Alma-Tadema troch oare eagen

Publisearre op 3 oktober 2016

MONIQUE FLINKER – 

Mei oare eagen sjen nei it wurk fan Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). Dat is de útdaging foar 24 keunstners yn it projekt ‘Besiele troch Alma-Tadema’. Harren kreaasjes binne fan 14 oktober ôf te sjen yn Tresoar.

De ien wie al bekend mei it wurk fan Alma-Tadema, foar de oar is it ien grutte ûntdekkingstocht. Mar alle 24 dielnimmers meitsje eigen, nij wurk. Basearre op de skilderijen fan Alma-Tadema.

 

Yn har eigen ûndersyk nei Alma-Tadema – “Ik kende zijn werk eigenlijk ook niet goed” – kaam se derachter dat har foto’s eins al hiel bot oanslute by syn styl. Mar dochs makke se nij wurk. “Dat was ook de bedoeling.

 

En dat betsjut in ferskaat oan keunstwurken, dy’t fan heal oktober ôf te sjen binne yn Tresoar. Sels sil Tresoar ek wurk fan Alma-Tadema toane. Benammen wurk út syn jeugd. En syn berte-akte leit dan yn de fitrine.

Dêr om hinne hingje of steane de wurken fan 24 keunstners. Sy binne oansletten by Fria (Friese Vakvereniging voor Beeldend Kunstenaars). En dat smyt daliks in ferskaat oan keunst op: foto’s, skilderijen, bylden, etsen, tekeningen en tekstylkeunst.

Foar Saskia Wagenvoort, inisjatyfnimmer fan it projekt, is dat ien fan de moaie aspekten. “Mensen kijken allemaal anders naar het werk van Alma Tadema. Ze halen elk weer een ander aspect naar voren. Zo blazen we de kunst weer nieuw leven in.”

Sels makke se foto’s foar de eksposysje yn Tresoar. Se ljochte de froulju út, ien fan de weromkommende tema’s yn it wurk fan Alma-Tadema. “Hij belichtte graag vrouwen en hun schoonheid. Dat heb ik in mijn foto’s ook gedaan. Maar waar ik normaal in mijn werk ook de vergankelijkheid laat zien, heb ik dat hier weggelaten. Dat paste niet in het thema.”

Ien fan de froulju op de foto’s fan Wagenvoort draacht in jurk, mei dêrop ôfbyldings fan de skilderijen fan Alma-Tadema. It is dizze foto dy’t ek it úthingboerd fan de eksposysje wurden is.”We hebben eerst overwogen om, net als het Fries Museum, een deel van een schilderij van Alma-Tadema te gebruiken. Maar dat zou te veel op elkaar lijken. Het Fries Museum toont komende maanden het werk van Alma-Tadema zelf. Wij lieten ons inspireren. Dat is wat anders”, ferklearret Wagenvoort.

It projekt ûntstie foar de simmerfakânsje. Wagenvoort is lid fan in platfoarm, dêr’t bedriuwen, ynstellings en ûndernimmers út Ljouwert yn sitte. “We proberen aan te haken op gebeurtenissen in de Stad. Net zoals vorig jaar, toen Leeuwarden Hoofdstad van de Smaak was. Toen hebben we ook een dergelijke expositie gehad. Dat leek ons met Alma- Tadema in het Fries Museum inspirerend om nog eens te doen.”

De animo wie grut, fynt Wagenvoort. “Van de 40 kunstenaars van Fria doen er 24 mee.” Se is dan ek benijd nei de risseltaten, want noch net alle keunstners binne klear. “Ik weet bijvoorbeeld van Wim Reimert, beeldend kunstenaar, dat hij zich focust op de interieurs en de ruimtes die Alma Tadema graag schilderde. Door Wim’s achtergrond in de natuurkunde en wiskunde spreekt vooral de geometrie hem erg aan.”

Wat fierder opfalt, is de sfear yn it wurk fan Alma Tadema. In soad kleur en ljocht. “Hij gebruikte veel daglichtkleuren. Dat geeft een zachte uitstraling. Het is bijna romantisch te noemen”, fertelt Wagenvoort.

Yn har eigen ûndersyk nei Alma-Tadema – “Ik kende zijn werk eigenlijk ook niet goed” – kaam se derachter dat har foto’s eins al hiel bot oanslute by syn styl. Mar dochs makke se nij wurk. “Dat was ook de bedoeling. Er zijn wel kunstenaars die ooit al iets hebben gemaakt dat hier goed bij paste, maar iedereen maakt ook nieuw werk.”

De titel yn it Frysk is ‘Besiele troch Alma-Tadema’. De Nederlânske fariant is ‘Verleid door Alma-Tadema’. Wagenvoort: “Als ik eerlijk ben, vind ik de Friese titel persoonlijk net iets mooier. Hij komt wat krachtiger over.”

De eksposysje is fan 14 oktober 2016 oant en mei 5 febrewaris 2017 te sjen. Hast fjouwer moannen. “Dat is behoorlijk lang voor een gratis tentoonstelling”, jout Wagenvoort ta. “Maar nu loopt het gelijk met de expositie van Alma Tadema in het Fries Museum en dat is wel zo mooi.”

En dat komt goed út, want der binne al ideeën om de eksursjes foar skoallen nei Alma- Tadema yn it Fries Museum út te wreidzjen mei in besite oan Tresoar. “Dat zou natuurlijk fantastisch zijn”, hopet Wagenvoort.

 

Besiele troch AlmaTadema – 14-10-16 o/m 05-02-17. Op snein 30 oktober is it Kulturele Snein yn Ljouwert. Tresoar is dan ekstra iepen fan 12 oant 17 oere. De tagong foar Besiele troch AlmaTadema is fergees.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels