fotografy: Saris en Den Engelsman

Many as ynspriaasjeboarne foar in jeugdfoarstelling

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn de gong fan in hûs, ik mien it wie yn Reduzum, trof teatermakker Tamara Schoppert ris twa pear opfallende skuon oan: reade, ynlein mei diamantsjes en griene mei goudene glitters. ‘De schoenen van mijn moeder’, sa skeat it troch har hinne. It soe samar de titel fan in boek wêze kinne of dy fan in teaterfoarstelling. Doe’t by Tryater besletten waard dat der yn 2016 in foarstelling foar in publyk fan acht jier en âlder op de planken brocht wurde sil, wist sy: ‘Ik wol in stik bringe dat dêr oer giet, oer de skuon fan ús mem.’ Yn de Sneak Preview, sa’t Tryater dy twa kear yn it jier hâldt, waard 26 maart in priuwke jûn fan it teatrale ûndersyk dêr’t sy, tegearre mei spiler Tijs Huys oan wurket. Beide hienen/ha bysûndere memmen.

Stiet yn de oankundiging noch de wurktitel ‘De schoenen van mijn moeder’, it stik hyt ûnderwilens Mama Gazoline. It dekôr is dat fan in eardere Tryaterproduksje en foar de mem, spile troch Aly Bruinsma, binne bistemaskers helle by de feestartikelenwinkel. Dy foldogge foarlopich, mar miskien komt it toch noch oars mei de klaaiing. Guon parten fan de foarstelling wurde spile, oare sênes wurde foarlêzen en út en troch komt Tamara Schoppert, dy’t it stik regisearret, it spylflak op om it ferhaal oan elkoar te praten of wat oer de ûntsteansskiednis derfan te fertellen. Dêrmei is it dúdlik work in progress, mar krekt om wat fan it proses te fernimmen is it fassinearjende fan sa’n preview.

 

De ideeën foar de foarstelling ûnstean út petearen tusken Tamara en Tijs oer harren memmen. ‘Ik bin net allinne dochter,’ sa ferdútst Tamara, ‘mar ek teatermakker.’

 

In jonge stiet yn de heechhakte skuon fan syn mem en sa besiket er der achter te kommen hoe’t sy har wrâld belibbet. Dat is gâns oars as gewoane memmen harren wrâld belibje: it is der ien fan utersten. Sa fertelt er hoe’t de mem, doe’t sy ris yn Frankryk wie, it wurd ‘gasoline’op in benzinepomp stean seach en sy it sa’n moaie namme fûn dat sy dy foar harsels keas: Mama Gazoline. Sa sprekt hy har ek oan, meast yn brieven, wol hûnderttûzen brieven, want sy is faak fan hûs. Dan wer sit sy yn Paris of, as sy in Nubiër troffen hat, yn Egypte dêr’t sy mei har Nubiër yn in piramide wennet. As de jonge in kear mei syn mem yn de trein sit, stapt sy op it ferkearde perron út en lûkt se him mei yn har hallusinearjende wanen dêr’t alles yn mooglik is en dy’t ek syn fantasij prikelje.

Op in dei krijt de jonge in pakje dêr’t in breidene trui yn sit. ‘Komt dat zien, komt dat zien, de jongen met de gebreide trui’, sa stiet er op de merke himsels, útsinnich, oan te priizgjen as kermisattraksje. Sa wurdt licht en leuk en fol humor brocht wat in wrange kant yn him hat: dizze mem, mei har streekte sebrajas oan en har bistemasker op, altyd wer in oarenien, ken har bern amper. Yn har belibbing is hy in lyts jonkje, mar de earms fan it mei folle leafde makke kleanstik komme net fierder as de earmtakken en de ûnderkant rikt de nâle net iens.

Der is de tsjoen fan de goed keazen muzyk, ûnder mear fan Meredith Monk, mar ek dy fan it ‘Paleis voor bijzondere mensen’ dêr’t de mem ferbliuwt en hy har opsiket. En bysûnder binne dy, want út de keamer neist harres klinkt razen en skreauwen op en dat wyls der hielendal neat en nimmen is om lilk op te wêzen.

De ideeën foar de foarstelling ûnstean út petearen tusken Tamara en Tijs oer harren memmen. Dy fan Tamara wie manysk-depressyf en wat ien yn in manyske fase, soms útrinnend op in psychoase mei wanen en hallusinaasjes, sa al docht en meimakket is ék in fantastyske boarne fan ynspiraasje. ‘Ik bin net allinne dochter,’ sa ferdútst Tamara, ‘mar ek teatermakker.’ En der binne mominten dat Aly Bruinsma as de mem har masker ôfleit, bysûndere mominten: dan is der de gewoane frou, de gewoane mem. ‘De ein fan it stik is der noch net,’ sa beslút Tamara de preview, ‘mar miskien moarn wol.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.