Wolkom yn it Doarp?

Publisearre op 15 oktober 2018

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn de âlde masinefabryk fan Sluis, yn Drachten, gie freed 12 oktober de reizgjende lokaasjefoarstelling Doarp Europa fan Tryater yn premjêre. Mei Doarp Europa ûndersiket it selskip, tegearre mei it publyk, sa seit de oankundiging, ‘de myte fan it plattelân’. Dat kin in Frysk doarp wêze, mar likegoed in doarp earne oars yn Europa. Nettsjinsteande de prachtige lokaasje, fraaie dekôrstikken, goede spilers, muzyk en dûns wit de foarstelling net oardel oere oanien te boeien.

 

De foarstelling moat op gong komme en bliuwt wat in oanienskeakeling fan op himsels moaie sênes, dy’t as gehiel dochs oerkomme as los sân.

It doarp, de omkriten dêr’tst hikke en tein bist, oftst der no in libbenlang bliuwst, fuortgiest of weromkomst, dat plak sit yn dy, bepaalt, mei al wat it foar en tsjin hat, dyn identiteit. Tusken wite skaalmodellen fan in tsjerke en huzen dy’t it fenomeen doarp ferbyldzje, neame de spilers om beurten de kwaliteiten fan har doarp op: wat makket datst dy der al as net thúsfielst, de bewenners, it mienskipsgefoel, mar gauris ek de ôfwar tsjin it ûnbekende. It makket net út wêr yn Europa dat doarp leit, yn Poalen, it lân dêr’t spiler en dûnseres Sonia Zwolska weikomt, Italië, dêr’t muzikus Beppe Costa syn ‘woartels’ lizzen hat, it Dútslân fan Klaus Jürgens: as it om it libben op it plattelân giet, binne der hiel wat skaaimerken dêr’t oerienkomsten lizze.

It om beurten opneamen fan wat it doarp betsjut lûkt my net daliks de foarstelling yn. Der is in reade tried en dat is it ferhaal fan de jonge frou Europa (Eva Meijering) dy’t, swier fan Zeus, op syk giet nei in doarp dêr’t sy har bern krije wol. Sy giet fan it iene nei it oar doarp – de maketten wurde ferpleatst – om op tal fan plakken foar de winige doar te kommen. Yn dy sin is der in ferhaalline en in plot – want as Europa, oan de ein fan it stik op it punt fan befallen stiet, is der help.

In fraaie fynst bygelyks is hoe’t, as Europa har teloarsteld fan ien fan de doarpen ôfkeart, de huzen har nijsgjirrich en erchtinkend achternei sjogge. Prachtich is Aly Bruinsma as âld-arbeider. In boppeslach is dat de alsidige muzikant, sjonger en akteur Beppe Costa meidocht. Der is de balletdûns fan Sonia Zwolska, it folksdûnsjen fan meardere spilers, de weemoed fan de lieten, der is de aktualiteit as it giet om de krimp fan it plattelân – Beppe Costa biedt syn hûs te keap oan foar in leech pryske – it ferset tsjin migranten en it alles bepalende karakter fan de EU, de Uny dy’t tagelyk ek frede en kânsen brocht. Hilarysk is de sêne dêr’t in boerejonge yn petear rekket mei de Poalse, oft dy wêryn’t Klaus Jürgens toarst hat en de iene nei de oare blommejitter leechdrinke sil, wat útrint op in wetterballet.

Sa is der folle mear noch te neamen, it sit der allegear yn. Tagelyk is it sa, dat de foarstelling op gong komme moat en it wat in oanienskeakeling bliuwt fan op himsels moaie sênes dy’t as gehiel dochs oerkomme as los sân, sûnder (my) werklik te reitsjen of te fernuverjen.

Earder dit jier brocht Tryater yn in leechsteand winkelpân Wereldburgers van de Voorstreek, likegoed in oanienskeakeling fan troch elkoar hinne rinnende ferhalen fan de bewenners en ûndernimmers, autochtoan en allochtoan fan dy strjitte. Wat makket dat dy foarstelling fan begjin oant ein boeiend wie en Doarp Europa (my) net werklik meinimme kin? Is de fabryskhal en dêrmei it spylflak miskien te grut? Soe der yn knipt wurde moatte? Of ha der dit jier yn ús provinsje al tefolle stikken te sjen west dy’t reitsje oan ûnderwerpen as globalisearring, migraasje en identiteit? (Tink ek oan Lost in the Greenhouse, in ko-produksje fan Orkater en De Lawei.)

En is de werklikheid, sa’t yn de wike fan it proses tsjin de ‘blokkearfriezen’ mei alle betiden knap stigmatisearjende reaksjes mar werris bliken docht, net folle falsker en wreder as dy fan it teäter? Yn alle trije stikken sit in boadskip, wurdt it publyk in spegel foarholden. Wat is de oar syn ferhaal? Is de oar wol sa oars as dy? Yn ferskate doarpen yn Europa is de jonge frou dêr’t it wrâlddiel har namme oan ûntliende nét wolkom. En dat ropt dan wer de fraach op oft Tryater wol it publyk berikt dat it selskip berikke wol.

Doarp Europa wurdt spile op tal fan bedriuwslokaasjes en dêrneist binne der húskeamerfoarstellingen, brocht troch in lytse cast fan trije spilers. Foar ynfo sjoch tryater.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]