berne-opfang
Om it konkreter te meitsjen, hat Van de Vegte kontakt mei in soad minsken dy’t te krijen hawwe mei dizze trije tema’s: wenningkorporaasjes, soarchmeiwurkers, gemeenten, mar ek mantelsoargers en de NHL.

Al dizze groepen leverje data en sifers oan. Bygelyks in wenningkorporaasje jout oan hoefolle hierders sy hawwe, yn hokker ynkommenskategory dy falle, mar ek yn wat foar huzen harren hierders wenje. Dit kin wer útsplitst wurde per gemeente. “En dan kunnen wij bijvoorbeeld een koppeling maken in de vraag waarom in de ene gemeente meer mensen langer thuis blijven wonen dan in de andere. Dat heeft wellicht met de kwaliteit van de huizen te maken”, leit Van de Vegte út.

In oar foarbyld: by de offisjele iepening, ôfrûne tiisdei, presintearre Van de Vegte ek de earste útkomsten fan in ûndersyk nei de berne-opfang. Takom jier feroaret de wet en krije de Fryske gemeenten in gruttere ferantwurdlikheid as it giet om de opfang. En dus fûn it Fries Sociaal Planbureau it nijsgjirrich om hjir yn te dûken. Van de Vegte: “Wat bleek: het aantal kinderopvanglocaties is de afgelopen jaren behoorlijk gestegen, terwijl het aantal kinderen in onze provincie alleen maar daalde.”

In útkomst dêr’t de measte gemeenten fan skrokken. Se hienen gjin idee. Mar it ûndersyk giet no fierder neffens Van de Vegte. “We kijken nu wat we met deze gegevens kunnen. Is het heel erg of valt het probleem eigenlijk wel mee. Lost het zich uiteindelijk zelf op of zullen gemeenten moeten ingrijpen? Dat zijn de vragen waar we nu mee verder gaan.”

 

Motorkap
No binne boppesteande foarbylden mar in fraksje fan alle ynformaasje en sifers dy’t it Fries Sociaal Planbureau sammelet. Njonken partijen yn Fryslân helje de ûndersikers ek in soad ynformaasje by bygelyks it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) wei.

Dat al dizze ynformaasje no op ien plak sammele en ek dield wurdt, is nij foar in hiel soad organisaasjes. “Het was altijd nog een beetje wennen voor bijvoorbeeld woningcorporaties om hun gegevens vrij te geven. Maar ook bijvoorbeeld gemeenten hebben weinig weet van wat zich bij de buren afspeelt. Wij leggen die verbindingen”, seit Van de Vegte.

Dat wurk bart foar in grut part “onder de motorkap”. Sa no en dan, as in ûndersyk klear is of as de aktualiteit der om freget, komme der publikaasjes nei bûten. En lang net alle sifers wurde pubisearre op de webside fan it Fries Sociaal Planbureau. “Mensen houden niet van constant doorklikken. Wij zullen een selectie maken die we op de site zetten. Mocht later blijken dat een bepaald onderwerp heel populair is, dan kunnen we daar altijd nog wat aan toevoegen.”

Mar in twadde boarne fan ynformaasje is it boargerpanel. Dat bestie ek al ûnder Partoer, mar nei in twadde ynskriuwing begjin dit jier is de groep noch grutter wurden en is der ek in bettere sprieding yn leeftyd en wenplak.

Dizze groep sil frege wurde hoe’t sy tinke oer útkomsten fan ûndersiken en grutte ûntwikkelings yn de provinsje. “We koppelen zo de cijfers aan meningen en dat plaatst het geheel in een context”, beskriuwt Van de Vegte.

En sa moat der dan in antwurd komme op de fraach út it begjin fan dit artikel: Hoe giet it mei jo?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels