Fioelen as sirenen

LIUWE H. WESTRA – 

It is al wer in hiel hoart lyn, Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink. It súkses, de priis, de toernee, wy witte it allegear. Wat ik yn dit essay dwaan wol, is omtinken freegje foar in blyn plak yn ’e krityk. Ik sis fuort, dat it gjin dwaan allyk wêze soe om alle resinsjes of oare besprekkerij fan dit boek te sammeljen en troch te wrotten. It soe ek ferfeelsum wurde, want yn alle jûchhei haw ik gjin serieuze wanklank fernimme kinnen (útsoarte op ’e te ferwachtsjen soere réaksjes nei út ‘swiere’ tsjerklike fermiddens). Mar nei it boek sels binne in bondel literêre essays, ien mei téologyske opstellen, en twa beskriuwingen (ien nij, ien werútjefte) fan it godstsjinstige fermidden dêr’t heit Siebelink (de ynspiraasjeboarne foar de haadpersoan) mei anneks west hat, en dat jout meiinoar wol in yndruk wat dizze roman losmakke hat: sjoch it listje hjirûnder.

It is al wer in hiel hoart lyn, mar ik wit it noch: al dy minsken mei in ûngewoan earnstige blik yn ’e eagen dy’t my te pas en te ûnpas eefkes fansiden gebearten om my goedbedoeld te ûnderstean: “Domeny, jo hawwe dat boek fansels ek lêzen fan Siebelink! No, dan hoech ik jo neat te fertellen…” Dat diene se dan ek net, mar it moaie wie, dat sa dochs in gefoel ûntstie fan in serieus petear oer it leauwe en in net langer te negearjen eigen miening oer it tsjerklik bedriuw, dêr’t de hoeder en learer no dochs mar rekken mei te hâlden hie.

Ik haw my fernuvere oer de jubel oer Siebelink syn roman.

Wat bart hjir? De resepsje fan ’e roman fan Siebelink lit sjen, dat it tema ‘wat it leauwen mei minsken docht’ in gefoelich stee rekket by in protte minsken. Lju fine it wichtich, ja suver in befrijing, dat deroer skreaun wurdt wat godstsjinst mei minsken docht. De auteur hat sels ek by ferskate gelegenheden mei safolle wurden útsprutsen, dat it him dêrom giet. As jonkje fan sân jier fielde er de benearing, de ôfstân, de kjeld en de ûnmacht dy’t in al te ûnberoaid en ûnbehindere foarm fan religy útwurkje kin. Dat gefoel hat er beskriuwe wollen, en dy yntinsje is oerkommen. Mar is de beskriuwing ek slagge?

Ferskate auteurs hawwe al omtinken frege foar it feit, dat Siebelink syn foarm fan godstsjinst, alteast sa’t hy dy beskriuwt, nei alle gedachten nea werklikheid west hat. Dêr wurdt dan wer foaroer steld, dat de auteur in roman skreaun hat, fiksje, en men ek net om histoaryske werklikheid sykje moat. Folle fierder komt it petear yn ’e regel net. Wêrom net?

Ik haw my fernuvere oer de jubel oer Siebelink syn roman. (Dat wol sizze, doe’t ik my derta sette koe om him te lêzen. Wat dat oanbelanget ûnderstreekje ik graach de útspraak fan Thomas à Kempis: Mij safolle mooglik it drokke gewoel fan ’e minsken.) Benammen oer de literêre jubel. Wie dizze man dan altyd sa’n grut literator? Haw ik wat mist? Nee, wol ’k leauwe. De wrâld fan Siebelink is in fiktive wrâld, mar ek in wûndere wrâld. In wrâld fol ynkonsekwinsjes en ûnwerskynlikheden. Lit my in pear foarbylden neame.

Twa persoanen wikselje kriptyske omskriuwings út, en der is in suggestje fan djipgong. Mar giet it ek earne oer?

De haadpersoan, Hans Sievez, rint fan hûs fuort, de wide wrâld yn. It ferhaal spilet yn Nederlân tusken de beide Wrâldoarloggen. Koe in opslûpen jonge doe út Lathum by Arnhim him samar yn De Haach festigje, sûnder dat plysjes of oare gesachsdragers dêr fragen nei stelden? As de heit wier sa’n tiran wie, wêrom lit dy him net opspoare?

Krekt as eltse puber hat Hans in stille leafde. Op in gegeven stuit reizget er nei syn bertedoarp werom, en siket er har op. It docht bliken, hja koe him al dy jierren ek net by har wei krije. Romantysker (en makliker) kin it hast net. Mar it toppunt krije wy, as it jonge pear yn ’e jierren ’30 (krisis!), noch foar har trouwen, in lape grûn keapet om in túnkerij te begjinnen. It famke, Margje, hat spesjaal ta dat doel jild oergarre (sûnder kontakt mei har oansteande frijer – moatte wy oan telepaty tinke?), en tegearre kinne se it krekt bestuiverje. De fraach wurdt net steld, op wa syn (of har) namme oft de transaksje komt (de suggestje is, fan harren tegearre – mar dat is as de twa noch net troud binne, fansels ûnmooglik). Wol krije wy te hearren, dat it bestimmingsplan gjin swierrichheden jout. Wêr’t it foar dy tiid gigantyske bedrach weikomt, bliuwt in riedsel. (Foarsafier’t ik neigean kin, hat inkeld Elsbeth Etty yn har bydrage oan ’e bondel En had de liefde niet op dizze nuvere gong fan saken wiisd. Mar se ferbynt der gjin literêre konsekwinsjes oan.)

Lykas bekend, it giet nei in entûsjast begjin net sa bjusterbaarlik mei de túnkerij. Gauris wurdt neamd, dat de ûnkosten heech binne, en de fertsjinsten minimaal. Dat kin fansels hiel goed wêze. Mar wat net kin, is dat sa’n tastân jierren, nee tsientallen jierren, konstant bliuwt. Hielendal konstant bliuwt it dan ek net. Lang om let stiet it wetter de ûndernimmershúshâlding sa bot oan ’e lippen, dat besletten wurdt om in skealik hoekje grûn, dat inkeld brûkt wurdt ta kompostearjen fan túnôffal, oer te dwaan oan in buorman dy’t dêr in sin by hat. De priis dy’t er jaan wol is al ûnwerskynlik, mar is neat by wat dêrnei komt. Buorman brûkt dat skiterige lapke (hoefolle kin it wêze? de hiele túnkerij is mar krekt in pûnsmiet – meskien in pear tsientallen kante meter?) brûkt om – jo lêze it goed – in golfslachbad op te setten, mei dêrby in bar.

Earlik is earlik, hy brûkt ek wat fan syn oarspronklike tún. Sels derfan útgeande dat it in rejale tún is (fillawyk yn Felp, foaruit), dat it bestimmingsplan soks allegear talit, en dat de gemeente in alkoholfergunning ôfjout, dan noch wurde de grinzen fan it werskynlike wol slim oprutsen. Mar ferteller noch haadpersoan lykje earne euvelmoed yn te hawwen. Wol argewaasje, want de baaigasten meie graach in sûpke en brûze dan mei de dronkene kont troch de túnkerij), mar gjin euvelmoed. Just oarsom, de haadpersoan betinkt, dat der yn syn jonge jierren (dus foar de oarloch!) ek in golfslachbad yn Doorwerth wie, mei weagen fan – hâld jo fêst – sân meter hichte! Dat bad jou ik it foardiel fan ’e twivel, mar hoe’n bak moat dêr net stien hawwe om sokke letterlik hûshege weagen yn ompolskje te litten?

Sjogge jo it foar jo, in boekesutelder yn otterdokse wurken, dy’t alle kearen ûnder de hage fan in roomsk tsjerkhôf trochkrûpt om by syn klant te kommen?

Wat Siebelink docht, is suggerearje. Dat wurdt yn in protte kritiken ek útsprutsen: de skriuwer hat in suggestive, ynholden, respektfolle styl. Hy beneamt de dingen net, hy tsjut se krekt eefkes oan. Mar soks kin allinnich, as men sekuer wit wat men oantsjut. Wit men dat net, dan ûntstiet der in suggestje dy’t suggerearret omdat men net beskriuwe kin, in suggestje fan in suggestje, sa’t by ús Aggie van der Meer ek wol foar de moade hat. Twa persoanen wikselje kriptyske omskriuwings út, en der is in suggestje fan djipgong. Mar giet it ek earne oer?

Siebelink docht dat net, of minder, yn syn dialogen, mar by de folop yn syn fertelling. Hy hat ferlet fan in jongeman dy’t brekt mei syn âlderlik hûs – eefkes swaaie mei de pinne, en hy sit oan ’e oare kant fan ’t lân. De jongeman moat in begjinne as ûndernimmer – en dêr is de goede fee mei in pongfol jild en plannen. Hy hoecht net iens te winskjen. De ûndernimmer moat eins wat yn ’e nederklits bedarje en de ferteller hat ferlet fan in patser – dêr is buorman Bolderbast, dy’t oan alle klisjees mear as foldocht. Dit is gjin fiksje mear, dit binne dekorstikken.

As men dat ien kear trochhat, sjocht men ek mei oare eagen nei de sabeare djipsinnige of fynfielende beskriuwing fan it leauwe fan de haadpersoan, en de fermiddens en de uterings dy’t dêrmei anneks binne. Op ’en nij soe ik sizze: hâld jo fêst!

Dat der op guon plakken thús oefene wurdt ynstee fan nei tsjerke te gean, is in feit. Mar dat by dy oefenings sa lûd út ’e preek lêzen wurdt, dat de buorlju der lêst fan hawwe fyn ik frijwat ûnearbiedich.

Want sjogge jo it foar jo, in boekesutelder yn otterdokse wurken, dy’t alle kearen ûnder de hage fan in roomsk tsjerkhôf trochkrûpt om by syn klant te kommen? En boeken dy’t gewoan yn ’e boekhannel te krijen binne, as seldsume kostberheden foar mear as twa tientsjes oan ’e klant optwingt? En as de frou him dêr in kear mei betrapet, dat sy dan ‘yn ’e gauwichheid’ in 600 boeken telt? Hoe telle jo safolle boeken ‘yn ’e gauwichheid’? Binne der safolle boeken gongber fan âlde skriuwers? It is bekend dat yn godstsjinstich swiere fermiddens yn ferhâlding noch mear fraude en bedragerij foarkomt as dêrbûten, mar safolle ûnnoazelheid moat men leau ’k skriuwer foar wêze.

Itselde jildt foar de húslike godstsjinstoefenings. Dat der op guon plakken thús oefene wurdt ynstee fan nei tsjerke te gean, is in feit. Mar dat by dy oefenings sa lûd út ’e preek lêzen wurdt, dat de buorlju der lêst fan hawwe (frijsteand hûs, fillawyk!) fyn ik frijwat ûnearbiedich.

En sa giet it my ek mei wat de hichtepunten (of djiptepunten) wêze moatte fan de godstsjinstige ûntjouwing fan Hans Sievez. Hy kriget in iepenbiering dy’t al frijwat knoffelich beskreaun wurdt. Mar dy iepenbiering moat dan hifke wurde yn in soarte fan tsjerketsjinst. Ik haw it oanbelangjende stik in pear kear lêzen, en kin der earlik sein gjin wiis út wurde. De foargonger âlet in pear kear Sievez ta: Hat hy wierliken Kristus sjoen? Dat die al gjin bliken út it fizioen sa’t dat beskreaun wurdt, en it wurdt ek net útsprutsen. Dochs wurdt nei it ferhoar konkludearre, dat de iepenbiering echt wie, mar no op in hiel oar kritearium, dat yn it ferhoar net neamd is: dat oere en tiid fan it fizioen sikuer neamd wurde kinne. Oaren hawwe der al op wiisd, dat de skriuwer hjir ferskate dingen trochinoar hellet, en dat sa’n ferhoar yn in tsjerketsjinst yn gjin inkeld fermidden, hoe swier ek, foarkomt. Al is it sa, dat dêr in iepenbiering fan genede yn it eigen moed en suver yntime petearen hifke wurdt. Mar dan giet it der net om dat men Kristus sjoen hat, mar dat men wierliken foar Gods rjochterstoel stien hat, en foar ’t folle ferstân hat dat men dêr gjin inkelde kâns makket op frijspraak sûnder Kristus syn tuskenkomst.

