Fan God los

Publisearre op 21 augustus 2017

PIER BERGSMA – 

Goed in jier lyn, op freedtejûn 13 novimber 2015, waarden yn teater Bataclan 130 minsken deasketten troch striders foar de wiere islam. In dei letter waard yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing hâlden mei as konklúzje dat de tsjerkegong yn Fryslân al jierren weromrint. God hat it blykber net oeral foar it sizzen.

Quézac is in lyts doarp yn Súd-Frankryk oan de râne fan de Cevennen. De namme fan it doarp is bekend troch it wetter dat der djip út de grûn helle wurdt, want ‘l’eau minerale naturelle Quézac’ wurdt yn in soad Frânske ‘supermarchés’ yn flessen fan 1,15 liter ferkocht. Lykas yn alle doarpen stiet der in tsjerke. Yn it ferline wie de âlde doarpstsjerke moarns betiid al iepen. Doe’t ik der in pear jier lyn fan de camping ôf wer hinne fytste, wie er ticht. Hy wurdt net mear brûkt. Tsjinsten wurde yn oare doarpen hâlden, ek net mear eltse snein en ek net yn elts doarp. De katolike ynwenners fan Quézac hawwe mear betrouwen yn de ekonomyske krêft fan harren wetter as yn God en Syn tsjerke.

 

Foarme eartiids de godstsjinst de grûnslach foar moraal, tsjintwurdich is it oarsom en dêr wurdt it net minder fan.

 

Yn Frankryk is God foar in grut part ferdwûn, net allinne út it libben op snein, mar ek út it deistich libben. Lykas by ús. De tiid dat de Katolike Radio Omrop op saterdeitejûn mei it Ave Maria “Wij luiden de zondag in” presintearre, leit efter ús. Hat dat te krijen mei de yndividualisearring fan de maatskippij, om mei it Friesch Dagblad te sprekken: “Structuur kerkelijk leven niet meer van deze tijd” (FD 16 novimber 2015)? Wa wit. De haadsprekker fan de Schurerlêzing, Liuwe Westra, sei it sa: “De tsjerketsjinst sa’t wy dy kenne, is in goed konsept. Mar it giet der net om oft it konsept al of net goed is, it giet derom oft de tsjerke dêrmei yn ’e mienskip funksjonearret. En it grutte punt is: dat is net mear sa. De minsken dy’t dêrfoar komme, dy’t foar soks byinoar komme en derhinne wolle, foarmje al in hieltyd lytsere groep. Mar de minsken dêrbûten lit dat kâld en dat sjoch ik net feroarjen. Dan sil de tsjerke hjir bliuwe, dan sille wy dingen dwaan moatte dêr’t minsken al foar komme wolle, dêr’t se waarm foar rinne”.

De Schurerlêzing fan saterdei 14 novimber 2015 hie as ûnderwerp: “De takomst fan de tsjerke yn Fryslân”. De LC iepene der sels mei op tongersdei 13 novimber mei as stien yn de fiver: ‘Dominee: “Schrap kerkdienst”.’ Moai foar de pr fan de lêzing, dy’t elts jier troch de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei Tresoar en it HCL organisearre wurdt. Der wienen in soad minsken.

 

Alle talen lykweardich
Beide sprekkers, sawol teolooch Liuwe Westra as sosjolooch Piter van der Plank, kamen mei harren fisy en beiden gyngen yn op de wichtige ferhâlding tusken taal en leauwen. Piter van der Plank: “Taal en godsbegryp foarmje in net te skieden ienheid. De talmûdisten, Joadske bibeleksegeten, geane derfan út dat God, de Ivige, Himsels en Syn skepping yn Syn taal iepenbieret. En dy taal is Aldhebriuwsk. Dat is de earste taal, dêr’t alle oare talen letter út ûntstien binne. Mar as ferfoarmingen. De oare talen dêr’t Syn Wurd yn oerset is, jouwe Syn bedoelings dus net mear wer yn krekte sin. En dat wurdt nochris dúdlik yn ’e bibelskiednis mei as metafoar de toer fan Babel, dy’t seit, dat men, as men God en Syn oanwizings net mear folgje wol, mar Him benaderje wol yn jins eigen taal, men ôfsluten rekket fan de boarne. Dan ûntstiet babbal en dat is it Hebriuwske wurd foar betizing. Dêrom hâlde talmûdisten harren sûnt oardeltûzen jier oan de Hebriuwske tekst as de iennige suvere boarne. Dêr kaam oan ’e ein fan de 18de iuw de filosoof en filolooch Herder tsjin yn ferhef, mei in tsjinoersteld útgongspunt: nammentlik dat álle talen Gods lykweardige skeppingsfoarmen binne en ûnderskiedene wegen geane nei Syn iepenbierings”.

In oar aspekt fan de ferhâlding tusken taal en leauwen kaam spitigernôch by beide sprekkers net oan bar. Minsken binne ommers de ienige dieren dy’t taal net allinne brûke om te ferwizen nei besteande dingen, mar dy’t harren kommunikaasje en taal ek brûke om te ferwizen nei dingen dy’t men net beetpakke kin, lykas freonskip en leafde. Boppedat hawwe minsken mei taal it fermogen om dingen te betinken en te beneamen dy’t yn wurklikheid net besteane, lykas kabouters, elven of heksen. Agnosten en ateïsten sille God yn dat rychje opnimme. Nei harren oertsjûging binne de Bibel en de Koran fan begjin oant ein literatuer en troch minsken betocht.

Dat de Bibel troch minsken betocht is, wie de oertsjûging fan de Joadske filosoof en linzesliper Baruch de Spinoza. Op 27 july 1656 waard tsjin him in banflok útsprutsen fanwegen syn ketterske opfettingen. Dat soe ommers liede ta ateïsme en fatalisme. Hy waard útstjitten út syn Joadsk-Sefardyske mienskip en ferhuze nei Rijnsburg. Spinoza is yn de moade. In skoftke lyn waard der yn debatsintrum De Rode Hoed yn Amsterdam in sympoasium hâlden oer him en dy banflok. Kin dy werroppen wurde, wie in wichtich tema fan it debat. Dat skynt net te kinnen, neffens de gelearden.

 

De grûnslach foar moraal
De opfettingen fan Spinoza binne aktueel en like gefaarlik as doe, alteast yn de eagen fan dy leauwenden dy’t de hillige boeken letterlik nimme. Bygelyks de striders fan IS (Islamityske Steat), dy’t har basearje op de wiere islam en dat betsjut ûnderwerping oan de wetten fan Allah. It is de islam sa as dy beliden wurdt yn bygelyks Saûdy-Arabië. Neffens in ûndersyk is 72% fan de befolking yn dat lân fan betinken dat de iennige boarne foar wetjouwing de Koran wêze moat en 27% tinkt dat de Koran wichtich is. Sels yn in liberaler lân as Tunesië binne dy sifers 24% en 67%. (Boarne: ‘Skeptic’ volume 20 number 1, 2015). Sifers oer de positive hâlding oangeande earwraak, deadzjen fanwege seks bûten it houlik of troubrek binne navenant heech yn Pakistan en oare moslimlannen. Ek al kinne wy der net alhiel op oan dat minsken yn sokke lannen sizze wat se werklik miene, dan noch wenje der kloften dy’t har liede litte troch de Koran en de sharia wêrby’t op tal fan plakken oproppen wurdt om ôffalligen of net-moslims de kop ôf te slaan of op in oare wize dea te meitsjen of te skeinen. Dat betsjut dat ûnleauwigen mei alle middels bestriden wurde moatte. Dêr binne wy moai klear mei.

Foarme yn de tiid fan Spinoza de Bibel of de Thora yn Europa de grûnslach foar moraal, tsjintwurdich is dat gelokkich net mear sa. It is earder oarsom en dêr wurdt it net minder fan. Want witte wy eins wol wat God ús foarskriuwt? “Elke ketter hat syn letter”. Moatte wy lykas Abraham ree wêze om ús eigen bern op de brânsteapel te lizzen at God dat freget: “Hy (God) sei: Nim dyn soan mei, dyn iennichste, dy’tsto leafhast, Izaäk en gean nei de kontreien fan Moria. Dêr moast him as in brânoffer bringe.” (Genesis 22: 2), of moatte wy it goed fine dat folken lykas de Filistinen, Amalekiten, Moabiten en wit ik wa noch mear útmoarde waarden yn Syn namme?

Dy Abraham sil net echt bestien hawwe, it is in literêr betinksel, mar dat docht neat ôf oan it idee dat derefter stekt. Nammentlik dat jo dwaan moatte wat God fan jo freget. De teologen fan tsjintwurdich, at se no kristen, moslim of Joadsk binne – se kenne alle trije it ferhaal – hawwe it der net maklik mei. Se komme meastal mei it sloppe ferwar dat God op it lêste stuit yngrypt, want Hy freget gjin minske-offers. “O nee?”, sis ik dan tsjin sokke prekers: “Hy hat yn grutte wysheid Syn eigen soan Jezus oan it krús stjerre litten ta fersoening fan ús sûnden”. Sjoch bygelyks it brief oan de Efeziërs haadstik 1: 7: “Yn Him hawwe wy de ferlossing troch syn bloed, de ferjouwing fan ús sûnden”. Ik bedoel mar. Wat moatte wy mei sokke healwize ferhalen? Jo soene as teolooch sizze kinne dat Abraham yn ús tiid yn it gekkehûs opsluten wurde soe. Mar dat dogge se net, want hja binne benaud om har oan kâld wetter te brânen.

In aardich foarbyld dêrfan makke ik mei yn Sèvres. Yn dy foarstêd fan Parys waard begjin desimber 2005 in kongres hâlden nei oanlieding fan 100 jier ‘laicité’, it wie nammentlik op 9 desimber 1905 dat yn Frankryk de skieding tusken tsjerke en steat yn de wet fêstlein waard. Der wienen minsken út heel Europa en foargongers – allegearre manlju – fan de katolike, de moslim- en de Joadske mienskip fan Frankryk. Ik wie der as iennige Nederlanner. Yn ien fan de diskusjes koe ik net litte dat frjemde ferhaal fan it offer fan Izaäk oan de oarder te stellen.

(Yn de Koran is in oare ferzje, mar dat makket foar it eigenlike ferhaal net safolle út). Der kaam gjin inkele reaksje fan de gelearde foargongers.

Sa binne der genôch foarbylden te betinken út it Alde Testamint, mar ek út it Nije, dêr’t wy no neat mear mei kinne. Myn frou is my net mear “ûnderdienich” om mei Paulus syn rie te sprekken (Efeziërs 5: 22-24). Boppedat hawwe de Koran of de Bibel noch gjin begjin fan in antwurd op de problemen fan de hjoeddeiske wrâld. Mei oare wurden: it is mar goed dat wy wetboeken hawwe dy’t godstsjinst yn de stringen hâlde kin, alteast yn de westerske wrâld.

 

It is gjin hantlieding foar in Ikeakast
Om mei de wurden fan Stéphane Charbonnier te sprekken: “Jo moatte wol heel nayf wêze om de teksten dy’t oan de basis fan alle grutte godstsjinsten lizze letterlik te nimmen en folslein jo ferstân ferlern hawwe om yn praktyk te bringen wat se útdrage. Koartsein, it probleem is net de Bibel of de Koran, mar de leauwenden dy’t de Koran of de Bibel lêze lykas ien dy’t de gebrûksoanwizing lêst foar it ynelkoar setten fan in Ikeakast”. Charbonnier wie ien fan de sân slachtoffers fan de oanslach op it satiryske tydskrift Charlie Hebdo. Op 16 april 2016 kaam postúm syn “Lettres aux escrocs de l’islamophobie qui font le jeu des racistes” út, ûndertusken yn ús lân ûnder de titel “Brief aan de huichelaars die het racisme voeden”.

Sa tocht Charbonnier en tinke in soad Nederlanners. It kin ek oars. Oer âld-minister fan útlânske saken Ben Bot lies ik koartlyn dat er yn ien fan de moslimsteaten yn it Midden-Easten de minskerjochten op it aljemint brocht hie. Mar de politikus hie syn antwurd klear: ‘Jimme hawwe wetten dy’t troch minsken betocht binne, mar wy hawwe de wetten fan God’. Dan hâldt it op, neffens Bot.

 

De tsjerke hâldt in wichtige funksje foar de minsken dy’t der komme.

 

Yn 1967 skreau teolooch Van Ruler: ‘Waarom zou ik naar de kerk gaan’. Hy komt yn syn boek ta 21 antwurden fan ‘gewoante’ oant ‘om meielkoar te sjongen en te bidden’. Ek foar de hichte- en djiptepunten yn it libben, foar it netwurk, neisteleafde of it moetsjen fan God, om in pear foarbylden te neamen. Liuwe Westra ferwurde it sa yn syn lêzing: “… mar as wichtichste: as ynspiraasje foar it deistich libben, de wei nei de God en Heit fan ús allegearre. It boadskip fan goed en kwea bliuwt in frjemd lûd dat ús hieltiten wer fan bûtenôf besiket te berikken. Wy moatte it dus net nuver fine, as dat yn lytse groepkes ferteld wurdt en hieltiten op ’en nij wer útfûn wurdt wat it konkreet foar ús, hjoed en hjirre betsjut”.

In oplossing foar de hieltyd lytsere tsjerke is der net. It spilet net allinne yn ús lân en yn Quézac, mar oeral yn Europa. Fan de 21 redenen dy’t Van Ruler noch betinke koe, binne der foar de minsken fan dizze tiid net in soad mear oer, útsein de hichte- en djiptepunten en fansels de wichtige funksje dy’t de tsjerke noch hat foar de lytse mienskip dy’t der komt. De minsken leauwe it wol, of just net mear, want it seit himsels dat de measten net mear leauwe lykas eartiids.

Ik sjoch betiden mei ôfgrizen nei wat derfoar yn it plak kaam, lykas meters planken yn bibleteken en boekhannels mei esotery. Minsken leauwe wier de gekste dingen en dat is faak minder ûnskuldich as it leauwen fan Frânsen yn de sûnens fan flessewetter yn harren hypermarchés.

Yn de diskusje nei ôfrin fan de Schurerlêzing waard troch ien yn de seal ponearre dat wy sûnder tsjerke of God net op it goede spoar bliuwe. Der kinst tsjinyn bringe dat religy net allinne oanset ta goedens, mar likegoed ta kwea. Sa as wy in dei foar de Schurerlêzing mei de oanslaggen yn Parys ta ús ôfgrizen seagen. Neffens ien fan de nûmers fan Charlie Hebdo soe de leafde sterker wêze as de haat, mar dat jildt grif net foar de islamofassisten fan de oanslaggen yn Parys.

In fêst betrouwen op God as almachtige of it leauwen yn in libben nei de dea is út it sicht rekke. Ek dat spilet mei by de weromgong fan de tsjerke. Dat is al yn gong set by Spinoza,

dy’t fan betinken wie dat de boppenatuer net bestiet. Neist de al neamde yndividualisearring fan de maatskippij is dat yn ús lân en yn Frankryk in wichtige oarsaak fan it weromrinnen fan de tsjerkegong. Tiden hawwe no ienris tiden. Mar dat dêrmei libbe wurdt “sûnder God of gebod”, dat wol der by my net yn. Minsken hâlde gelokkich harren fermogen ta ferbylding, ta freonskip en leafde ek sûnder dat God har út de hichte wei op de fingers sjocht. Miskien is it wol sa dat wy, om net ‘fan God los te reitsjen’ ús leauwen yn in God loslitte moatte.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels