Oprop advyskommisjelid Gysbert Japicxpriis 2025

Publisearre op 22 april 2024

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn de hjerst fan 2025. Yn 2025 wurdt de priis útrikt foar poëzij. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.

De feroardering, regleminten en fergoedingen oangeande de advyskommisje fan de provinsjale prizen, wêrûnder de Gysbert Japicxpriis, kinne jo fine op www.provincialeprijzen.frl.

Jo kinne jo belangstelling toane troch foar 06 maaie 2024 in e-mail te stjoeren nei: provincie@fryslan.frl. Wy freegje jo dêrby oan te jaan wat jo ûnderfining is mei poëzij en in koarte motivaasje. As jo fragen hawwe, kinne jo ek in e-mail stjoere nei provincie@fryslan.frl. Oer de beneaming kin net korrespondearre wurde.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels