Kulturele Haadstêd: in ultramaraton

MONIQUE FLINKER –

Noch minder as twa jier foar de start fan Kulturele Haadstêd en de grutte linen wurde lang om let sichtber. Ein maart krigen de oarspronklike bidbookprojekten definityf in grien of read ljocht. “We zijn de bidbookfase nu echt voorbij. We moeten nu gaan bouwen aan het programma.”

It nije ûnderkommen fan Kulturele Haadstêd, yn de eardere smederij yn de Blokhúspoarte, is miskien wol hast symboalysk foar it projekt KH2018. “De Blokhuispoort is in ontwikkeling, er gaat hier nog veel verbouwd worden. Zo moet je Culturele Hoofdstad eigenlijk ook zien. Maar als het stof straks is neergedwarreld, staat er een mooi eindresultaat”, fertelt artistyk lieder Lieven Bertels.

 

“We zijn de bidbookfase nu echt voorbij. We moeten nu gaan bouwen aan het programma.”

 

Hy lûkt sûnt begjin dit jier de karre fanút Ljouwert. Dêrfoar wie er noch drok by syn foarige opdrachtjouwer, it Sydney Festival. Al wol er net delsetten wurde as foarman. “Ik ben eigenlijk op een rijdende trein gesprongen. We zitten hier met een groep mensen die er soms al vanaf het prille begin bij betrokken zijn. We moeten er met zijn allen iets moois van maken.”

Al hâldt dat ‘mei syn allen’ net yn dat alle projekten dy’t foar it bidbook betocht wienen, ek trochgeane. It is inherent oan dit soart grutte projekten, seit Bertels. Dat wol net sizze dat er it net pynlik fynt. Je moatte troch dizze fase hinne, wit er.

 

Túnkjen
De organisaasjes krigen ein maart op in gearkomste te hearren oft harren projekt trochgie. Guon fûnen dat oan de lette kant. Ek wie der net by eltsenien begryp foar de besluten dy’t naam binne. Bertels: “We hebben er op die bijeenkomst met zijn allen over gepraat. Schrappen is nooit leuk, maar we konden niet alles. Het is goed geweest dat we dit in zo’n bijeenkomst hebben besproken.”

Hy soe it fergelykje wolle mei túnkjen: “We hebben in het bidbook allemaal loten (projecten) uitgezet. Nu is het tijd om ze in de tuin te planten en te laten groeien. Maar daar is ruimte voor nodig en dat betekent dat niet alle loten gebruikt gaan worden.”

 

“De tijd van ouderwetse sponsoring is geweest. Er is geen bedrijf meer dat blind geld overmaakt in ruil voor een logo bij de ingang.”

 

De kar wat wol en net jild krijt, wie in dregen ien. Der waard sjoen nei de grutte, de impact, it neilittenskip. En fansels nei it finansjele aspekt. “Een interessante kant van het verhaal”, seit Bertels hjiroer. Njonken subsydzjes fan grutte partijen lykas provinsje en gemeenten, is Kulturele Haadstêd ek ôfhinklik fan sponsoaren. It bedriuwslibben. “De tijd van ouderwetse sponsoring is geweest. Er is geen bedrijf meer dat blind geld overmaakt in ruil voor een logo bij de ingang.”

Wat Bertels en syn kollega’s wol besykje, is bedriuwen yn kontakt te bringen mei de minsken achter de projekten. Grut en lyts. En sjen hoe’t de bedriuwen de projekten op in praktyske basis stypje kinne. Dat bringt in soad kennis en kunde mei him mei, en besparret de projekten kosten.

Want njonken de 45 grutte projekten, moat der yn 2018 noch folle mear te sjen, te hearren en te belibjen wêze yn Fryslân. “We hebben drie schillen”, beskriuwt Bertels. “De kernprojecten, uit het bidbook, een open programma en de mienskipsprojecten. Dit zijn initiatieven van lokale verenigingen, clubs of dorpen.”

 

Ferkearslieder
Dy trije skillen moatte rjochting 2018 meiïnoar ferfloeie. En dêr leit de taak fan Bertels, sa seit er sels. Der moat dat jier in programma stean fol ôfwikseling, mei grutte publykslûkers, mar ek mei moaie, lytse inisjativen. Dy moatte ferdield wurde oer de provinsje, oer it tema, oer it soart aktiviteit en oer de tiid yn it jier dat it plakfynt.

“Het is eigenlijk net als in het voetbal. Ik kan enorm genieten van een wedstrijd van mijn zoontje, een match van een Nederlandse of Belgische topclub, maar het is ook fantastisch om een keer naar een Europese topper te gaan.” Dy trije nivo’s moatte weromkomme, seit er. Yn in goede miks, sûnder dat ien fan de trije fuortfalt. “Je zet ook niet ineens het amateurvoetbal een jaar ‘op hold’ vanwege het Europese voetbal.”

En hoewol’t Bertels as artisyk lieder ferantwurdlik is foar de ynhâld, jout er in soad frijheid en ferantwurdlikheid oan de projektlieders sels. Sy moatte derfoar soargje dat harren ûnderdiel der yn 2018 stiet. “En dat is best spannend, om de teugels zo te laten vieren”, jout Bertels ta.

Want bygelyks yn Sydney hie er folle mear de rezjy. “Ik was daar meer een soort verkeersleider. Alle auto’s (projecten) stonden klaar en ik moest ze naar hun plek dirigeren. Dat is hier anders. Ik voel me meer een facilitator.”

 

“Het is goed om te zien dat zelfs in deze tijd van email en internet, de mooiste dingen nog steeds ontstaan tijdens een goed gesprek boven een kop koffie.”

 

Kop kofje
Dat betsjut neffens him de iene kear dat er immen helpt mei it meitsjen fan in planning, de oare kear mei de rjochting dêr’t in projekt hinne moat. Dat hâldt yn dat der in soad praat wurdt. En dat is moai, fynt er. “Het is goed om te zien dat zelfs in deze tijd van email en internet, de mooiste dingen nog steeds ontstaan tijdens een goed gesprek boven een kop koffie.”

De organisaasje sels hat ek geregeld kontakt mei de sjuery. Net allinnich om te sjen oft se noch hieltyd foldogge oan de betingsten foar de nominaasje, mar ek foar tips en advys. “Er zit daar enorm veel kennis wat betreft het opzetten van projecten als Culturele Hoofdstad”, seit Bertels. Sa hienen hy en syn kollega’s in geweldich ‘Oh ja-momint’ doe’t de sjuery harren advisearre goed te tinken om de ferbining tusken KH2018 en de toeristyske regio. “Gelukkig loste dat zich vanzelf op toen Martin Cnossen aan de slag ging bij Merk Fryslân. Hij is bekend bij en met Culturele Hoofdstad. We werken nu ook veel nauwer samen op dit gebied.”

 

Beweging
En dat moat ek, want yn minder as twa jier giet Kulturele Haadstêd echt los. Bertels wol begjin takom jier presys witte wat allegear definityf slagget en hoe it derút komt te sjen. “We zijn de bidbookfase echt voorbij. We zijn volop in beweging en gaan nu echt de planfase in. Het moet echt concreet gaan worden.”

 

“We moeten nu al de samenwerking zoeken, zodat er na 2018 – het feestjaar – nog een sterk festivalprogramma overblijft. Het is een langetermijn-denkoefening.”

 

En dêrmei kinne Bertels en syn kollega’s dan ek ‘de boer op’. Sichtber wurde, wat oant no ta neffens guon minsken noch net goed genôch dien wurdt. “We willen eerst het programma rond hebben. Dan kunnen we er reclame voor maken.” As ambassadeurs nei bûten trede en sjen litte wat Kulturele Haadstêd te bieden hat.

It is in ultramaraton, wit Bertels út ûnderfining. 2018 wurdt in jier dêr’t er dei yn, dei út drok mei is. En as alles dan goed rint, geane je fan hichtepunt nei hichtepunt, foarseit er.

 

Legacy
En dan is dêr de ein fan feestjier 2018. Ien fan de wurden dy’t faak falt by Kulturele Haadstêd, is de legacy, it neilittenskip. Hoe komt it dêrmei? “Ook dat komt op verschillende vlakken. Meest zichtbaar op dit moment is natuurlijk het project met de fonteinen. Dat is een zichtbare erfenis van Culturele Hoofdstad”, seit Bertels. Mar ek op bygelyks it mêd fan festivals moat der nei 2018 noch wat te belibjen wêze. Guon organisaasjes, tink oan it UIT-festival of it Straatfestival, hawwe krityk hân op de subsydzjeferdieling en hawwe noed oer harren takomst. Dat is net de bedoeling, seit Bertels. “We moeten nu al de samenwerking zoeken, zodat er na 2018 – het feestjaar – nog een sterk festivalprogramma overblijft. Het is een langetermijn-denkoefening.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.