Yn dyselde fermiddens is it ek wenst om hiel hoeden mei it nachtmiel om te gean. Salang’t men noch gjin bysûndere ûnderfining hân hat lykas boppe beskreaun, moat men dat net weagje, want dan kin men der teminsten op oan dat it yn it hjirneimels net klear komt. Dat lykwols ek de foargongers net fan it nachtmiel nimme is ûnbesteanber. En like ûnbesteanber is it, dat de swiere bruorren dy’t har fan brea en wyn ûnthâlde, op in oar momint sûnder euvelmoed in Us Heit begjinne te bidden. Yn swiere rûnten jildt foar dat gebed itselde as it nachtmiel: dat is allinnich foar dy’t troch in bysûndere iepenbiering wis binne fan har behâld, en elk dy’t sûnder dy wissichheid itsij it brea, itsij Jezus syn gebed yn ’e mûle nimt, kin mar rekkenje op ’e hel.

Psalm 119 suggerearje, as der ek in echte Psalm 119 is, oertsjûget net.

En dan is der noch de ferneamde stjerbêdsêne, dy’t in protte oan skriemen ta rekke hat. Hans Sievez leit yn it lêste, en de swiere bruorren steane om him hinne te oefenjen en ferbiede it him om noch in wurd fan syn frou of bern te hearren. It soe syn sieleheil yn gefaar bringe kinne. Los fan it feit dat sa’n ‘téology’ nearne yn Nederlân bestiet, is it dochs net te begripen dat in frou en twa folwoeksen bern, dy’t alle trije net yn dy wipwap leauwe, soks gewurde litte soene.

As lêste punt, saakliker, mar meskien dêrom wol sprekkend: it boek bestiet út in tal parten, dy’t hieltiten foarôfgien wurde troch in strofe út ’e âlde beriming fan Psalm 119. Hast al dy strofen sit wol in flater yn: in gewoane, domme typflater, sels noch yn myn 28ste printinge. Mar dat jout wol presys oan wat Siebelink net docht: in besteande foarm fan godstsjinst beskriuwe. Hy wit net hoe’t dy wurket en hy hoecht dat blykber ek net te witten: hy hat oan de suggestje genôch. Mar Psalm 119 suggerearje, as der ek in echte Psalm 119 is, oertsjûget net.

Ik wol graach Siebelink syn driuw wurdearje om de ûnderfining fan in jonkje fan sân mei in (fierste) swiere foarm fan leauwe te beskriuwen. It súkses fan syn boek makket dúdlik, dat dêr slim ferlet fan is. Sa slim, dat minsken oan de meast ûnwerskynlike suggestje genôch hawwe. Godstsjinstich kin ik dat ferklearje en ek wol ynskikke. Mar literêr is it in minne saak.

 

Literatuer:

Jan Siebelink, Knielen op een bed violen, Amsterdam 2005

Lodewijk Dros en Nico Sjoer, Als een eenzame mus. Leven en volgelingen van ds. J.P. Paauwe. De man achter dominee Poort uit Knielen op een bed violen, Goudriaan 2005

Rob Schouten e.o., En had de liefde niet. Beschouwingen over Knielen op een bed violen, Amsterdam 2006

Fred Lieburg, Het punt des tijds. De ware wereld achter Knielen op een bed violen, Amsterdam 2008

Edwin Koster en Wessel Stoker (red.), Roman en religie. Bespiegelingen over godsdienst in ‘Knielen op een bed violen’

Comments
Ien reaksje oan “Fioelen as sirenen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.