Sinjalemint
Publisearre op 25 januari 2017
Alle dingen om ús hinne hawwe in skiednis. Meastentiids binne wy der net mei dwaande. De waan fan ‘e dei is sterker as dat wat achter ús leit. Yn syn essee by syn twadde oersetting fan Tolkien komt Liuwe Westra telâne by de tuorren fan Fryslân. Se binne sichtber yn it lânskip as symboalen fan religy en macht, mar faak witte wy net wa’t se betocht en boude.
Yn 2011 ferskynde it earste boek The Fellowship of the Ring fan The Lord of The Rings yn oersetting fan Westra en yn novimber foarich jier ferskynde it twadde boek, The Two Towers. Syn essee Twa Tuorren yn Fryslân. In essay oer talen, oersettings en ferbylding is in taljochting en feranwurding by dy twadde oersetting.
It essee set oan om op ‘e nij nei te tinken oer it belang fan oersettings. Oersettings geane net allinne oer taal, mar litte likegoed wat sjen oer hoe’t wy ús eigen tiid en wrâld ûnderfine.
Al yn it begin fan syn essee yntrodusearret er in kaawurd as it giet om syn wurk: hy wol byld oersette. As oersetter wol er net allinne de wurden nei it Frysk oersette, mar ek de bylden en ‘dêrby giet it net inkeld om ’e fraach wat de oersetting docht mei it ferhaal, en dus ek de oersetting nei Fryske bylden en nei in Frysk lânskip, mar tagelyk wat wysels oan it dwaan binne as wy oersette, en wat de oersetting docht mei ús.’
Want as Westra oerset, dan wol er net allinne de taal nei him tahelje, mar ek alles wat by dy taal heart. Nije perspektiven ûntsteane op de tekst en dêrmei ek by de oersetter. Sa begjint Westra nei te tinken oer de ferskillende skiednissen fan de tsjerktuorrren om te sjen hoe’t er de ferskillende tuorren by Tolkien oersette kin nei de Fryske situaasje ta.
Yn it essee fan Westra binne mear nijsgjirrige saken te finen as it giet om oersetten. It essee set oan om op ‘e nij nei te tinken oer it belang fan oersettings. Oersettings geane net allinne oer taal, mar litte likegoed wat sjen oer hoe’t wy ús eigen tiid en wrâld ûnderfine. Ommers, The Two Towers fan Tolkien kinne oeral stean. En dat ynsjoch is miskien wol wichtiger as oait no’t der oan de oare kant fan de oseaan in presidint yn in gouden toer in grut lân bestjoert.
Wa’t it essee lêze wol, kin Liuwe Westra in mail stjoere.
Kategory
Tags
Albertina Soepboer, essee, Liuwe Westra, The Fellowship of the Ring fan The Lord of The Ring, Tolkien
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]